Addis Abeba: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Makecat-bot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: wuu:亚的斯亚贝巴
L r2.7.3) (Bot - derby: pa:ਆਦਿਸ ਆਬਬਾ
Rigel 123: Rigel 123:
[[om:Addis Abeba]]
[[om:Addis Abeba]]
[[os:Аддис-Абебæ]]
[[os:Аддис-Абебæ]]
[[pa:ਆਦਿਸ ਆਬਬਾ]]
[[pl:Addis Abeba]]
[[pl:Addis Abeba]]
[[pms:Addis Abeba]]
[[pms:Addis Abeba]]

De ferzje fan 6 jan 2013 om 16.24

Addis Abeba
Ofbyld:Addis Abeba montage 1.jpg
Polityk
Lân Etioopje
Boargemaster Kuma Demeksa
Sifers
Ynwennertal 3.384.569 (2008)
Oerflak 530.14 km²
Befolkingsticht. 5.165/ km²
Stêdekloft 4.567.857
Hichte 2355 m
Oar
Tiidsône East Africa Time (UTC+3)
Koördinaten
Offisjele webside
Webstee oerheid

Addis Abeba (Amhaarsk: አዲስ አበባ , foar Nije Blom is de haadstêd fan Etioopje. De befolking fan de stêd telt 3.059.000 persoanen (2007). De stêd leit op in hichte tusken de 2200 en 3000 meter, oan de foet fan de berch Entoto, en is dêrmei de op twa nei heechste haadstêd fan de wrâld (nei La Paz, de haadstêd fan Bolivia en Kwito, dy fan Ekwador).

Addis Abeba is in kosmopolityske stêd mei mear as tsientallen etnyske kloften dy't in likegrut oantal talen sprekke. De grutste etnyske kloft binne de Amharen dy't ûngefear de helte fan de stêdsbefolking útmeitsje. Oare grutte kloften binne Oromo (19%), de Gurage (17%) en de Tigrinja (8%).

De stêd beskikt oer in universiteit, Addis Abeba universiteit. It ynternasjonaal fleanfjild Bole International Airport leit tichtby en de stêd hat ek in spoarferbining mei Dzjibûty, al is dizze al bûten gebrûk rekke troch de oarloch mei Eritrea.

Skiednis

It plak dêr't de haadstêd boud is waard keazen troch de frou fan keizer Menelik II en yn 1886 stifte.

Lizzing Addis Abeba yn Etioopje

De yn 1963 oprjochte Organisaasje fan Afrikaanske Ienheid (OAE) hat yn Addis Abeba har haadkertier. Yn 2002 waard de OAE lykwols ûntbûn en ferfongen troch de Afrikaanske Uny, dy't ek hjir festige is.

Berne yn Addis Abeba