Abe Lenstra Stadion: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 37: Rigel 37:


== Utwreidings ==
== Utwreidings ==
It Abe Lenstra Stadion hat yn har koarte skiednis al in stikmannich ferbouwings hân. De earste ferbouwing fûn einliks al by de bou plak troch it ticht meitsjen fan de hoeken. Yn [[1996]], [[1997]] en [[2000]] fûnen der ferbouwing plak om de kommersjele romtes grutter te meitsjen.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref> Hjirtroch naam ik tal plakken ta oant likernôch 14.300 yn [[2001]].<ref>Voetbal International (2001). ''Voetbal International, seizoengids 2001/2002''. Weekbladpers Tijdschriften, Amsterdam</ref> By dizze ferbouwing waarden de haadtribune en it gebou foar it stadion útwreide. Njonken it ekstra tal skyboksen koe ek de KNVB-Noard, in ôfdieling fan de KNVB dy't it amateurfuotbal yn it distrikt Noard regelet, har haadkantoar hjir fêstigje. Nij de ferbouwing fan 1997 wie der ek romte foar de Pronkkeamer, it museum fan SK It Hearrenfean.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref>
It Abe Lenstra Stadion hat yn har koarte skiednis al in stikmannich ferbouwings hân. De earste ferbouwing fûn einliks al by de bou plak troch it ticht meitsjen fan de hoeken. Yn [[1996]], [[1997]] en [[2000]] fûnen der ferbouwing plak om de kommersjele romtes grutter te meitsjen.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref> Hjirtroch naam ik tal plakken ta oant likernôch 14.300 yn [[2001]].<ref>Voetbal International (2001). ''Voetbal International, seizoengids 2001/2002''. Weekbladpers Tijdschriften, Amsterdam</ref> By de ferbouwing fan 1996 waarden de haadtribune en it gebou foar it stadion útwreide. Njonken it ekstra tal skyboksen koe ek de KNVB-Noard, in ôfdieling fan de KNVB dy't it amateurfuotbal yn it distrikt Noard regelet, har haadkantoar hjir fêstigje.<ref>Albert van Keimpema (1995) – ''Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995''. Utjouwerij Banda. Side 10</ref> Nij de ferbouwing fan 1997 wie der ek romte foar de Pronkkeamer, it museum fan SK It Hearrenfean.<ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/club/abe-lenstra-stadion/informatie/uitbreiding-stadion Uitbreidingen stadion], sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)</ref>


Yn [[2002]] waad begûn mei de bou fan it projekt Sportstêd It Hearrenfean. Hjirmei waard de kapasiteit fan it stadion ferdûbele fan 14.500 sitplakken nei in totaal fan 26.800 plakken, wêrfan 1.000 steanplakken.
Yn [[2002]] waad begûn mei de bou fan it projekt Sportstêd It Hearrenfean. Hjirmei waard de kapasiteit fan it stadion ferdûbele fan 14.500 sitplakken nei in totaal fan 26.800 plakken, wêrfan 1.000 steanplakken.

De ferzje fan 11 mrt 2013 om 12.22

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Abe Lenstra Stadion
  stadion
Eastside fan it stadion
Eastside fan it stadion
lokaasje
plak It Hearrenfean
koördinaten 52° 57' NB 5° 56' EL
algemiene ynformaasje
kapasiteit 26.100[1]
eigner SK It Hearrenfean (diels)
bou
boubegjin 1 oktober 1993
iepening 20 augustus 1994
boukosten ƒ22.000.000 (1993)[2]
De earste stien foar it stadion waard op 14 maart 1994 lein troch foarsitter Riemer van der Velde.

It Abe Lenstra stadion is in fuotbalstadion op It Hearrenfean, it is neamd nei âld-fuotballer Abe Lenstra. It stadion wurdt meast brûkt troch de profesjonele fuotbalklub SK It Hearrenfean. It stadion stiet oan de eastkant fan It Hearrenfean oan de Rykswei 32, op likernôch fyftjin minuten rinne fan it Stasjon It Hearrenfean en fiif minuten rinne fan it sintrum. It kompleks hat rom 26.100 sitplakken en is in ûnderdiel fan Sportstêd It Hearrenfean.[3]

Bou

Yn 1990 ûntstienen op It Hearrenfean de earste plannen foar in nij te bouwen fuotbalstadion doe't de gemeente mei plannen kaam om op it plak fan Sportpark Noard in psychiatrysk sikehûs te bouwen.[4] Dy plannen kamen SK It Hearrenfean net ferkeard út. Troch de groei fan de klup fan begjin jierren tachtich ôf op kommersjeel flak, mar ek troch it stiigjende tal besikers, wie de need foar it renovearjen en ferbouwen fan it sportpark heultiid grutter wurden.[5]

