Bûtan: ferskil tusken ferzjes
DarafshBot (oerlis | bydragen) L r2.7.1) (Bot - derby: uz:Butan |
L r2.7.2) (Bot - derby: zea:Bhutan |
||
Rigel 271: | Rigel 271: | ||
[[wuu:不丹]] |
[[wuu:不丹]] |
||
[[xal:Бутанмудин Нутг]] |
[[xal:Бутанмудин Нутг]] |
||
[[zea:Bhutan]] |
|||
[[zh:不丹]] |
[[zh:不丹]] |
||
[[zh-yue:不丹]] |
[[zh-yue:不丹]] |
De ferzje fan 5 feb 2013 om 21.26
| |||||
Offisjele taal | Dzongkha | ||||
Haadstêd | Thimphu | ||||
Steatsfoarm | Absolute monargy | ||||
Gebiet % wetter |
47.000 km² 0,0% | ||||
Ynwenners (2006) | 672.425 | ||||
Munt | Ngultrum (BTN) | ||||
Tiidsône | UTC +6 | ||||
Nasjonale feestdei | 8 augustus | ||||
Lânkoade | BTN | ||||
Ynternet | .bt | ||||
Tillefoan | 975 |
Bûtan is in keninkryk yn Súd-Aazje. Thimphu is de haadstêd en de grutste stêd. De kening fan de monargy is sûnt 1972 Jigme Singye Wangchuck.
Geografy
Lizzing
Bûtan wurdt begrinzge troch:
Lânskip
It lytske keninkryk Bûtan op de súdlike helling fan de Himalaya is slim tagonklik. Geweldige toppen omfiemje it plato dat stadich ôfrint súdlike foarberchtme fan oan de Yndyske grins. It hiele lân is bercheftich útsein in lyts gebiet fan subtropyske flakten yn it suden dat trochsnien wurdt fan delten dy't Duars hjitte. Tusken de subtropyske flakten en it mei snie bedutsen Himalaja-berchte is in hichteferskil fan mear as 7.000 meter.
Klimaat
It lân hat in grut ferskaat oan klimaten. Wylst der yn it suden foaral in tropysk oant subtropysk klimaat hearsket, ha de dalen fan sintraal Bûtan in tuskenbeiden klimaat mei koele winters en waarme simmers. Yn de bergen binne de winters ekstreem strang en de simmers koel. Foaral yn de súdlike gebieten fan it lân hat men in yn de reintiid faken te krijen mei oerstreamings.
Skiednis
De namme Bûtan is mooglik ôflaat fan it Sanskryt wurd Bhu-Utthan dat “heech lân” betsjut. In oare útlis yn it Sankrit kin Bhots-ant dat “Ein fan Tibet” of “súdlik fan Tibet” betsjut, wêze. Lykwols neame guon Bûtanezen har lân Druk Yul en har ynwenners Drukpa. De Dzongkha (en Tibetaanske) namme foar it lân is Druk Yul (“Lân fan de draak”). Fanwegen syn útstrielen fan rêst en net oantaast wêzen wurd it bytiden oantsjutten as “De lêste Shangri-La” (ferburgen paradys).
Histoarysk wie Bûtan bekend troch ferskate nammen, sa as Lho Mon (“Súdlik lân fan it tsjuster”), Lho Tsendenjong (“Súdlik lân fan it sandelbosk”), Lhomen Khashi (“Súdlik lân fan de fjouwer wegen?”) en Lho Men Jong (“Súdlik lân fan de medisinale krûden”).
Stiennen ark, wapens en oerbliuwsels fan grutte stiennen bousels jouwe oan dat Bûtan al 2000 jier foar Kristus bewenne wie. Skiedkundigen ha úttocht dat de steat Lhomon (letterlik: “súdlik tsjuster”) of Monyul (“Tsjuster lân, in referinsje nei de Monpa, de oarspronklike bewenners fan Bûtan) bestean hat tusken 500 f. Kr. oant 600 n.Kr. De namme Lhomon Tsendenjong (Sandelbosk gebiet) en Lhomon Khashi of súdlik Mon (gebiet fan de fjouwer wegen) binne oantroffen yn âlde Bûtaneeske en Tibetaanske kroniken.
