Skipio Afrikanus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: ms:Scipio Africanus; tekstwiziging
Makecat-bot (oerlis | bydragen)
Rigel 50: Rigel 50:
[[it:Publio Cornelio Scipione]]
[[it:Publio Cornelio Scipione]]
[[ja:スキピオ・アフリカヌス]]
[[ja:スキピオ・アフリカヌス]]
[[ka:სციპიონ აფრიკელი (უფროსი)]]
[[ko:스키피오 아프리카누스]]
[[ko:스키피오 아프리카누스]]
[[la:Publius Cornelius Scipio Africanus]]
[[la:Publius Cornelius Scipio Africanus]]

De ferzje fan 5 mrt 2013 om 18.38

Ofbyld:Scipio Africanus the Elder.png
Publius Cornelius Scipio Africanus maior

Skipio Afrikanus, yn it Latyn Publius Cornelius Scipio Africanus (236 f. Kr. - 183 f. Kr.) wie in Romeinske generaal en politikus dy't yn de Twadde Punyske Oarloch al op jonge jierren yn Spanje kriich fierde en úteinlik Hannibal yn Afrika fersloech. Hy beklaaide in rige wichtige amtlike funksjes, mar koe him yn de polityk net hanthavenje en moast him ûnder druk fan figueren as Kato weromlûke út it politike libben. Hy is foaral ferneamd as militêr sjeny (nea waard er ferslein yn in fjildslach) en de oerwinning op Hannibal makke him ta ien fan grutste fjildhearen út de skiednis.

Libben

Skipio waard berne yn in foarnaam Romeinsk laach dat in wichtige rol spile yn de Romeinske polityk. Hy wie de soan fan Publius Kornelius Skipio I. Yn de kriich yn Illyrje hienen de Skipioanes in soad macht krigen en yn 218 f. Kr. waard de heit fan Skipio oanwiisd om de ynvaazje fan Hannibal Barkas ta stean te bringen.

De jonge Skipio, dy't ûnder syn heit tsjinne yn it Romeinske leger, ûnderskiede him al op jonge leeftyd by militêre aksjes. Yn 212 f. Kr. waard hy tegearre mei syn broer Lusius op amperoan fiifentweintichjierrige leeftyd ferkeazen as curule aedile, in hege publike funksje. It jier dêrnei lieden de Romeinen in grutte nederlaach yn de Slach by de Boppe-Baetis, Hispania, tsjin de broer fan Hannibal Hasdrubal Barkas. Yn dy slach waarden de heit fan Skipio en syn omke ferslein en deade. Al hiel gau like de oarloch yn Hispania in ferlerne saak. Doe't nimmen fan de âldere generaals harren frijwillich dêrnei ta sette woene, stelde Skipio himsels kandidaat.

Spanje

Undanks it feit dat hy gjin magistraat wie en noch net praetor of konsul west hie, krige hy de prokonsulêre foegen mei deselde macht as in konsul, ek op militêr gebiet. Mei in leger fan amper tsientûzen ynfanteristen en inkele tûzenen ruters gong hy fan board yn 210 f. Kr. tichtby by it Kataloanyske Ampurias, wylst de Kartagers it lân besuden de rivier de Ebro sawat alhiel yn hannen hiene. Syn eardere ûnderfinings út de slaggen tsjin Hannibal hienen Skipio op nije ideeën brocht dy't er trochfierde yn it leger. De kohort as legerûnderdiel waard troch him yntrodusearre om de befelstruktuer te ferbetterjen en de bewapening fan syn ynfanteristen mei de koarte gladius. Ek sluet Skipio bûnskippen mei omhinne wenjende folken en joech opdracht ta it ferkennen fan de Kartaachske gebieten. Sa kaam hy derefter dat de Kartagers trije legers hienen dy't net goed gearwurken en gauris spul hienen, en dat Kartago Nova (it tsjintwurdige Kartagena) bewekke waard troch in lyts legerke fan mar tûzen man. Fan Tarrako ôf, tsjintwurdich de Kataloanyske stêd Tarragona, set hy him yn 209 f. Kr. súdwerts nei Karthago Nova dêr't er him troch de maritime float yn stypje liet en belegere de stêd. Omdat de baai by de stêd by eb sawat alhiel droech foel, koe hy de Kartagers oer lân oanfalle en de stêd ynnimme. Dizze oerwinning wie de omslach yn de Punyske oarloch. Yn in twatal slaggen dêrnei by de slach by Baekula en de slach by Ilipa beiden yn Spanje hakt er de Kartagers yn de panne en ferjage harren foarfêst fan it Ibearyske skiereilân. By Ilipa die bliken dat Skipio op taktysk flak Hannibal benei komd wie troch it tapassen fan in foarút-fariant fan Hannibal syn klassyk wurden dûbele tangebeweging yn de Slach by Kannae.

