Wolf: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: ceb:Canis lupus
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Robot: interwiki gewijzigd van ms:Serigala naar ms:Serigala kelabu
Rigel 111: Rigel 111:
[[mn:Саарал чоно]]
[[mn:Саарал чоно]]
[[mrj:Пирӹ]]
[[mrj:Пирӹ]]
[[ms:Serigala]]
[[ms:Serigala kelabu]]
[[mzn:ورگ]]
[[mzn:ورگ]]
[[nah:Cuetlāchtli]]
[[nah:Cuetlāchtli]]

De ferzje fan 27 feb 2013 om 14.27

De wolf lykas er yn Meksiko te finen is

De wolf is in rôfdier en in sûchdier út de famylje fan de hûnêftigen, Canidae. Syn Latynske namme is Canis Lupus. Se kinne in soad kleuren hawwe, fan hielendal wyt oant reabrún. Der binne ek swarte eksemplaren. In wolf is likernôch (kop-sturt) 2 meter lang. In wolf yt alles, griente útsein. Se libje yn ridels, dy't wat grutte oanbelanget ferskille kinne en wêrfan't de wichtichste wolven út 'e ridel it alfa-mantsje en it alfa-wyfke binne. Wannear't der in protte iten is, binne de ridels grutter. Se jeie mei-elkoar op wyld.

Wengebiet

Yn de ferskate Europeeske lannen nimt it tal wolven stadichoan wer ta. Dat is it gefal yn Spanje, Tsjechje, Sloveenje, Kroaasje en Slowakije. Troch it genetysk ferskaat wurde de wolven yn Skandinaavje as bedrige kategorisearre.[1] Neffens it Sweedske Rôfdiersintrum soenen der yn 2008 sa'n 180 wolven yn Sweden en Noarwegen west hawwe. Yn lannen as Frankryk en Switserlân is de wolf weromkommen.

Yn Dútslân binne spoaren fan in wolf fûn yn de dielsteat Noardryn-Westfalen. Yn de dielsteat Nedersaksen ferwachtsje saakkundigen foar 2015 de earste wolfsridel. Yn 2011 wienen der yn it easten fan Dútslân alve ridels. De wolven yn de dielsteaten Noardryn-Westfalen binne singelier en nei ferwachting sille de earste wolven yn Nedersaksen dat ek wêze.

De lêste wolf yn de provinsje Fryslân is yn 1712 by Wolvegea deasketten.[2] Yn 1772 waard yn it súdeasten fan de Grinzer Ommelannen de lêste wolvejacht holden. Yn East-Fryslân wurdt yn 1738 yn de omkriten fan Jever in wolf deasketten.[3] As de wolf wer nei Fryslân komme soe, sil der nei alle wierskyn út it eastlike Dútslân wei komme.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zu enge Familienbande unter skandinavischen Wölfen artikel fan de webside wissenschaft.de
  2. Omrop Fryslân: Lêste Fryske wolf 300 jier lyn
  3. It Nijs: Wolven tsjogge op Fryslân oan