Stienbakkerij: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.23 - Square brackets not correct end (Fixed using Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 11: Rigel 11:


== Grinslân ==
== Grinslân ==
Yn de provinsje [[Grinslân]] wurde sûnt de [[12e ieu]] stiennen bakt. Yn it earstoan wienen dat [[kleastermop]]pen foar tsjerken, [[kleaster]]s en letter [[Stienhûs|stienhuzen]], dy't troch muontsen makke waarden. Yn de [[16e ieu]] ûnstiene dêrút tichelwurken, mei somtiids tichelboargen fan de eigners dêrby. In de [[19e ieu groeide it tal stienfabriken bot troch hieltyd mear huzebou en de ûntginning fan de Grinzer Feankoloanjen. Om 1900 hie grinslân sa'n 80 stienfabriken. Faktoaren as beheiningen yn de klaaiôfgraving, feroaring fan de fraache en sleauwens by it tapassen fan technyske fernijingen en skaalfergrutting laten ta sluting fan in protte fabriken yn de [[20e ieu]]. Yn 1979 noch naam de ''Verenigde Steenfabrieken Groningen'' de modernste stienfabryk van Nederlân yn gebrûk foar de produksje fan NeHoBo. De V.S.G. hie doe noch twa fabriken oer, yn [[Winneweer]] en [[Boerdam]] (ûnder Middelstum). Op it hichtepunt fan de produksje hie de V.S.G. fiif fabriken yn it wurk. De V.S.G. moast 1982 de poarten slute fanwege de minne merkomstannichheden yn dy jierren. 2002 gie de ferâldere stienfabryk Fivelmonde út Delfsyl ticht en waard Strating yn [[Oude Pekela]] de lêste stienfabryk vfan Grinslân. Sûnt it tichtgean fan stienfabryk Smeijers-Voortman út it Oeriselske [[Rijssen]] yn 2005, is it ek de iennige benoarden de grutte rivieren.
Yn de provinsje [[Grinslân]] wurde sûnt de [[12e ieu]] stiennen bakt. Yn it earstoan wienen dat [[kleastermop]]pen foar tsjerken, [[kleaster]]s en letter [[Stienhûs|stienhuzen]], dy't troch muontsen makke waarden. Yn de [[16e ieu]] ûnstiene dêrút tichelwurken, mei somtiids tichelboargen fan de eigners dêrby. In de [[19e ieu]] groeide it tal stienfabriken bot troch hieltyd mear huzebou en de ûntginning fan de Grinzer Feankoloanjen. Om 1900 hie grinslân sa'n 80 stienfabriken. Faktoaren as beheiningen yn de klaaiôfgraving, feroaring fan de fraache en sleauwens by it tapassen fan technyske fernijingen en skaalfergrutting laten ta sluting fan in protte fabriken yn de [[20e ieu]]. Yn 1979 noch naam de ''Verenigde Steenfabrieken Groningen'' de modernste stienfabryk van Nederlân yn gebrûk foar de produksje fan NeHoBo. De V.S.G. hie doe noch twa fabriken oer, yn [[Winneweer]] en [[Boerdam]] (ûnder Middelstum). Op it hichtepunt fan de produksje hie de V.S.G. fiif fabriken yn it wurk. De V.S.G. moast 1982 de poarten slute fanwege de minne merkomstannichheden yn dy jierren. 2002 gie de ferâldere stienfabryk Fivelmonde út Delfsyl ticht en waard Strating yn [[Oude Pekela]] de lêste stienfabryk vfan Grinslân. Sûnt it tichtgean fan stienfabryk Smeijers-Voortman út it Oeriselske [[Rijssen]] yn 2005, is it ek de iennige benoarden de grutte rivieren.


== Stienbakkerijen yn Nederlân ==
== Stienbakkerijen yn Nederlân ==

De ferzje fan 23 jan 2013 om 16.25

bakstiennen
Eardere stienfabryk Eastrum

In stienbakkerij (of stienfabryk, tichelwurk, panwurk) makket benammen bakstienen, en faak ek besibbe produkten, sa as dakpannen en stiennen buizen, troch it bakken fan klaai.

