Béatrys: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 19: Rigel 19:
* [http://www.elfelf.nl/BEATRYS.pdf] - It folsleine epos yn de oersetting fan Bruinsma op www.elfelf.nl (pdf-triem).
* [http://www.elfelf.nl/BEATRYS.pdf] - It folsleine epos yn de oersetting fan Bruinsma op www.elfelf.nl (pdf-triem).
[[Kategory:Middelnederlânsk]]
[[Kategory:Middelnederlânsk]]
[[Kategory:Literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersettings út de wrâldliteratuer]]


[[en:Beatrijs]]
[[en:Beatrijs]]

De ferzje fan 27 feb 2013 om 21.33

Béatrys (Nederlânsk: Beatrijs) is de algemiene namme foar in Marialeginde dy't nei alle gedachten yn de 2e helte fan 13e ieu yn it Middelnederlânsk op rym setten is.

Leginde

De Béatrys is in foarbyld fan in literêr gedicht op grûn fan in kristlike leginde. Deselde leginde is ek yn oare Westeuropeeske talen oerlevere (AT 770). De âldste ferzjes dy't bekend binne, binne dy fan Caesarius fan Heisterbach, út de earste helte fan de 13e ieu.

Hânskrift

Wat de titel is fan de Middelnederlânske beriming, en sels óf dy ferzje in titel hie, is ûnbekend. Ek de skriuwer is net bekend. It hânskrift wêryn de Béatrys oerlevere is, stamt út likernôch 1374 en wurdt bewarre yn de Keninklike Bibleteek fan Nederlân.

Ferhaal

De Béatrys fertelt it ferhaal fan in jonge non dy't as kosteres yn in kleaster wurket. Ut leafde foar in jongfeint ferlit se it kleaster en krijt mei him twa bern. Nei sân jier, as it jild op is, ferlit de man har. Béatrys sjocht har dan needsake om te huorkjen om oan'e kost te kommen wat se op'e nij sân jier folhâldt. Se bleau al dy tiid yn har bea op Maria betrouwen. As se nei krekt 14 jier werom giet nei de kontreien fan it kleaster, heart se ferheard op dat nimmen har ôfwêzigens opmurken hat. Yn trije fisioenen fernimt se dat Maria al dy tiid har plak ynnommen hat en wurdt se oantrune har wurk yn it kleaster wer op te pakken. Dat docht se, en alles komt wer te plak, al binne der dingen dy't de kosteres nimmen fertelle kin. Dan komt der in abt nei it kleaster dy't har oertsjûget te bychtsjen wat se dien hat wylst Maria har plak ynnaam.

Twa skriuwers

Der is in teory dat de beriming dy't bewarre bleaun is troch twa skriuwers skreaun is. De earste skriuwer hat dan it ferhaal fan it wûnder skreaun; yn it hânskrift is dat fan it begjin oant en mei rigel 919. Dit is it ferhaal sa't it ek yn de ferzje fan Caesarius fan Heisterbach foarkomt. De twadde skriuwer hat der neffens dy teory it stik oer de bycht by skreaun, fan wêr't de abt nei it kleaster komt, rigel 920 oant de ein. Dat part hat Caesarius fan Heisterbach net, en it soe der by skreaun wêze om reklame te meitsje foar de bycht.

Fryske ferzje

Oersetter Klaas Bruinsma hat it wurk oersetten yn it Frysk.

Keppeling om utens

  • [1] - It folsleine epos yn de oersetting fan Bruinsma op www.elfelf.nl (pdf-triem).