Boargemaster: ferskil tusken ferzjes
AvocatoBot (oerlis | bydragen) L r2.7.1) (Bot - derby: pag:Mayor |
L r2.7.3) (Bot - derby: av:Мэр |
||
Rigel 14: | Rigel 14: | ||
[[ar:عمدة]] |
[[ar:عمدة]] |
||
[[av:Мэр]] |
|||
[[bat-smg:Mers]] |
[[bat-smg:Mers]] |
||
[[be:Бурмістр]] |
[[be:Бурмістр]] |
De ferzje fan 20 feb 2013 om 00.32
De boargemaster is in bestjoerlike funksjonaris fan de gemeente. Hy hat de lieding fan it deistich bestjoer fan de gemeente. In protte lannen hawwe in soartgelikense gemeentefunksjonaris, mar de krekte funksje en foech binne yn elts lân wer oars.
Beneaming
Yn Nederlân wurdt de boargemaster beneamd troch it regear, foar in perioade fan 6 jier. Yn guon oare lannen wurdt de boargemaster keazen troch de befolking. Yn 2002 is útsteld de grûnwet te feroarje om dit ek yn Nederlân mooglik te meitsjen, mar dit is úteinlik op 22 maart 2005 troch de Earste Keamer blokkearre.
Funksjes
Tegearre mei de wethâlders foarmet de boargemaster it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, dat it deistich bestjoer fan de gemeente om hannen hat. Fierder is er foarsitter, mar gjin lid, fan de gemeenterie, dy't de gemeente bestjoert. Yn guon gemeenten is de boargemaster ek noch korpsbehearder fan de plysje.
Symboalen
As symboal fan syn amt draacht de boargemaster in amtskeatling. As foarsitter fan de rie hat er faken in foarsittershammer.