Wikipedy:Dochs wat regels: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Reverted to last edit by 61.55.134.196
L Tebek set ta de ferzje fan "Aliter"
Rigel 1: Rigel 1:
Om't de Wikipedy in [[Wikipedy:Wat_is_in_wiki|Wiki]] is binne der gjin redakteuren, mar binne wy tegearre ferantwurdlik foar de ynhâld fan ús ensyklopedy. As wy goede wenten ûntwikkele, en elkoar in bitsje bystjoere as dat winsklik is, dan soe it goed komme moatte. '''Dochs''' kin it maklik wêze en skriuw '''wat regels''' del, dêr't fan bliken dien hat dat ze in help wêze kinne. Dit binne fan dy regels.

<div style="border-bottom:2px solid #6688AA; background- color:#448844; margin:0em; padding:0.3em; text-align:center; color:#FFFFFF; font-weight:bold; font-size:130%; display:none">[http://www.emmss.com emmss][http://www.emmss.com 重庆][http://www.emmss.com 网站建设][http://www.emmss.com 网页设计][http://www.emmss.com 网站][http://www.emmss.com 重庆]</div>Om't de Wikipedy in [[Wikipedy:Wat_is_in_wiki|Wiki]] is binne der gjin redakteuren, mar binne wy tegearre ferantwurdlik foar de ynhâld fan ús ensyklopedy. As wy goede wenten &ucirc;ntwikkele, en elkoar in bitsje bystjoere as dat winsklik is, dan soe it goed komme moatte. '''Dochs''' kin it maklik wêze en skriuw '''wat regels''' del, dêr't fan bliken dien hat dat ze in help wêze kinne. Dit binne fan dy regels.


== Ien f&ecirc;ste regel ==
== Ien f&ecirc;ste regel ==

De ferzje fan 10 mrt 2004 om 15.16

Om't de Wikipedy in Wiki is binne der gjin redakteuren, mar binne wy tegearre ferantwurdlik foar de ynhâld fan ús ensyklopedy. As wy goede wenten ûntwikkele, en elkoar in bitsje bystjoere as dat winsklik is, dan soe it goed komme moatte. Dochs kin it maklik wêze en skriuw wat regels del, dêr't fan bliken dien hat dat ze in help wêze kinne. Dit binne fan dy regels.

Ien fêste regel

Der is mar ien fêste regel: Foar al ús bydragen jilde de fjouwer F-en:

  • Frysk: Us teksten moatte yn it Frysk wêze. (Oars binne der ek Wikipedyen in oare talen.)
  • Feitlik: Wat yn ús teksten stiet moat echt sa wêze.
  • Frij: Alle bydragen moatte frij wêze. Dat wol sizze: Frij van rjochten. Se moatte ûnder de GNU Iepen Dokumentaasje Lisinsje falle, of ûnder in lykweardiche lisinsje, of se moatte publyk besit wêze.
  • ObjekyF: Wat yn ús teksten stiet mei net kleurt wêze troch ús eigen fisy. As eat fan mear kanten besjoen wurde kin, dan moatte wy ek wier de ferskate kanten yn ús teksten opnimme. Dit is in ensyklopedy, dus de teksten moatte objektyf wêze.

Oare regels

De rest is mear advys:

  • Meitsje jo net te drok om de regels. Meidwaan oan de Wikipedy moat aardich bliuwe. Mar om't wy de teksten tegearre meitsje, sil in tekst dy't jo skriuw grif oapast wurde as in oar fynt dat it de tekst de fjouwer F-en net achtet. (Eltse side hat in oerlisside om soks troch te praten.)
  • Begjin nije siden: Teksten hoeche net daalks it lêste wurd oer it mêd te wêzen. Eltsenien gin gewoan begjinne it eigen witten del te skriuwen. Dat kin sels ien inkele sin wêze. As der mar ien kear immen wat skriuwt komme der fansels oaren dy't der wat oan tafoegje wolle.
  • Keppelje siden. Alles hoecht begelyks net op ien side te stean. Als jo in wurd jargon brûke kin dat op in eigen side beskreaun wurde. En oarsom kinne jo keppelingen meitsje nei oare siden dy't skrean binne oer wat jo allinnich oanstippe.
  • Bou in ensyklopedy. Foegje ta wat yn in ensyklopedy heart, en betink wêr't it stean moat. As jo eat oan in side tafoegje wolle, betink dan earst of it geskikt is. As it by de side past, skriuw it dan wêr't it yn de tekst ynpast wurde kin, en pas de tekst der om hinne ek oan. Mar datselde jildt ek as jo in nije side tafoegje. Betink ek dan of it mêd geskikt is foar de wikipedy, hokfoar titel geskikt is, en wêr't de side teplak is, en pas oare siden oan en keppelje se mei de nije side.
  • Meitsje keppelings om útens. Fansels is it baas om ynformaasje oer te nimmen op ús eigen siden, mar somtiden kin dat net. Yn sa'n gefal, mar ek om oan te jaan hokfoar boarnen jo foar in side brûkt hawwe, kinne jo keppelings tafoegje nei siden bûten de Wykipedy. Dy keppelings wurde dan as in aparte rige ûnderoan de side skreaun.
  • Meitsje siden net te wyld. Brûk kleuren en fette, skeane en gruttere letters allinnich as dat wier in doel hat. En foar keppleings jildt itselde. Besykje keppelings allinnich ta te foegjen as in lêzer der brûk fan meitsje soe. Dat betsjut ek dat it meast gjin doel hat en nim twa kear deselde keppeling op op deselde side.
  • Wês eksakt. Us siden sille lêzen wurde troch minsken yn oare jieren, en fan oare plakken fan de wrâld. Dêrom wurdt in side better as der net stiet dat eat dit jier barre is, mar as der stiet yn hokfoar jier dat wie. En as der ek in krekte datum foar is, is dat noch better fansels. En datselde jildt foar oantallen. Al wit men bygelyks meast net it krekte tal fan minsken yn in demonstraasje, dan is "inkele tûsenen minsken" net so dúdelik as "tusken de trije tûsen en fjouwer tûsen mensken". En sa ek foar plakken. "Wûnseradiel" is better as "It westen fan ús provinsje", as it feitlik is, "Skylge en Flylân" is better as "de westlike twa eilannen", ensfh.


Mar úteins gjit it dêrom dat wat jo skriuwe of oanpasse in ferbettering foar de Wikipedy wêze moat.