Swarte See: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Robot: interwiki gewijzigd van kk:Қара теңіз naar kk:Қара теңізі
L r2.7.3) (Bot - derby: pa:ਕਾਲਾ ਸਾਗਰ
Rigel 144: Rigel 144:
[[oc:Mar Negra]]
[[oc:Mar Negra]]
[[os:Сау денджыз]]
[[os:Сау денджыз]]
[[pa:ਕਾਲਾ ਸਾਗਰ]]
[[pl:Morze Czarne]]
[[pl:Morze Czarne]]
[[pnb:کالا سمندر]]
[[pnb:کالا سمندر]]

De ferzje fan 27 jan 2013 om 12.08

Swarte See
Lokaasje tusken Europa en Lyts-Aazje
See
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte 422 000 km²
Djipte (maks.) 2210 m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte m
Breedte
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte
Lingte (E-W) 1175 km
Oer

De Swarte See is in binnensee, dy't ynklamme leit tusken Jeropa en Lyts-Aazje. De Bosporus ferbynt de Swarte See mei de See fan Marmara, dy't op syn beurt fia de Dardanellen yn ferbining stiet mei de Midlânske See. Yn it noarden fan de Swarte See leit it skiereilân De Krim, dat ek grinzet oan de See fan Azov.

De lannen lizzend oan de Swarte See binne Oekraïne, Ruslân, Geörgje, Turkije, Bulgarije en Roemeenje. Yn'e Swarte See komme fiif grutte rivieren út: de Donau, de Dnjepr, de Dnjestr, de Don en de Kûban.

De namme

De Grykske seefarders út de âldheid tsjutten de Swarte See oan mei Pontos Euxeinos, de Gastfrije See. De Swarte See wie lykwols (wreed)ferneamd om har stoarmen yn de hjerst en winter, dat earder waard de see ek wol Pontos Axeinos neamd, de Ungastfrije See; út benaudens foar de goaden fan de see brûkten de Grykske seelju leaver de eufemistyske namme.

It minne waar yn de kontrei is ek grif de grûnslach fan de Turkske namme Kara Deniz, dêr't de yn de measte moderne talen de gongbere namme "Swarte See" fan ôflaat is.

It oerinnen fan de Swarte See nei de iistiid

Yn de iistiid wie de Swarte See in grut swietwettermar en wie der gjin ferbining mei de Middellânske See. Nei de iistiid ûntstie dizze ferbiningis. Hoe't dat krekt gien is en wannear, binne ferskate teoryen oer.

Wichtige havenstêden