Wichtich foar stienfabriken wie it ta foldwaan hawwen fan genôch klaai en branje, dat in protte fabriken festigen har'yn klaaistreken of oan de râne dêrfan. De grutte rivieren by lâns is rivierklaai te finen. De bakstien waard eartiids mei skippen nei de ôfnimmers ferfierd; dêrom binne krekt dêr in soad stienfabriken te finen.

De grutste bakstienfabrikant fan de wrâld is it Eastenrykske Wienerberger dy't ek in protte fabriken yn Nederlân hat.

Fryslân

Yn 1953, 1963 en 1974 wienen der trije stienbakkerijen yn Fryslân ( yn 1963 120 wurknimmers ): Skinkeskâns CV by Skinkeskâns ûnder Ljouwert ( de iennige produsint fan Fryske giele stien), it kalkstienfabryk Burgumermar BV yn Skûlenboarch en NV Stienfabryk Schuilenga ( de iennige produsint yn Fryslân fan reade stien) yn Gerkeskleaster. It stienfabryk oan it Grutdjip by Eastrum wie yn dy jierren al ticht. Begjin 1975 wurken der sa'n 100 minsken yn de stienfabriken).

Grinslân

Yn de provinsje Grinslân wurde sûnt de 12e ieu stiennen bakt. Yn it earstoan wienen dat kleastermoppen foar tsjerken, kleasters en letter stienhuzen, dy't troch muontsen makke waarden. Yn de 16e ieu ûnstiene dêrút tichelwurken, mei somtiids tichelboargen fan de eigners dêrby. In de 19e ieu groeide it tal stienfabriken bot troch hieltyd mear huzebou en de ûntginning fan de Grinzer Feankoloanjen. Om 1900 hie grinslân sa'n 80 stienfabriken. Faktoaren as beheiningen yn de klaaiôfgraving, feroaring fan de fraache en sleauwens by it tapassen fan technyske fernijingen en skaalfergrutting laten ta sluting fan in protte fabriken yn de 20e ieu. Yn 1979 noch naam de Verenigde Steenfabrieken Groningen de modernste stienfabryk van Nederlân yn gebrûk foar de produksje fan NeHoBo. De V.S.G. hie doe noch twa fabriken oer, yn Winneweer en Boerdam (ûnder Middelstum). Op it hichtepunt fan de produksje hie de V.S.G. fiif fabriken yn it wurk. De V.S.G. moast 1982 de poarten slute fanwege de minne merkomstannichheden yn dy jierren. 2002 gie de ferâldere stienfabryk Fivelmonde út Delfsyl ticht en waard Strating yn Oude Pekela de lêste stienfabryk vfan Grinslân. Sûnt it tichtgean fan stienfabryk Smeijers-Voortman út it Oeriselske Rijssen yn 2005, is it ek de iennige benoarden de grutte rivieren.

Stienbakkerijen yn Nederlân

Stienfabryk by Tolkamer

Nederlân hat anno 2010 noch 39 stienfabriken dy't fan 12 bedriuwen binne; fan dy bedriuwen is it Eastenrykske Wienerberger fierwei it grutste. De measte fabriken stean oan- as net fier fan de rivieren Maas (goed 25%) en Waal (goed 20%). Distiid stean der lykwols ek hieltyd mear fabriken op bedriuwsterreinen dy't net oan it wetter lizze.

Eardere stienfabriken yn Nederlân

In protte stienfabriken stienen nei't sy sletten wienen in skoft leech en waarden lang om let sloopt, faak gie de skoarstien as earste del. Tsjintwurdich wurde oerbliuwsels fan eardere stienfabriken om reden fan harren histoaryske bestjutting geregeldwei as (yndustrieel) monumint oanwiisd. Bygelyks:

  • Stienfabryk yn Gilze (Noard-Brabân)
  • ‘De Bovenste Polder yn Wageningen (Gelderlân)
  • Stienfabryk yn Eastrum
  • Stienfabryk IJsseloord yn Willeskop (Utert)

Keppelings om utens

Brancheorganisaasje
Skiednis

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: