Rôfdieren: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Nije Side: De '''rôfdieren''' (Latynske namme: ''Carnivora'') foarmje in grut skift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (''Mammalia''), dêr't û.m. de famyljes fan 'e [...
 
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
Rigel 66: Rigel 66:
[[eo:Karnomanĝuloj]]
[[eo:Karnomanĝuloj]]
[[eu:Karniboro]]
[[eu:Karniboro]]
[[fa:گوشت‌خوارسانان]]
[[fa:گوشتخوارسانان]]
[[fo:Ránsdjór]]
[[fo:Ránsdjór]]
[[fr:Carnivora]]
[[fr:Carnivora]]

De ferzje fan 24 jan 2013 om 06.44

De rôfdieren (Latynske namme: Carnivora) foarmje in grut skift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), dêr't û.m. de famyljes fan 'e kateftigen, hûneftigen, bearen, martereftigen en seehûnen ûnder falle. Hoewol't it Latynske Carnivora "fleisiters" betsjut, hearre der ek allesiters ta en sels útslutende plante-iters, lykas de reuzepanda. Rôfdieren yn 'e smellere taksonomyske sin (dus op it mêd fan 'e wittenskiplike yndieling fan bistesoarten) moatte trouwens net betize wurde mei rôfdieren yn 'e bredere sin fan "predatoaren" (oftewol bisten dy't libje fan 'e jacht op oare bisten; sjoch dêrfoar: rôfdier).

De leden fan it skift fan 'e rôfdieren libje ferspraat oer alle wrâlddielen, Antarktika ynbegrepen. De lichtste is mei 35 g de wezeling, wylst de súdlike seeoaljefant wol 5 ton weagje kin. Yn it ferline waarden de lânrôfdieren (Fissipedia) en de seerôfdieren (Pinnipedia) yn aparte ûnderskiften of sels wol aparte skiften pleatst, mar dy yndieling is efterhelle.

Skiftopbou

In brune bear.