Afrika

It protte fan de Romeinske senatoaren en oare hegerein hienen muoite mei de súksessen fan Skipio en besochten syn macht te beheinen. Sy koenen lykwols net foarkomme dat Skipio tastimming krige om Afrika it wengebiet fan de Kartagers oan te fallen. Yn 203 f. Kr. fersloech er tegearre mei de pro-Romeinske Numidyske lieder Massinissa yn de Slach by de Bagradas Kartaagse en Numidyske troepen ûnder befel fan Hasdrubal Gisko. Massinissa koe dêrop kening fan de Numydjers wurde dy't oant dan ta hieltyd bûnsmaten west hienen fan de Kartagers en yn ferskate fjildtochten fan Hannibal meidien hienen. De regearing fan Kartago waard ferfolgens twongen ta ûnderhannelings en Hannibal moast syn troepen út Itaalje wei helje om in nederlaach tsjin de Romeinen te foarkommen. De kriich yn Afrika gong fierder en resultearre yn in treffen tusken de legers fan Romeinen en Kartagers by Zema Regia tichtby Kartago, dêr't Skipio in ein makke oan de Twadde Punyske Oarloch troch Hannibal te ferslaan. Hy helle de oerwinning troch syn elitetroepen, taktyske fernimstigens en de sterke Numidyske ruters fan Massinissa. It jier dêrop tekene Kartago in troch Rome oplein fredesferdrach dat de ein betsjutte soe fan Kartago as serieuze rivaal fan Rome. Fan de Senaat krige Skipio de earenamme Afrikanus as earebetoan foar syn oerwinning yn Afrika.

Syn fierdere wurkpaad

Yn 199 f. Kr. waard Skipio as 'censor' en 'princeps senatus' keazen, yn 194 f. Kr. wie hy konsul. Skipio warskôge de Romeinen foar it gefaar fan de Hellenistyske steaten yn it easten. Hy wie legaat yn de kriich tsjin Antiochus III, kening fan de Seleusiden. By de Slach by Magnesia (189 f. Kr.) fersloech hy tegearre mei syn broer Lusius Antiochus III.

Pensjoen en ferstjerren

Marcus Porcius Cato ‘de Censor’ wie tsjinstanner fan de 'Scipiones' en sette útein mei Lusius en Publius yn 185 f. Kr. te beskuldigjen fan korrupsje. Skipio waard net feroardiele, mar yntusken wie dúdlik wurden dat syn rol yn de polityk útspile wie. Hy luts him tebek op syn pleats yn Liternium, dêr't hy yn 183 f. Kr. op 53-jierrige leeftyd ferstoar, mooglik oan in sykte.

Neiteam

Sipio Afrikanus wie boaske mei Aemilia, de dochter fan Lusius Aemilius Paullus (de konsul fan Cannae). Syn dochter Kornelia soe de mem wurde fan Tiberius Sempronius Grakkus, waans herfoarmingen op it mêd fan lânferdieling einige yn it earste politike geweld fan Rome en syn dea ta gefolch hie. Syn soan, Publius neamd, soe letter de soan fan Lusius Aemilius Paulus Masedonikus adoptearre, mei de namme Publius Kornelius Skipio Aemilianus Afrikanus minor.