Twa jier letter leinen de earste plannen al op tafel. Oan de eastkante fan de Rykswei 32 (sûnt 2000, doe't de dyk fjouwerbaans waard leit it stadion oan de westkante fan de Rykswei) moast it nije stadion komme.[6] It plan fan de arsjitekten, dy't ideeën opdien hienen yn it honkbalstadion fan de New York Yankees, bestie út in stadion mei fjouwer losse tribunes, dus mei iepen hoeken.[7][8]. By de gearkomste fan de gemeenterie op 6 april 1993 wie it dan safier, de rie fan It Hearrenfean stimde yn mei it nij te bouwen stadion, dat yn totaal 13.800 plakken te ferjaan krige.[9] Op 1 oktober fan dat selde jier gie de earste peal de grûn yn.[10]

Noch tidens de bou waarden de plannen foar it stadion alwer oanpast. Guon minsken fûnen dat ek de hoeken tichboud wurde moasten. De klup sels hie de sinten hjir net foar, dat in groep sakelju, besteande út Riemer van der Velde, Lippe Lap, Klaas Oenema en Klaas de Leeuw, soarge derfoar dat de sinten, 2,4 miljoen gûne (likernôch 1 miljoen euro) yn totaal, der kamen.[11][12] Mei dizze sinten kamen de totale kosten foar it stadion op rom 22 miljoen gûne (likernôch 10 miljoen euro).[13] Dit jild kaam ûnder oare byelkoar troch de ferkeap fan de grûn fan Sportpark Noard foar 4 miljoen gûne, 3 miljoen fan de gemeente, 4 miljoen fan bedriuwen en partikulieren en de klup sels betelle 3 miljoen gûne mei.[14]

Op 1 oktober 1993 waard de earste peal slein troch Jos Staatsen, doedestiids foarsitter fan de KNVB, en op 14 maart 1994 waard de earste stien lein troch foarsitter fan SK It Hearrenfean, Riemer van der Velde.[15] Troch de treflike organisaasje fan de bou koe it stadion al op 15 july yn plak fan 1 oktober oplevere wurde troch boubedriuw Van Wijnen.[16]

Iepening

De iepeningswedstriid hie op 22 augustus 1994 plak tsjin PSV út Eindhoven. It wie de earste wedstriid fan Ronaldo op Europeeske boaiem.[17] Foar de oefenwedstriid, dy't yn 0-0 einigje soe, ferjocht de doedestiids noch Prins Willem-Alexander de ôftraap. As tank waard de prins in pear klompen en in flesse Bearenburch oanbean.[18]

By de iepening fan it nije fuotbalstadion fan SK It Hearrenfean waard ek it stânbyld fan Abe Lenstra troch syn frau Hill Lenstra en dochters Metteke en Janneke ûntbleate. It stânbyld waard troch haadsponsor Batavus oanbean.[19]

De earste offisjele wedstriid wie op 26 augustus 1994 tsjin FK Grins. Tom Sier, ferdigener by It Hearrenfean, hie de ear om it earste doelpunt te setten yn it nije stadion.[20] De wedstriid waard úteinlik mei 2-0 wûn troch It Hearrenfean, de oare doelpuntemakker wie Erik Regtop.[21]

Utwreidings

It Abe Lenstra Stadion hat yn har koarte skiednis al in stikmannich ferbouwings hân. De earste ferbouwing fûn einliks al by de bou plak troch it ticht meitsjen fan de hoeken. Yn 1996, 1997 en 2000 fûnen der ferbouwing plak om de kommersjele romtes grutter te meitsjen.[22] Hjirtroch naam ik tal plakken ta oant likernôch 14.300 yn 2001.[23] By de ferbouwing fan 1996 waarden de haadtribune en it gebou foar it stadion útwreide. Njonken it ekstra tal skyboksen koe ek de KNVB-Noard, in ôfdieling fan de KNVB dy't it amateurfuotbal yn it distrikt Noard regelet, har haadkantoar hjir fêstigje.[24] Nij de ferbouwing fan 1997 wie der ek romte foar de Pronkkeamer, it museum fan SK It Hearrenfean.[25]

Yn 2002 waad begûn mei de bou fan it projekt Sportstêd It Hearrenfean. Hjirmei waard de kapasiteit fan it stadion ferdûbele fan 14.500 sitplakken nei in totaal fan 26.800 plakken, wêrfan 1.000 steanplakken.

