Perzyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: oc:Empèri Pèrsa
L r2.7.3) (Bot - derby: en:History of Iran - oars: tl:Imperyong Akemenida
Rigel 28: Rigel 28:
[[de:Perserreich]]
[[de:Perserreich]]
[[el:Περσία]]
[[el:Περσία]]
[[en:History of Iran]]
[[eo:Persa Imperio]]
[[eo:Persa Imperio]]
[[es:Persia]]
[[es:Persia]]
Rigel 66: Rigel 67:
[[sv:Persiska riket]]
[[sv:Persiska riket]]
[[ta:பாரசீகப் பேரரசு]]
[[ta:பாரசீகப் பேரரசு]]
[[tl:Imperyong Persiyano]]
[[tl:Imperyong Akemenida]]
[[uk:Персія]]
[[uk:Персія]]
[[vi:Đế quốc Ba Tư]]
[[vi:Đế quốc Ba Tư]]

De ferzje fan 5 mrt 2013 om 15.08

It Perzyske Ryk yn 490 f. Kr.

It Perzyske Ryk is de namme dy't brûkt wurdt foar it tiidrek tusken 559 f. Kr. en 651 n. Kr. dat it tsjintwurdige Iran regearre waard troch in tal dynastyën. It begûn mei de stifting fan it keninkryk Perzje yn 559 f. Kr. troch kening Syrus de Grutte, de earste fan de Achaemeniden dy't de ferdielde keninkriken by inoar brocht. De ein fan it Perzyske Ryk kaam ûnder it regear fan de Sassaniden dy't yn 651 troch de Islamiten ferslein waarden.

It ûntstean fan it Ryk

Om 559 f. Kr. ferienige Syrus de Grutte de yn dy tiid ferdielde keninkriken fan de Perzen en Meden. Hy makke in ein oan it wichtige Middenryk dat troch syn pake Astyages regearre waard. Sius neamde himsels shah en gong fierder my syn oermasterings. Hy oermastere Lydyë yn Lyts-Aazje en brocht syn manlju nei Sintraal-Aazje. De âlde stêd Babylon foel yn syn hannen en dêrtroch neamde se him in oermasterder fan goede wil. Hy stelde in ferneamd hânfest op dêr't er yn taseit om Babylon net te terrorisearjen of har ynstellings en kultuer te ferneatigjen.

De soan fan Sirus, Kambyses II, foege troch oermasterings Egypte ta oan it Perzyske ryk. It Ryk soe har grutste útwreiding berikke ûnder Darius I. Dy liede syn legers de fallei fan de rivier de Indus yn en nei Jeropa ta. Yn Grikelân waard syn ynvaasje hoholden nei't er de ferneamde Slach by Marathon ferlear. In soan fan Darius, Kserkses soe it letter op 'e nij besykje, mar ferlear allyksa tsjin de Griken, yn de Slach by Salamis yn 480 f. Kr..

Doedestiids wie it Perzyske ryk fan Agaemeniden it grutste en krêftichste ymperium oant dan ta. Wat foaral wichtich wie, it ryk waard goed laat en wie tûk organisearre. Under Darius waard it keninkryk yn om-ende-by tweintich provinsjes ferdield dat fan satrapen (gûverneurs) late waard. Hy sette in belestingsysteem op, yntrodusearre it postsysteem fan de Assyrjers dat er fierder útwreide en liet wegen oanlizze dat benammen de hannel fertuten die. Ek naam er fan it Assyryske ryk it gebrûk oer fan geheime aginten, de "Eagen en Earen fan de Kening", dy't him ynljochtings joegen oer de stân fan saken yn it ryk. De Perzen lieten de lokale kultueren gewurde en dat die it ymperium fertuten, meidat de oermastere folken gjin ferlet hienen fan in opstân.

Tidens it tiidrek fan de Agaemeniden, wie it Zoroastrisme de godstsjinst fan de hearskers en it meastepart fan de befolking. Dy religy leit de klam op de universele striid tusken goede en kweade goaden. It Zoroastrisme en har mystike lieders, de saneamde Magy, hearre by de Perzyske kultuer.

Sjoch ek