It âldste barren yn Bûtan wat opskreaun is, is dat de Bûdistyske hillige Padma Sambhava (ek wol Goeroe Rinpoche neamd) troch it lân reizge yn 747 n. Kr.. De âldste skiednis fan Bûtan is ûnwis om’t de measte bestannen ferneatige waarden doe’t yn 1827 in brân Punakha, de âlde haadstêd ferwoaste. Fan de 10e ieu ôf waard Bûtan politike ferrin sterk beynfloede fan har religieuze skiednis. Ferskate ûndersekten fan it Bûdisme kamen nei foarren trochdat hja stipe waarden fan de ferskate Mongoalske en Tibetaanske oerhearen. Nei it tebekrinnen fan it Mongoalen yn de 14e ieu dizze ûndersekten bestriden inoar fûl op it polityk en religieusk gebiet, wat úteinlik der ta late dat yn de Drukpa ûndersekte oerhearskjend waard.
Oant yn it begjin fan de 17e ieu bestie Bûtan út in los patroan fan lytse inoar befjochtsjende rjochtsgebieten doe’t it gebiet troch de Tibetaanske lama en militêre lieder Shabdrung Ngawang Namgyal feriene waard. Om it lân te beskermjen tsjin sa no en dan plondertochten fan Tibetanen, boude Namgyal in netwurk fan ûntrochlitbere dzong (forten) en fierde wetten yn dy’t der foar soargen dat de lokale hearskers ûnder it bewâld fan it sintrale regear kamen. In soad fan dizze dzong besteane noch hieltiten. Nei de dea fan Namgyal yn 1651 Bûtan kaam yn in anargy telâne. Holpen troch dizze gaos, de Tibetanen foelen Bûtan yn 1710 oan en wer yn 1730 mei de help fan de Mongoalen. Dizze twa oanfallen waarden mei súkses opkeard en yn 1739 waard der in wapenstilstân tekene.
Organisaasjes yn it bûtenlân rûze it befolkingstal ornaris op likernôch twa miljoen ynwenners, bygelyks 2.163.000 ynwenners yn 2005, neffens de Feriene Naasjes. By in grutte folkstelling dy't yn april 2006 yn it lân hâlden waard kaam men lykwols op in befolkingstal fan 672.425 út.
Op 24 maart 2008 wurde der op inisjatyf fan de kening ferkiezings hâlden. Hy wol in ein meitsje oan de absolute monargy. Der dogge twa partijen oan de ferkiezings mei. De partij foar frede en wolfeart fan âld-premier Jigmi Thinley kriget 44 fan de 47 sitten yn it parlemint.
Bestjoerlike yndieling
Bûtan is ferparte yn fjower dzongdey (administrative gebieten). Eltse dzongdey is wer ferparte yn dzongkhag (distrikten). Der binne twintich dzongkhag yn Bûtan. Gruttere dzongkhag binne fierder ferparte yn subdistrikten dy't fan dungkhag hiete.
1. Bumthang
2. Chukha
3. Dagana
4. Gasa
5. Haa
6. Lhuntse
7. Mongar
9. Paro
10. Punaka
11. Samdrup Jongkhar
12. Samtse
13. Sarpang
14. Thimphu
15. Trashigang
16. Trashiyangste
17. Trongsa
18. Tsirang
19. Wangdue Phodrang
20. Zhemgang
Ekonomy
De tradisjonele ekonomy bestiet út boskbou, feehâlderij en lânbou foar eigen gebrûk, mar dit leveret no minder as 50 persint fan it bruto nasjonaal produkt op, no't Bûtan in útfierder fan wetterelektrisiteit waarden is. Toerisme en ûntjouwingshelp, meastentiids út Yndia, binne ek wichtich.
Kultuer
Bûtan is ien fan de meast isoleare lannen op de wrâld. Utlânske ynfloeden en toerisme wurde troch it regear regele om der sa foar te soargjen dat de tradisjonele Bûdiskyske kultuer bestean bliuwt. De measte minsken yn Bûtan folgje of de Drukpa Kagyu of de Nyingmapa skoalle fan it Tibitaansk Bûdisme. De offisjele taal is it Dzongkha (letterlik "de taal fan de dzong") Bûtan wurd faak beskreaun as it ienichste oerbleaune flechtplak foar it tradisjonele Himalayske Bûdistyske kultuer. Bûtan is histoarysk en kultureel ferbûn mei syn noardlik buorgebiet Tibet, mar polityk en ekonomysk besjoen is it hjoeddeiske keninkryk tichter by Yndia kommen te stean.
Bûtan is sûnt 1907 in monargy. Under lieding fan de Trongsa Penlop waarden de ferskiedene dzongkhags feriene. Kening Jigme Singye Wangchuck, dy't stappen nei in konstitúsjonele monargy setten hat, joech yn desimber 2005 oan dat er yn 2008 ôfstân fan de troan dwaan woe ta geunst fan syn âldste soan. Op 14 desimber 2006 makke hy bekend dat hy fuortendaliks ôfstân die en doe folge syn soan Jigme Namgyal him op.