Iduna (tydskrift): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
yw
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: en:Iðunn
Rigel 21: Rigel 21:
[[Kategory:Fryske beweging]]
[[Kategory:Fryske beweging]]
[[Kategory:Frysk tydskrift]]
[[Kategory:Frysk tydskrift]]

[[en:Iðunn]]
[[nl:Iduna (tijdschrift)]]
[[nl:Iduna (tijdschrift)]]

De ferzje fan 27 feb 2013 om 23.57

Iduna wie it earste Frysk literêre tydskrift. Iduna ferskynde fan 1845 oant 1862. De sintrale figuer en redakteur wie Harmen Sytstra. It wie yn it begjin in ienmansblêd, mar letter wiene der mear redakteuren en kaam it ûnder de hoede fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse. Sytstra hâlde lykwols oant syn dea de einredaksje fan Iduna.

De namme Iduna ferwiist nei in Noarsk mytologysk figuer, Iðunn, dy't hoeder wie fan de jonkheid fan de goaden en de godinne fan de dichtkeunst.

Hy brûkte in eigensinnige stavering, nei in idee fan De Haan Hettema, neamt nei it tydskrift: de Idunastavering. As foarbyld dêrfan kin it neifolgjende sitaat fan him, ít 1845, tsjinje dêr't er syn stavering yn ferdigenet: "Mei ynachtniming, ho da Friesen oannath Hollondsk forwend benne, end mei th' each oppa biscawing end foarútgong der tael, matte da scriûers, sa fulle dwaenlik, ynnath ald-Frysk self da wetten foar hiar spelling siikje." De Idunastavering stie lykwols fier ôf fan de deistige taal fan de gewoane man. Sytstra seach dat letter sels ek wol yn en gie doe hieltyd mear oer op in ienfâldiger stavering.

Yn 1871 giet it tydskrift fierder ûnder de namme Forjit my net! ûnder lieding fan G. P. Colmjon (1828-1884). It bliuwt bestean oan't 1915.

Ferskaat

Iduna is ek de namme fan in Sweedsk tydskrift fan de literêre-histoaryske feriening Götiska Förbundet. It earste nûmer ferskynde yn 1811.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (fy) Piebenga, J. (1957) Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse. Drachten: Laverman. ISBN n.v.t.
  • (fy) Dykstra, Klaes (1977) Lyts hânboek fan de Fryske literatuer. Ljouwert: De Tille. ISBN 9070010526
  • Zondergeld, G. R., De Friese Beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen (1978)