Op 8 novimber 2007 sette SK It Hearrenfean in artikel op harren webstee oer it mooglik noch fierder útwreidzjen fan it stadion. Dit yn it ramt fan it WK fuotbal yn 2018 dat mooglik yn Nederlân en Belgje hâlden wurdt. De KNVB hat de Sportklub en de gemeente Hearrenfean al frege hoe't dizze partijen tsjinoer dizze plannen stean. Mocht dit allegear trochgean dan wurdt it stadion noch fierder útwreide nei likernôch 40.000 oant 45.000 sitplakken.

Op 30 july 2009 waard bekend dat de fuotbalklup it stadion fierder útwreide woe mei 6.000 plakken. Dit moast barde oan de westkante fan it stadion. Al yn it foarjier fan 2010 soe de ferbou begjinne kinne.[26] Begjin 2010 wie de gemeente It Hearrenfean al útein setten mei de prosedures foar de útbou,[27] mar op 28 oktober 2010 makke SK It Hearrenfean op harren eigen hiemside bekend dat ferbou fan it stadion útsteld is. Neffens de klup is dizze kar makke fanwegen de hjoeddeiske ekonomyske sitewaasje, de swierrichheden yn it Nederlânske betelle fuotbal en de finansjele sitewaasje fan de klup sels.[28]

Yn april 2012 waard dúdlik dat de direksje mear útwreide woe. Yn de simmer fan dat jier kamen der sa'n 1000 sitplakken by.

Eveneminten

Yn de rin fan de tiid is it Abe Lenstra Stadion net allinnich brûkt troch SK It Hearrenfean. Sa waard yn 1995 yn it ramt fan it Frysk Festival it tonielstik Abe! troch Tryater opfiert yn it stadion.[29] Yn it tonielstik waard ûnder oare de legendaryske wedstriid tusken SK It Hearrenfean en Ajax fan 7 maaie 1950 neispiele.[30] Yn dizze wedstriid stie It Hearrenfean nei in oere mei 1-5 efter, mar wisten hja dochs noch mei 6-5 te winnen.[31] De rol fan de jonge Abe waard spile troch Ronnie Pander, dy't yn dy tiid by de jongerein fan It Hearrenfean spile.[32]

Op 6 juny 1997 hâld popgroep De Kast in konsert yn it stadion. Likernôch 12.000 minsken wienen by it barren oanwêzich.[33]

Yn 2007 waard it stadion brûkt foar it EK foar spilers ûnder de 21 jier en guon kwalifikaasjewedstriden dêrfan. Yn ûndersteande tabel steane de wedstriden wêryn it Abe Lenstra stadion foar dit evenemint brûkt waard:

Datum Lannen Einstân Wedstriidtype Jier
7 septimber 2004 Jong Oranje - Jong Tsjechje 0-0 kwalifikaasje omgong EK ûnder 21 2006
15 novimber 2005 Jong Oranje - Jong Sloveenje 2-0 play off omgong EK ûnder 21 jaar 2006
10 juny 2007 Jong Oranje - Jong Israël 1-0 EK ûnder 21 2007
13 juny 2007 Jong Belgje - Jong Israël 1-0 EK ûnder 21 2007
16 juny 2007 Jong Belgje - Jong Oranje 2-2 EK ûnder 21 2007
20 juny 2007 Jong Oranje - Jong Ingelân 1-1 (winst oranje nei strafskoppen) EK ûnder 21 2007

Op 18 novimber 2009 waard der foar de earste kear en oant no ta ienige kear in ynterlân spile fan it Nederlânsk alvetal yn it Abe Lenstra Stadion.[34] It wie de wedstriid tusken Nederlân en Paraguay, de wedstriid einige yn 0-0,[35] der wienen 25.000 minsken oanwêzig.[36] It hat net de earste kear west dat der in ynterlân spile waard op It Hearrenfean. Op 4 septimber 1985, twa dagen nei de dea fan Abe Lenstra, spile Oranje op Sportpark Noard tsjin Bulgarije, doe waard it 1-0 foar Nederlân.[37]

It Abe Lenstra stadion wie ien fan de nominearre stadions wêr't wedstriden foar it Wrâldkampioenskip Fuotbal fan 2018 yn Nederlân en Belgje spile wurde soenen as it evenemint yn dizze lannen spile waard.[38] It stadion soe dan yn 2017 útwreide wurde nei in kapisiteit fan 42.450 sitplakken.[39] Mar op 2 desimber 2010 waard bekend dat it evenemint net yn Nederlân en Belgje, mar yn Ruslân spile wurde sil.

Panorama stadion

Abe Lenstra Stadion fan tribune Súd ôf

Fasiliteiten

Ûnder de easttribune fan it stadion is Fryslân Fean Plaza fêstige. Dit is de supportersromte fan Sportklup It Hearrenfean en is likernôch 1.500 kante meter grut.[40] Yn dizze romte kin de oanhing foar as nei wedstriden fan It Hearrenfean gearkomme. Ek kinne hjir feestlike en saaklike gearkomsten hâlden wurde.

