Benzine: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: jv:Bènsin
L r2.7.3) (Bot - derby: pa:ਪਟਰੋਲ
Rigel 78: Rigel 78:
[[nn:Bensin]]
[[nn:Bensin]]
[[no:Bensin]]
[[no:Bensin]]
[[pa:ਪਟਰੋਲ]]
[[pl:Benzyna]]
[[pl:Benzyna]]
[[pnb:پٹرول]]
[[pnb:پٹرول]]

De ferzje fan 3 mrt 2013 om 19.45

Benzine is in mingsel fan koalwetterstoffen dat brûkt wurdt as brânstof foar benzinemotors en as oplos- en skjinmakmiddel. It bestiet út lichtere destillaasjefraksjes fan ierdoalje mei in lege fiskoaziteit en betreklik leechh kôktrajekt en befet inkel floeibere alkenen en alkanen.

In tankstasjon

Etymology

It wurd benzine hat net te krijen mei de Dútske útfiner fan de automobyl, Carl Benz. It wurd is úteinlik op frijwat komplisearre wize ôfkomstich fan benzoë, de hars fan de benzoëbeam. De Ingelske skiekundige Michael Faraday (1791-1867) identifisearre yn 1825 as earste de stof benzeen, yn brûkte lichtgasflessen, mar neamde de stof bicarburet of hydrogen. It wie de Dútske skiekundige Eilhard Mitscherlich dy't de stof oanmakke út benzoësoer en in sterke baze, en de resultearjende stof Benzin neamde.[1] Syn ynfloedrike fakgenoat Justus von Liebig werneamde dit lykwols nei Benzol omdat de útgong -in him tefolle tinken die oan stoffen as strychnine en kinine, dêr't it neat mei te krijen hie. De namme Benzin waard yn de Dútske taal sûnttiids brûkt foar in net krekt omskreaun mingsel fan lichte koalwetterstoffen, út koaltar of rauwe oalje makke, wylst mei Benzol (ek reines Benzin) de stof benzeen oantsjutten waard.[2]

Gearstalling en tafoegings

Benzine is kleurleas. It bestiet út in mingsel fan koalwetterstoffen mei ornaris 4 oant sirka 12 koalstofatomen, en benammen út fertakke alkanen en molekulen mei in benzeenring, lykas tolueen en ksyleen. It is faaks wat ferrassend dat, ûndanks de namme, moderne benzine mar in bytsje benzeen befet. Dizze komponint is der út helle omdat it kankerferwekkend is. Ek swerelferbinings binne der út helle om loftfersmoargging tsjin te gean.

Oan benzine dy't as brânstof brûkt wurdt wurde additiven (ek wol dopes neamd) tafoege om foar te kommen dat de motor "klopjen" giet (ek wol pingeljen neamd). De klopfêstheid wurdt útdrukt yn it oktaangetal fan de benzine. Faak wurdt ten ûnrjochte it begryp oktaangehalte brûkt. Dit is ferkeard omdat dit suggereart dat oktaan in stof wêze soe dy't tafoege is oan de benzine.

Leadfrije benzine

De Nederlânske Minister Winsemius iepent 15 april 1985 symboalysk 30 pompen foar leadfrije benzine.

De tafoeging tetraetyllead, dy't earder in soad brûkt waard as antiklopmiddel, is tsjintwurdich ferfongen troch it minder milieu-ûnfreonlike methyl-tert-butyleter. De benzine is hjirmei leadfrij wurden. Yn Europa wurdt sûnt midden jieren 90 fan de 20e ieu eins allinnich leadfrije benzine (Euro 95 en Super ûnleade 98) ferkocht. Benzines mei lead binne net mear te krijen, benzines mei leadferfanger mar beperkt, it apart tafoegjen fan leadferfanger oan de benzine is ek in opsje. Auto's mei in katalysator kinne allinnich mar op leadfrije benzine ride; lead makket de katalysator kapot.

Energetyske wearde

Bij de verbranding van 1 liter benzine komt ca. 35 MJ (= 9,7 kWh) energie vrij.[3]

CO2-útstjit

By de ferbaarning fan 1 liter benzine komt ± 2,4 kg CO2 frij. [1]

Dit is allinnich de CO2 dy't frijkomt by de ferbaarning. Mar dat is mar in gedielte fan de totale hoeveelheid CO2 dy't benzine as produkt feroarsaket. Neffens de well-to-wheelmethodiek wurdt alle CO2 dy't ûntstiet by it opspoaren, produsearjen, raffinearen, transportearjen en opslaan fan benzine, tarekkene oan de CO2-útstjit fan benzine. Dat kin wol sa'n 30% bedrage, dêrmei komt de útstjit op 3,1 kg CO2 de liter benzine. Biobrânstoffen wurden ek op soksoarte wize beoardield.

  1. E. Mitscherlich, “Ueber Benzin und Benzinschwefelsäure”, Chemisches Zentralblatt, vol. 2, pp. 505-506
  2. G. Weidinger, Waarenlexikon der chemischen Industrie und der Pharmacie, Leipzig: H. Haessel, 1868-1869, siden 62-63
  3. Em Prof Jo Hermans - Energie Survival Gids ISBN 978-90-75541-11-3