Geslachtsmienskip: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Kamasutra5.jpg|thumb|250px|Geslachtsferkear, plaatsje ít de [[Kamasûtra]]]]
[[Ofbyld:Kamasutra5.jpg|thumb|250px|Geslachtsferkear, plaatsje ít de [[Kamasûtra]]]]
'''Geslachtsferkear''', ''koïtus'', ''kopulaasje'' of ''neuke'' is it ynbringen fan de [[penis]] yn [[ereksje]] yn de [[fagina]]. Geslachtsferkear en [[masturbaasje]] binne de meast foarkommende [[seks]]uele aktiviteiten ûnder minsken. Yn de bistewrâld kenne ûnder oare [[apen]] en [[oaljefanten]] in soarte fan masturbaasje. By bisten wurdt kopulaasje pearjen neamd. Geslachtsferkear is de earste stap fan de fuortplanting. Lykas foar alle termen dy't mei de [[seksualiteit]] te krijen hawwe, binne ek foar ''geslachtsferkear in protte alternative wurden.
'''Geslachtsferkear''', ''koïtus'', ''kopulaasje'' of ''neuke'' is it ynbringen fan de [[penis]] yn [[ereksje]] yn de [[fagina]]. Geslachtsferkear en [[masturbaasje]] binne de meast foarkommende [[seks]]uële aktiviteiten ûnder minsken. Yn de bistewrâld kenne ûnder oare [[apen]] en [[oaljefanten]] in soarte fan masturbaasje. By bisten wurdt kopulaasje pearjen neamd. Geslachtsferkear is de earste stap fan de fuortplanting. Lykas foar alle termen dy't mei de [[seksualiteit]] te krijen hawwe, binne ek foar ''geslachtsferkear in protte alternative wurden.


Geslachtsferkear wurdt ornaris foarôfgien troch in [[Foarspul (seksualiteit)|foarspul]] dat de partners seksueel prikelt en dêrtroch harren lichems tariedet: de penis wurdt stiif en produsearret [[foarfocht]] en de fagina wurdt [[Faginale ôfskieding|fochtich]]. Hjirnei kan de penis yn de fagina ynbrocht wurde. BY it geslachtsferkear wurdt de penis nei foaren en efteren beweechd, wêrtroch't de man hieltiten mear stimulearre wurdt en as it goed is ek de [[frou]], normaalwei oant beide 'klearkomeme' (in [[orgasme]] krijge): by de frou komt der ekstra focht frij en by de man spuitet it [[sperma]] út de penis ([[ejakulaasje]]).
Geslachtsferkear wurdt ornaris foarôfgien troch in [[Foarspul (seksualiteit)|foarspul]] dat de partners seksueel prikelt en dêrtroch harren lichems tariedet: de penis wurdt stiif en produsearret [[foarfocht]] en de fagina wurdt [[Faginale ôfskieding|fochtich]]. Hjirnei kan de penis yn de fagina ynbrocht wurde. BY it geslachtsferkear wurdt de penis nei foaren en efteren beweechd, wêrtroch't de man hieltiten mear stimulearre wurdt en as it goed is ek de [[frou]], normaalwei oant beide 'klearkomeme' (in [[orgasme]] krijge): by de frou komt der ekstra focht frij en by de man spuitet it [[sperma]] út de penis ([[ejakulaasje]]).

De ferzje fan 12 jan 2013 om 17.02

Geslachtsferkear, plaatsje ít de Kamasûtra

Geslachtsferkear, koïtus, kopulaasje of neuke is it ynbringen fan de penis yn ereksje yn de fagina. Geslachtsferkear en masturbaasje binne de meast foarkommende seksuële aktiviteiten ûnder minsken. Yn de bistewrâld kenne ûnder oare apen en oaljefanten in soarte fan masturbaasje. By bisten wurdt kopulaasje pearjen neamd. Geslachtsferkear is de earste stap fan de fuortplanting. Lykas foar alle termen dy't mei de seksualiteit te krijen hawwe, binne ek foar geslachtsferkear in protte alternative wurden.

Geslachtsferkear wurdt ornaris foarôfgien troch in foarspul dat de partners seksueel prikelt en dêrtroch harren lichems tariedet: de penis wurdt stiif en produsearret foarfocht en de fagina wurdt fochtich. Hjirnei kan de penis yn de fagina ynbrocht wurde. BY it geslachtsferkear wurdt de penis nei foaren en efteren beweechd, wêrtroch't de man hieltiten mear stimulearre wurdt en as it goed is ek de frou, normaalwei oant beide 'klearkomeme' (in orgasme krijge): by de frou komt der ekstra focht frij en by de man spuitet it sperma út de penis (ejakulaasje).

Posysjes

It geslachtsferkear kin op ferskillende manieren barre.
It meast wênstige is wierskynlik dat by heteroseksualiteit de man boppe-op de frou leit, de partners mei de gesichten nei inoar ta, sadat se inoar sjen kinne en tútsje kinne. Yn in fariant fan dizze posysje kinne de gesichten ek neist inoar holden wurde. De frou kin har skonken plat hâlde, of bûgd, of hielendal omheech nei har skouders ta. Dizze hâlding wurdt ek wol de misjonarishâlding neamd, dizze namme krige it wierskynlik omdat it de ienige troch de Roomsk-Katolike Tsjerke goedkarde posysje wie om geslachtferkear te hawwen. Foar sawol de man as de frou kinne ferskillende hâldingen fan de skonken fan de frou in oar gefoel ta gefolgen hawwe: it sterker bûgen fan de heupen hat ta gefolch dat de penis djipper yn de fagina binnenkringe kin. Oft dat noflik is, hinget ôf fan persoanlike foarkarren en de anatomy fan de partners.

Under it geslachtsferkear bewege de partners harren heupen, sadat de penis op en del beweecht yn de fagina. Nei in skoftke sil de man in hichtepunt belibje en wurdt it sperma útstjitten. Meastal duorret it geslachtsferkear inkele minuten, en it hichtepunt inkele sekonden.

Oare hâldings binne:

Mei de gesichten nei elkoar ta:

misjonaris, de frou spriedet har skonken en de man leit op de frou.
fanút misjonaris, de skonken nei boppe en dan langs har holle bûgd; hjirmei wurdt it G-plak stimulearre.
Op de side lizzend. Ek hjirby kinne de skonken fan de frou ferskillende hâldingen oannimme.
De frou sit of leit boppe-op de man. Yn dizze posysje sil de frou de heupbewegingen meitsje moatte en is de man passiver.

Met de gesichten fan elkoar ôf:

De frou sit boppe-op de man op har knibbels, hja makket in op-en-del geande beweging
"Op syn hûntsjes". De frou sit op har knibbels en skoarret op har hannen, bygelyks op de râne fan it bêd. De man stiet efter har. Dit is ek in hâlding dy't anale seks mooglik makket.
De frou leit op har liif en de man leit op har rêch, mei syn gesicht nei de efterholle fan de frou.
De frou leit op har side en de man efter har, als "leppeltsjes".

Mei wat fantasij kinne noch oare farianten betocht wurde; it fariëren fan de posysje by geslachtsferkear kin men de positive spanning yn de relaasje bewarje en tefoaren komme dat de belibbing fan de seksualiteit ferwurdt ta in rûtine. It ieuwenâlde boek Kamasutra wurdt beskôge as it standertwurk op dit mêd.