It Fryslân Fean Plaza is oanklaait mei ferskate skaaimerken út de Fryske kultuer. Tocht kin wurde oan it skûtsje, de Snitser wetterpoarte en in kop-hals-romppleats.[41]

Oan de westkante fan it Abe Lenstrastadion binne de Feansjop en de Pronkkeamer fêstige. Yn de Feansjop wurde fanartikels ferkocht. Tocht moat wurde oan T-sjirts, sjalen, mûtsen, ensfh. De Pronkkeamer is it museum fan SK It Hearrenfean.[42] Hjir is ûnder oare de KNVB-beker dy’t yn 2009 wûn waard te besjen en binne de fuotbalskuon fan Abe Lenstra te pronk setten.

It Abe Lenstra biedet ferskate mooglikheden foar bedriuwen en partikulieren om gearkomsten te hâlden. Dit kin yn de gearkomsteromten yn it stadion. Yn de Amstel Lounge is it mooglik in feest te organisearen. Ek is it stadion in offisjele troulokaasje, wêrtroch it mooglik is om op it fjild fan de Sportklup yn te boaskjen.[43]

Yn it stadion sit ek it restaurant 'De Ambiance' fêstige.[44]

Gallery

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Abe Lenstra Stadion, sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)
  2. Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 11
  3. Abe Lenstra Stadion, sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)
  4. Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 10
  5. Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 10
  6. Bouw en opening Abe Lenstra stadion, sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)
  7. Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 12
  8. Bouw en opening Abe Lenstra stadion, sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)
  9. Bouw en opening Abe Lenstra stadion, sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)
  10. Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 10
  11. Bouw en opening Abe Lenstra stadion, sc-heerenveen.nl (sjoen op 7 maart 2013)
  12. Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 11
  13. Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 11
  14. Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 11
  15. Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 11
  16. Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 12
  17. Oud PSV'er Ronaldo stopt per direct, DeOndernemer.nl (sjoen op 8 maart 2013)
  18. Abe Lenstra Stadion, Feanfans.nl (sjoen op 9 maart 2013)
  19. Bouw en opening, sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)
  20. Tom Sier, Feanonline.nl (sjoen op 9 maart 2013)
  21. sc Heerenveen - FC Groningen, VI.nl (sjoen op 9 maart 2013)
  22. Uitbreidingen stadion, sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)
  23. Voetbal International (2001). Voetbal International, seizoengids 2001/2002. Weekbladpers Tijdschriften, Amsterdam
  24. Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 10
  25. Uitbreidingen stadion, sc-heerenveen.nl (7 maart 2013)
  26. Heerenveen wil Abe Lenstra Stadion uitbreiden, Nu.nl (sjoen op 8 novimber 2010)
  27. Gemeente start procedures uitbreidings Abe Lenstra stadion, HeerenveenseCourant.nl (sjoen op 8 novimber 2010)
  28. Voorlopig geen uitbreiding Abe Lenstra stadion, sc-Heerenveen.nl (sjoen op 8 novimber 2010)
  29. Voetballegende Abe Lenstra als theaterspektakel in een stadion, Trouw.nl (sjoen op 9 maart 2013)
  30. Voetballegende Abe Lenstra als theaterspektakel in een stadion, Trouw.nl (sjoen op 9 maart 2013)
  31. vv Heerenveen - Ajax 6-5, Feantastisch.nl (sjoen op 9 maart 2013)
  32. De 'nieuwe' Abe Lenstra moet nog flink oefenen, Trouw.nl (sjoen op 9 maart 2013)
  33. Biografie, DeKast.nl (sjoen op 9 maart 2013)
  34. Interlands Nederland Elftal in het Abe Lenstra stadion, Voetbalstats.nl (sjoen op 6 maart 2013)
  35. Interlands Nederlands Elftal in Abe Lenstra Stadion, Voetbalstats.nl (sjoen op 8 novimber 2010)
  36. Nederland - Paraguay (18-11-2009) VI.nl (sjoen op 6 maart 2013)
  37. Oranje ontvangt Paraguay in Abe Lenstra stadion, VI.nl (sjoen op 6 maart 2013)
  38. Stadions, TheHollandBelgium Bid (sjoen op 27 novimber 2010)
  39. Stadions, TheHollandBelgium Bid (sjoen op 27 novimber 2010)
  40. Faciliteiten Stadion, sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)
  41. Faciliteiten Stadion, sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)
  42. Feansjop, sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)
  43. Faciliteiten Stadion, sc-heerenveen.nl (sjoen op 6 maart 2013)
  44. Restaurant, AbeLenstraStadion.nl (sjoen op 9 maart 2013)

Keppeling om utens