Jordaan (rivier): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: ur:دریائے اردن
L r2.7.3) (Bot - derby: hi:जॉर्डन नदी
Rigel 41: Rigel 41:
[[gl:Río Xordán]]
[[gl:Río Xordán]]
[[he:נהר הירדן]]
[[he:נהר הירדן]]
[[hi:जॉर्डन नदी]]
[[hy:Հորդանան (գետ)]]
[[hy:Հորդանան (գետ)]]
[[hr:Jordan (rijeka)]]
[[hr:Jordan (rijeka)]]

De ferzje fan 21 jan 2013 om 18.50

De Jordaan tusken Israel en Jordaanje yn

De Jordaan (Hebrieusk: נהר הירדן, nhar hajarden) (Arabysk: نهر الأردن, nahr aloerdoen), is in rivier yn it Midden-Easten dy't troch de Jordaanfallei fia de Mar fan Tiberias nei de Deade See streamt.

Yn grutte parten foarmet de Jordaan de grins tusken Israel en de besette Westlike Jordaanoere yn it westen en de Golanhichten (oarspronklik Syrysk en troch Israël beset) en Jordaanje yn it easten.

Tsjintwurdich wurdt 70 oant 90% fan it wetter fan de rivier brûkt foar minsklike doeleinen dêr't de rivier in stik lytser fan wurden is. As gefolch hjirfan is it opdroegjen fan de Deade See fersneld, in proses dat al tûzenen jierren dwaande is om't der mear wetter ferdampt as der ynkomt.

De Jordaan wurdt faak neamd yn de Bibel, dêr't ûnder mear yn skreaun stiet dat Jezus Kristus yn dizze rivier doopt waard troch Jehannes de Doper. Dat soe bard wêze kinne op it plak Betany oer de Jordaan.

De Jordaan