Fergilius: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JYBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: ba:Вергилий
JYBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - fuort: kk:Виргилий
Rigel 81: Rigel 81:
[[ka:პუბლიუს ვერგილიუს მარონი]]
[[ka:პუბლიუს ვერგილიუს მარონი]]
[[kaa:Vergilius]]
[[kaa:Vergilius]]
[[kk:Виргилий]]
[[ko:베르길리우스]]
[[ko:베르길리우스]]
[[ksh:Vergil]]
[[ksh:Vergil]]

De ferzje fan 9 feb 2013 om 08.08

Ofbyld:Publius Vergilius Maro1.jpg
Búste fan Vergilius, by it saneamde Grêf fan Vergilius yn Napels.

Publius Vergilius Maro (yn de Midsieuwen soms skreaun as Virgilius) (Mantua, 15 oktober 70 f.Kr.Brindisy, 21 septimber 19 f. Kr.) wie in Romeinsk dichter.

Syn bekendste wurk is de Aeneis, it grutte heldedicht wêryn't de grutheid fan Rome, fan Romes oarsprong en ferline besongen wurdt. Dit wurk moast like ferneamd wurde as de Ilias en de Odyssee fan Homerus, it hat dan ek in soartgelikense ynhâld, mar it is kritysker skreaun. Vergilius ferskynt ek yn La Divina Commedia fan Dante Alighieri, dêr't hy Dante begeliedt troch it Faaiefjoer en de Hel.

De wichtichste boarne foar it libben fan Vergilius is de Vita Vergilii (It libben fan Vergilius) fan de fjirde-ieuske skriuwer Aelius Donatus. Dizze gie foarôf oan syn kommentaar op Vergilius syn wurk, wêrfan allinnich it begjin fan it kommentaar op de Bucolica oerlevere is. It kommentaar fan Donatus waard lykwols brûkt troch syn learling Servius foar in nij kommentaar op it wurk fan Vergilius, dêr't ek inkele biografyske yn steane. Neist it wurk fan Donatus en Servius binne noch inkele minder wichtige libbensbeskriuwingen, en befet it wurk fan Vergilius inkele biografyske gegevens.

Bibliografy

  • Bucolica (Hardersgesangen), ek wolris de Eclogae neamd. Aelius Donatus wie de auteur fan in kommentaar op de Bucolica.
  • Georgica: in leardicht oer de lânbou.
  • Aeneïs: in epos oer de leginde fan Aeneas en dus oer it ûntstean fan Rome.
  • Appendix Vergiliana (Vergiliaans oanhingsel): in samling fan jeugdfersen fan Vergilius mei ûnder oare Catalepton (lytsichheden), Priapea (3 gedichten oer fruchtberheidsgod Priapus), Dirae (ferwinskingen) en Copa (herbergierske).
  • Culex: novelle oer in neef dy't in sliepende harder rêdt fan in slange troch him wekker te stekken.
  • Ciris: novelle oer in prinsesse dy't fereale wurdt op in fijân fan har heit, hja wurdt troch har heit oan de efterstjûne fan in farrend skip hong. De goaden krijge meilijen mei it famke en feroarje har yn in seefûgel (seefûgels fleane leech oer it wetter, krektas Ciris).
  • Moretum (potiten): oer in boer dy't mei syn feinten in sobere miel yt.
Georgica I, 121-125 mei in inisjaal O yn de Vergilius Augusteus.

Berjocht:Link FA