Orosius: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
fw
L r2.7.3) (Robot: interwiki gewijzigd van uk:Павел Орозій naar uk:Павло Орозій
Rigel 40: Rigel 40:
[[sk:Paulus Orosius]]
[[sk:Paulus Orosius]]
[[sv:Paulus Orosius]]
[[sv:Paulus Orosius]]
[[uk:Павел Орозій]]
[[uk:Павло Орозій]]

De ferzje fan 4 mrt 2013 om 10.20

Paulus Orosius (° ± 385 – † ± 420), wie in Romeinske skriuwer, dy't berne waard yn Gallaecia (nei alle gedachten yn Braga, Portegal). Syn wurken binne fan skiedkundige en teologyske aard.

Biografy en wurken

in eksimplaar fan de Historiae adversus paganos fan Orosius

Orosius flechte op jonge leeftyd foar de ynfallende Fandalen nei Noard-Afrika. Dêr waard hy learling fan de tsjerkfaar Augustinus.

It wichtichste wurk dat er makke hat is de Historiae adversus paganos (de Wrâldskiednis, oant 417), dat hy skreau op fersyk fan Augustinus, en dy't er, wierskynlik yn 418, foltôge nei syn weromkomst út it easten, dêr't hy yn Jeruzalem yn 415 Pelagius ferfolge hie foar "ketterij". It skriuwen fan Orosius is in apologetyske skiednis, dêr't er de beskuldigingen fan net-kristenen yn besocht te wjerlizzen dat alle rampspoed fan dy tiid, en benammen de plondering fan Rome, dien troch Alarik yn 410, it gefolch wie fan it leauwen yn de tradysjonele goaden, en sadwaande de skuld fan it kristendom.

Wurdearring

Orosius ferparte de wrâldskiednis yn fjouwer grutte tiidrekken, en dizze yndieling hat foar in stikmannich ieuwen de historiografy bepale. It grutte belang fan syn wrâldskiednis is lykwols it feit dat er as boarnen û.o. grutte parten brûkt hat fan it ferlearen wurk fan Titus Livius en út Tasitus' Histoaria.

Boarne

  • Hermann Schreiber, De Goten, vorsten en vazallen, Amsterdam 1979, side 128.

Keppeling om utens