Wyt-Ruslân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JYBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: pcd:Biélorussie
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: ts:Belarus
Rigel 236: Rigel 236:
[[tpi:Belaras]]
[[tpi:Belaras]]
[[tr:Beyaz Rusya]]
[[tr:Beyaz Rusya]]
[[ts:Belarus]]
[[tt:Беларусия]]
[[tt:Беларусия]]
[[udm:Белоруссия]]
[[udm:Белоруссия]]

De ferzje fan 8 jan 2013 om 16.04

Беларусь
Flagge fan Wyt-Ruslân Wapen fan Wyt-Ruslân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wyt-Ruslân
Offisjele taal Wyt-Russysk, Russysk
Haadstêd Minsk
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
207.600 km²
0­%
Ynwenners (2009) 9.648.533
Munt Roebel (BYR)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei -
Lânkoade BLR
Ynternet .by
Tillefoan 375

Wyt-Ruslân is in lân yn East-Jeropa. De haadstêd is Minsk en de presidint fan de republyk is sûnt 1994 Aleksandr Lukashenko. Sûnt Loekasjenko yn july 1994 presidint waard, is Wyt-Ruslân hieltyd mear in diktatoriale steat wurden. Wyt-Ruslân wurdt ek wol de lêste diktatuer fan Jeropa neamd. It regear beheint de frijheid fan mieningsutering, parsefrijheid, en de frijheid fan religy.

Geografy

Lizzing

Wyt-Ruslân wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Strusta Mar yn de provinsje Fitebsk.

Wyt-Ruslân is in oerwegend flak lân en ûnderdiel fan it East-Jeropeeske Leechlân. It lânskip waard yn de iistiid foarme en karakterisearre troch talrike rivieren, kanalen, marren en wiidweidige foar in part sompige bosken.

Yn it suden lizze de Pripjat-sompen, ien fan Jeropa's grutste Fean- en Sompegebieten. De toeristyske trekpleisters fan it lân binne, útsein de haadstêd Minsk, fral de protte oer it hiele lân ferspriede marren.

Wyt-Ruslân hat in oerflak fan 207.600 km². It leechste punt leit by rivier de Memel, 90 meter boppe seenivo. It heechste punt leit by de Dzyarzhynskaya Hara, 346 meter boppe seenivo.

Klimaat

It klimaat sit wat tusken in lânklimaat en seeklimaat yn, de winters binne kâld mei mylde simmers.

Skiednis

Nei sân desennia as republyk fan de Sowjetuny wurdt Wyt-Ruslân ûnôfhinklik yn 1991. Nei de ûnôfhinklikens holdt it syn politike en ekonomyske bining mei Ruslân, mear noch as mei oare eardere Sowjet steaten. Wyt-Ruslân en Ruslân tekenen op 8 desimber 1999 in ferdrach mei as doel mear politike en ekonomyske yntegraasje. Hoewol't Wyt-Ruslân in ramtferdrach ratifisearre hat mei as doel it útfieren fan it akkoard, hat ymplemintaasje nea plakfûn.

Demografy

It ynwennertal wurdt yn 2009 op 9.648.533 rûsd. De etnyske gearstalling yn 1999 wie as folget: 81,2% Wyt-Russen, 11,4% Russen, 3,9% Poalen, 2,4% Oekraïniërs en 1,1% hie in oare etnyske komôf. 80% fan alle ynwenners hat it Eastersk-Ortodokse leauwen, de oare 20% binne Protestânsk, Roomsk, Joadsk of Moslim (1997). De twa grutste talen binne Wyt-Russysk en Russysk.

Ekonomy

BYP per persoan is $10.600 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 8,7% lânbou, 40,6% yndustry en 50,6 tsjinsten.