Reade List fan de IUCN: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
Rigel 76: Rigel 76:
[[uk:Червоний Список Міжнародного Союзу Охорони Природи]]
[[uk:Червоний Список Міжнародного Союзу Охорони Природи]]
[[vi:Sách đỏ IUCN]]
[[vi:Sách đỏ IUCN]]
[[war:IUCN Pula nga Listahan]]
[[zh:IUCN紅色名錄]]
[[zh:IUCN紅色名錄]]

De ferzje fan 12 feb 2013 om 02.45

De Reade List fan 'e IUCN, dy't bestiet sûnt 1963, is de wiidweidichste list mei statusbeoardielings oangeande het behâld fan floara- en faunasoarten fan 'e wrâld. De list wurdt ûnderholden troch de IUCN (International Union for Conservation of Nature and Natural Resources), de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan Natoer en Natuerlike Helpboarnen, en is opsteld op grûn fan persize wittenskiplike kritearia dy't it risiko op útstjerren fan tûzenen soarten en ûndersoarten fêststelle moatte. Mei't it hjir giet om in list dy't wrâldwiid fan tapassing is, is in biste- of plantesoart ek echt finaal útstoarn (alteast foar safier't de wittenskip fêststelle kin) as er op dizze list as "útstoarn" oanjûn stiet; de Reade List fan 'e IUCN moat net betize wurde mei regionale of lanlike reade listen dy't inkeld de kâns op útstjerren fan in beskate soart (bgl. de skries) yn in beskaat gebiet (bgl. Nederlân) beskriuwe wylst populaasjes bûten de oanjûne grinzen bûten beskôging litten wurde.

De Reade List fan 'e IUCN wurdt sjoen as it meast gesachhawwende neislachwurk oangeande de wrâldwide status fan biodiversiteit. It doel derfan is om it grutte publyk bewust te meitsjen fan it belang fan sokke kwestjes, mar teffens om derfoar te soargjen dat de ynternasjonale mienskip bedrige soarten fan 'e ûndergong rêdt. Sûnt 2001 wurde soarten op dizze list yndield yn in systeem fan sân kategoryen mei twa ekstra kategoryen as helpmiddels om oan te jaan dat se noch net yndield binne en wêrom net:

Klassifikaasje fan soarten neffens de IUCN.
  • EX: útstoarn (extinct)
  • EW: útstoarn yn it wyld (extinct in the wild)
  • CR: slim bedrige (critically endangered)
  • EN: bedrige (endangered)
  • VU: kwetsber (vulnerable)
  • NT: gefoelich (near threatened)
  • LC: net bedrige (least concern)
  • DD: te min gegevens (data deficient)
  • NE: net evaluëarre (not evaluated)

De oersettings fan 'e kategoryen, sa't dy hjirboppe jûn wurde, binne basearre op 'e offisjele Nederlânsktalige oantsjuttings. Under in "bedrige soart" wurdt ferstien in soart dy't yndield is yn ien fan 'e kategoryen CR (slim bedrige), EN (bedrige) of VU (kwetsber). De âlde kategory CD (fan beskerming ôfhinklik), fan foar 2001, komt inkeld noch foar by soarten dy't sûnt de ynfiering fan it nije beoardielingsstelsel noch net op 'e nij yndield binne.