Kazachstan: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Robot: interwiki gewijzigd van ceb:Kazakhstan naar ceb:Kasahistan
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Robot: interwiki gewijzigd van or:କାଜାକିସ୍ତାନ naar or:କାଜାଖସ୍ତାନ
Rigel 197: Rigel 197:
[[nv:Kʼazah Bikéyah]]
[[nv:Kʼazah Bikéyah]]
[[oc:Cazacstan]]
[[oc:Cazacstan]]
[[or:କାଜାଖସ୍ତାନ]]
[[or:କାଜାକିସ୍ତାନ]]
[[os:Хъазахстан]]
[[os:Хъазахстан]]
[[pa:ਕਜ਼ਾਖ਼ਸਤਾਨ]]
[[pa:ਕਜ਼ਾਖ਼ਸਤਾਨ]]

De ferzje fan 1 feb 2013 om 11.15

Қазақстан Республикасы
Qazaqstan Respwblїkası
Flagge fan Kazachstan Wapen fan Kazachstan
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kazachstan
Offisjele taal Kazachsk, Russysk
Haadstêd Astana
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
2.717.300 km²
1,7­%
Ynwenners (2006) 15.233.244
Munt Tenge (KZT)
Tiidsône UTC +4 oant +6
Nasjonale feestdei 25 oktober
Lânkoade KAZ
Ynternet .kz
Tillefoan 7

Kazachstan (Kazachstaansk Қазақстан/Qasaqstan, yn de nije Latynske stavering Qazaqstan; Russysk Казахстан/Kasachstan) is in lân yn Sintraal-Aazje. It steatgebiet westlik fan de Oeral (likernôch 5,4%) wurdt ta Jeropa rekkene.

Geografy

Lizzing

Kazakstan wurdt begrinzge troch:

Lânskip

De Khan Tengry by Sinneûndergong

Kazachstan is mei syn 2.717.300 km² it njoggen-grutste lân fan de wrâld. Ien-tredde part fan it lân is steppe of woastyn, dat gebiet rint fan de Sibearyske steppe oer yn de woastinen fan Sintraal-Aazje. It westlike part fan it lân, dat oan de Kaspyske See grinzet, is in leechflakte mei it leechste punt by Vpadina Kaundy. Om de Kaspyske See lizze grutte ierdoalje- en gasfjilden. It noardwesten en easten fan it lân hat gâns mear reliëf, mei as heechste de Khan Tengry (7.010 m) yn it súdeasten. De Balkasjmar yn it easten en de Aralmar yn it súdwesten binne de grutste marren fan it lân. De grutste rivieren binne de Irtysk, Syrdarja, Schajyq, Ili. It gebiet westlik fan de Oeral wurdt ornaris noch ta Jeropa rekkene. De grutste stêden fan Kazachstan binne Almaty, Astana, Karagandy, Shymkent, Atyrau en Oskemen.

Skiednis

Doe't de Ruslân yn de 18e ieu it lân ferovere wienen de Kazachen in islamitysk nomadefolk fan Turkske komôf. Nei de Russyske Revolúsje waard yn 1920 de Kirgystaanske ASSR binnen de Russyske Federaasje oprjochte, dy't yn 1925 transformearre waard ta de Kazachske ASSR dêr't de Kirgystaanske ASSR him in jier letter fan losmakke (no de republyk Kirgyzje). It grûngebiet waard ek lytser makke: de stêd Orenburch, oant dy tiid de haadstêd fan de autonome sowjetrepublyk, kaam streekrjocht ûnder Russysk bewâld en Alma-Ata koe de nije haadstêd wurde.

Yn 1936 waard Kazachstan in folsleine unyrepublyk (SSR) binnen de Sowjetuny. It ferplichte ferhúzjen nei harren nije huzen as wenten gie de Kazachen min ôf: yn it tiidrek 1926 oant 1939 stoaren 4.000.000 minsken. Fan oare plakken yn de Sowjetuny kaam der in weach fan ymmigranten, dat de Kazachen waarden linkendewei de minderheid yn eigen lân. Tenei wennen benammen yn it noarden in soad ymport en net folle autochtoanen.

Yn de tiid fan de Kâlde Kriich wie Kazachstan bekend troch de Russyske lansearbasis yn it lân, Bajkonoer, dat hjoed noch hieltyd troch de Russen brûkt wurdt.

Doe't de Sowjetuny yn 1991 ophold te bestean krige Kazachstan har ûnôfhinklikens. Yn 1997 waard Astana de haadstêd fan Kazachstan, dêrfoar wie dat Almaty (eartiids Alma-Ata of Tselinograd). Neffens it Nazerbajev-regear wie dat de baas om seperatistyske tendinzen yn it noarden te kearen en boppedat it útwreidzjen fan Almaty neffens it regear dreech wurde soe mei de bergen dy't om de stêd hinne lizze. Fierders waarden ierdskoddingen en loftfersmoarging troch smog as redenen oanjûn.

Demografy

Neffens de folkstelling fan 1999 hie Kazakstan 14.953.126 ynwenners, wat goed oardel miljoen minder wie as de lêste telling ûnder it sowjetrezjym fan 1989, doe't der noch 16.536.511 minsken wennen.

Befolking

Yn Kazakstan wennet in ferskaat oan folken, wol mear as 50. De wichtichste befolkingsgroepen binne de Kazakken, in Turksk folk, dat sawat 54% fan de befolking útmakket. Oare Turkske folken dy't der wenne binne 332.017 Oezbeken, 185.301 Oeigoeren, 132.000 Tataren, 105.000 Mesketen, 41.847 Basjkieren, 8.000 Tsjoevasjen en fierders noch wat lytse groepen Abgazen, Azery, Turkmenen, Kirgizen, Karakalpakken, Krim-Tataren en Balkan-Turken. De grutste minderheid foarmje de Russen mei goed 30%. Yn de lêste jierren binne lykwols in soad Russen emigrearre nei Ruslân. Oare grutte minderheden binne de Oekraïners (3,7%), Kazakstandútsers (2,7%) en lytse mienskippen fan Poalen, Letten, Litouwers, Wyt-Russen en Griken.

It meastepart fan dizze minderheden waarden yn de Sowjettiid op befel fan Stalin twongen nei Kazakstan deportearre.

Talen

De wichtichste taal yn Kazakstan is noch hieltyd it Russysk dat benammen yn it noarden fan it lân en yn de grutte stêden sprutsen wurdt. It belang fan de taal fan de grutste befolkingsgroep, it Kazachs is troch bemuoienis fan it regear nei de ûnôfhinklikens hieltyd grutter wurden.

Religy

De Islam en it Kristendom binne de twa grutste godstsjinsten yn it lân. Om-ende-by 47% fan de befolking wurdt ta de Islam rekkene wêr't it soennisme de wichtichste streaming foarmet. Sawat 46% fan de befolking is kristen. It meastepart fan de kristenen is Russysk-Ortodoks.