Likedielers: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: hu:Vitális Testvérek
Rigel 20: Rigel 20:
[[fi:Vitaaliveljet]]
[[fi:Vitaaliveljet]]
[[fr:Frère des victuailles]]
[[fr:Frère des victuailles]]
[[hu:Vitális Testvérek]]
[[it:Vitalienbrüder]]
[[it:Vitalienbrüder]]
[[lt:Vitaliečiai]]
[[lt:Vitaliečiai]]

De ferzje fan 24 feb 2013 om 02.30

Likedielers wienen seerôvers út de Midsieuwen en opfolgers fan de Fiktaaljebruorren. Earst holpen se de Hânze tsjin Denemark. Doe't der yn 1395 frede sluten wie waarden se út de Eastsee ferjage. Se fûnen lykwols in skûlplak by East-Fryske haadlingen as Edo Wiemken yn Jever en by Widzel tom Brok yn Mariënhafe.

Yn de striid tsjin Albrecht fan Saksen wikselen de likedielers mear as ien kear fan partij. Tusken 1402-1408 waarden se oanfallen troch de Hânzeaten ûnder lieding fan Hamburch dy't se foar in diel fersloech. Der leinen ek likedielers as bûnsmaten fan Jan fan Beieren yn Dokkum en Iezumasyl (1422). Letter ferjage de Hânze mei help fan Fokko Ukena harren dêrwei en waarden se ek yn East-Fryslân bestriden (1433).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958): Likedelers.