Sjatten: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
JackieBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: no:Chattere
Rigel 37: Rigel 37:
[[nds-nl:Sjatten (volk)]]
[[nds-nl:Sjatten (volk)]]
[[nl:Chatten (volk)]]
[[nl:Chatten (volk)]]
[[no:Chattere]]
[[pl:Chattowie]]
[[pl:Chattowie]]
[[pt:Catos]]
[[pt:Catos]]

De ferzje fan 4 mrt 2013 om 23.33

De Sjatten (Latyn: Chatti of Catti) wienen in Germaanske folksstam dy eartiids yn it suden fan it tsjintwurdige Nedersaksen en it noarden fan Hessen libbe.

De Sjatten kamen yn de skiednis doe't foar it earst oer harren skreaun waard op de ein fan de 1e ieu f. Kr.. Yn de krigen fan de Romeinen Drusus en Tiberius waarden sy tusken 17 en 9 f. Kr. ferslein. Letter wienen sy wol suksesfol tsjin de Romeinen doe't sy de side keazen fan de Germaanske kriichsoanfierder Hermann dy't yn de Slach by it Teutoburgerwâld (9 n. Kr.) trije Romeinske legioenen ûnder lieding fan Farus in ferpletterjende nederlaach tabrochten.

Ek yn de kommende ieuwen bleaunen de Sjatten de Romeinen hieltyd in stikel yn'e foet. Yn de 1e ieu fochten sy in rige oarloggen tsjin de keizers Klaudius en Domitianus dêr't sy lykwols de slach tsjin ferlearen.

Yn 162 en 170 wurde de Sjatten foar de lêste kearen neamd yn de skiednisboeken as ynfallers yn it suden fan it tsjintwurdige Dútslân en Belgje. Dêrnei binne der gjin berjochten mear oer harren. Nei alle gedachten gongen sy tidens de Grutte Folkeferfarren op yn it folk fan de Franken.

Boarne

  • Tasitus: De origine et situ Germanorum.
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen