Willem-Alexander fan de Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Robot: interwiki gewijzigd van it:Guglielmo IV dei Paesi Bassi naar it:Guglielmo Alessandro dei Paesi Bassi
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
Rigel 36: Rigel 36:
[[he:וילם-אלכסנדר, נסיך אורנג']]
[[he:וילם-אלכסנדר, נסיך אורנג']]
[[hr:Willem - Alexander, princ od Oranje-Nassaua]]
[[hr:Willem - Alexander, princ od Oranje-Nassaua]]
[[hu:Vilmos Sándor holland királyi herceg]]
[[id:Willem-Alexander, Pangeran Oranye]]
[[id:Willem-Alexander, Pangeran Oranye]]
[[is:Vilhjálmur Alexander Hollandsprins]]
[[is:Vilhjálmur Alexander Hollandsprins]]

De ferzje fan 29 jan 2013 om 08.56

Prins Willem Alexander

Prins Willem-Alexander (Utert, 27 april 1967), folút Willem-Alexander Claus George Ferdinand van Oranje-Nassau, Prins fan Oranje, Prins fan de Nederlannen, Prins fan Oranje-Nassau, Jonkhear fan Amsberg, is de âldste soan fan Keninginne Beatrix en de kroanprins fan Nederlân.

Op 28 jannewaris 2013 makke Keningin Beatrix bekend dat hja op 30 april 2013 ôftrede sil en it keningskip oerdraacht oan har soan prins Willem-Alexander fan Oranje-Nassau. Op 30 april sil hy ynhuldige wurde as kening fan de Nederlannen.

Komôf

Willem-Alexander wie it earste bern fan Prinsesse Beatrix en Prins Claus. Hjirmei is er de troanopfolger. Doe't syn mem yn 1980 keninginne waard, krige er de titel fan 'Prins fan Oranje'. By syn famylje hjit er Alex, mar as Willem-Alexander kening wurdt dan sil dat wêze as Kening Willem IV.

Oplieding

De kroanprins gong nei de middelbere skoalle yn Baarn en yn De Haach. Syn tsjinstplicht die er by de Marine. Hy studearre oan it Atlantic College yn Llantwit Major yn Wales, dêr't er it ynternasjonaal bakkelaureaat helle. Doe gong er nei de Universiteit fan Leien dêr't er skiednis studearre; hy studearre dêr yn 1993 ôf. Yn syn oplieding foar it keningskip folgen doe noch kursussen by de oare parten fan it leger: de Loftmacht en de Lânmacht.

Funksjes

Prins Willem-Alexander ferskynt likernôch fyftich kear jiers by offisjele gelegenheden. Hy hâldt him dwaande op it mêd fan de rjochterlike macht, fan it binnenlânsk bestjoer en fan it bedriuwslibben. Fierders hat er him, op útstel fan syn heit, spesjalisearre op it mêd fan wetterbehear.

Sport

De prins is in sportleafhawwer. Hy docht sels oan ferskate sporten. Yn 1985 ried er ûnder de namme fan W.A. van Buren de Alvestêdetocht, en yn 1992 rûn er de Maraton fan New York. Hy is ek faak as taskôger by wichtige wedstriden. Under oaren wie er oant 1998 as taskôger oanwêzich by de Olympyske Spullen yn syn funksje fan beskermhear fan it Nederlânsk Olympysk Kommitee. Sûnt febrewaris 1998 is er lid fan it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee.

Húshâlding

Op 2 febrewaris 2002 boaske de prins mei Máxima Zorreguieta. De twa wienen dúdlik fereale, mar foar in soad minsken wie it in probleem dat de heit fan Máxima, Jorge Zorreguieta, part west hie fan de diktatuer yn Argentynje. Uteinlik waard dochs tastimming jûn foar de boask. Hjirút is op 7 desimber 2003 in famke berne, Prinsesse Catharina-Amalia. Op 26 juny 2005 waard in twadde famke berne, Prinsesse Alexia. In tredde bern, wer in famke, waard berne 10 april 2007: Prinsesse Ariane.