Syrillysk alfabet: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JYBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: sah:Кириллица
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: zh-yue:西里爾字母
Rigel 138: Rigel 138:
[[zh:西里尔字母]]
[[zh:西里尔字母]]
[[zh-classical:西里爾字母]]
[[zh-classical:西里爾字母]]
[[zh-yue:西里爾字母]]
[[zh-min-nan:Kyril jī]]
[[zh-min-nan:Kyril jī]]

De ferzje fan 27 jan 2013 om 05.28

Brûkme fan it Sirillyske alfabet

It Sirillyske alfabet (Russysk: кириллица, kirillitsa) is in alfabet wêrmei't seis Slavyske talen skreaun wurde: Russysk, Oekraynsk, Wyt-Russysk, Servysk, Masedoanysk en Bulgaarsk. Troch de ynfloed fan de Russen wurdt it Sirillyske alfabet ek brûkt foar net-Slavyske talen lykas it Kazaksk en Tataarsk (Turkske talen), it Oedmoertsk (in Finoegryske taal) en it Mongoalsk.

Skiednis

Kyrillos en Metodius makken yn de 9e ieu it Glagolityske skrift omdat it Grykske alfabet net foldie foar de Slavyske talen. Wa't it Sirillyske alfabet makke hat is net wis. It Sirillyske alfabet ferwiist wol nei Kyrillos, mar neffens akademisy ûntstie it alfabet healwei de 10e ieu yn it easten fan Bulgarije. Dêrom kin it neffens dy akademisy net sa wêze dat Kyrillos de betinker fan it Sirillyske alfabet is. It Grykske alfabet waard wol as basis brûkt foar it Sirillyske alfabet. Lûden dy't it Gryksk net hie, krigen spesjaal omtinken yn it Glagolityske en Sirillyske alfabet.

Letters

As dyn blêder de Sirillyske tekens net lêze kin, sjoch dan op dizze side.
а б в г д е ё ж з и й к л м н о п р с т у ф х ц ч џ ш щ ъ ы ь э ю я
а б в г д е ё ж з и й к л м н о п р с т у ф х ц ч џ ш щ ъ ы ь э ю я
à b v g d è e zj z i j k l m n o p r s t oe f ch ts tsj dj sj sjtà - y - e joe ja

De ъ en ь wurde as lêstekens brûkt, respektivelik in hurd teken en in sêft teken.

Keppeling om utens

Commons Commons: Sirillyske alfabet – foto, fideo en harktriemmen