Wynmotor Weidum 2: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
+ plaatsje
Molen17 (oerlis | bydragen)
wikidata
Rigel 18: Rigel 18:
[[Kategory:Mole yn Fryslân]]
[[Kategory:Mole yn Fryslân]]
[[kategory:Weidum]]
[[kategory:Weidum]]

[[nl:Windmotor Weidum 2]]

De ferzje fan 11 mrt 2013 om 17.08

De Wynmotor Weidum 2 yn 2009

De Wynmotor Weidum 2 is in poldermole yn it doarp Weidum, yn de gemeente Littenseradiel.

De mole is in seisblêdige Amerikaanske wynmotor fan it type Record-8, dy't boud waard troch de firma Bakker yn Drylts. It is it ienichste oerbleaune eksimplaar fan dit type yn Nederlân. De mole stiet oan de súdrâne fan Weidum oan de Hegedyk. Hy waard boud foar de bemealing fan in stik lân fan 1,5 ha, dat ûntstie neidat oan de ein fan de njoggentjinde ieu de terp fan de Borniastate ôfgroeven wie. Omdat de mole net mear funksjonearre, tocht de partikuliere eigener der oer om him te slopen. De gemeente Littenseradiel naam dêrom it inisjatyf foar in restauraasjeplan, wêrby't ek It Pleatselik Nut út Weidum belutsen waard. De bedoeling wie dat de mole in monumintesttatus krije soe. Hoe't it mei dizze plannen stiet wie anno 2008 net bekend.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: