Museum foar Tsjerklike Keunst: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred hifke
JackieBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: nl:Museum kerkelijke kunst
Rigel 19: Rigel 19:
[[Kategory:Museum yn Fryslân]]
[[Kategory:Museum yn Fryslân]]
[[Kategory:Warkum]]
[[Kategory:Warkum]]

[[nl:Museum kerkelijke kunst]]

De ferzje fan 25 feb 2013 om 20.40

It Museum foar Tsjerklike Keunst sit oan It Noard yn Warkum neist de Sint-Werenfridustsjerke yn de pastorije. It museum giet út fan de Pastoar Janning Stifting.

De kolleksje jout omtinken oan it 'rike roomske libben' middels liturgyske klean, tsjerklik sulver, bylden en oare keunstskatten. De kolleksjes binne ferdield oer meardere romtes. De grutte keamer wurdt brûkt foar wikseleksposysjes en kryststâltsjes.
Sa is der in weardefol stik Ald-Warkum yn de Warkumerkeamer, ein 18e ieu ynrjochte yn in hûs oan it Súd yn Warkum en sûnt 1998 ûnderbrocht yn it museum. De wannen fan dy keamer hawwe tegeltablo's mei foarstellings fan de fjouwer seizoenen. Meiïnoar binne der sa'n 1500 tegels.
Yn de gong hinget in 14 tal krúsweistaasjes (1924) út de skoalle fan Toorop. Yn de treppenhal hingje skilderijen fan de yn 1980 ferstoarne pastoar.

Op de earste ferdjipping fan it museum steane houten bylden fan skipsbouwer Nanning Hendrik Bulthuis (1885-1977). Yn de middelste keamer (boppe) binne in fraai beskildere kast (1728), fitrines tsjerklik sulver en in kolleksje liturgyske klean. Yn de foarste keamer is ek tsjerklik erfguod te sjen.

Der hingje ek in tal skilderijen fan pastoar Janning silger. Johannes- Hendrikus Janning is yn 1914 berne yn Nieuw Schoonebeek. Nei syn wijing as pryster yn 1940 waard hy kapelaan yn Vianen, 's Heerenberg en Snits (1947-1956). Oant 1965 wie er pastoar yn Heech en dêrnei yn Warkum. Hy sette him yn foar de earste grutte opknapbeurt fan de Werenfridustsjerke. As leafhawwerij skildere hy as naïve keunstskilder samle tsjerklike keunst. Dy samling wie de basis foar it lettere museum. Yn de Warkumer Keamer út 1797, yn de pastorije, is in tegelkeamer mei 1500 tegels mei dêrop de fjouwer seizoenen. It besjen wurdich is de twa meter hege en achttjin meter lange lambrisearring yn de Janningkapel, dy't út in tsjerke yn East-Dútslân komt. Opfallend binne de werjeften fan útsniene skilderijen fan Rafaël en de bruorren Van Eijk.

It neo-goatyske tsjerkegebou út 1877 is ek te besichtigjen. De boumaster A. Tepe liet him ynspirearje troch de Westfaalske en Nederrynske goatyk. De geve en rynske fersiersels yn de foarm fan beskilderingen, byldhouwurken en brânskildere ramen dogge feestlik oan. Oan de muorren hingje krúsweistaasjes, dy 't yn 1851 troch de fryske skilder Otto de Boer makke binne.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: