Salt Lake City: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Escarbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: nov:Salt Lake City
TjBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: pap:Salt Lake City
Rigel 109: Rigel 109:
[[os:Солт-Лейк-Сити]]
[[os:Солт-Лейк-Сити]]
[[pam:Salt Lake City, Utah]]
[[pam:Salt Lake City, Utah]]
[[pap:Salt Lake City]]
[[pl:Salt Lake City]]
[[pl:Salt Lake City]]
[[pms:Salt Lake City]]
[[pms:Salt Lake City]]

De ferzje fan 5 jan 2013 om 15.37

Salt Lake City
De lizzing fan Salt Lake City
De lizzing fan Salt Lake City
Sifers
Ynwennertal 181.743 (2000)
Oerflak 282,4 km²
Befolkingsticht. 643/km²
Salt Lake City yn 1900
Salt Lake City Temple

Salt Lake City is de haadstêd fan Utah, ien fan de steaten fan de Feriene Steaten. In letterlike oersetting fan de namme Salt Lake City soe Sâltmarstêd opleverje; de Boskatlas út 1877 sprekt fan Grutte Sâltmarstêd. Salt Lake City waard yn dy tiid ommers ek yn it Ingelsk Great Salt Lake City neamd.

Neffens de folkstelling fan 2000 wie it tal ynwenners fan Salt Lake City 181.743 (foar 159.936 oer yn 1990). It tal ynwenners fan de hiele agglomeraasje is goed 1 miljoen.

Op 24 july 1847 waard Salt Lake City stifte troch 143 manlju, 3 froulju en twa bern. De delsetting waard fêstige oan de eastkust fan it Great Salt Lake (de Grutte Sâltmar). De earste Europeaan dy't him yn it gebiet fêstige dat op dit stuit yn Utah bekend stie, wiene Mormoonske pioniers dy't besochten te ûntsnappen oan de ferfolging fan harren leauwen. Op de bewuste moarn spruts Brigham Young, dy't de de lieder fan de Mormonen wie nei de dea fan harren tsjerkeheit Joseph Smith Jr., de histoaryske wurden "dit is it plak". Hy ferwiisde dêrby nei in fisioen dat er hân hawwe soe dat him sei wêr't er de Mormonen harren fêstigje litte moast.

Salt Lake City is op dit stuit net allinne de haadstêd, mar ûnderwilens ek útgroeid ta de grutste stêd fan de steat. De stêd sels hat in rjochthoekich strjittenstelsel dêr't de measte strjitten presys fan noard nei súd, of fan east nei west, rinne. It begjinpunt fan it strjittenstelsel is súdeasthoeke fan Temple Square, de lokaasje fan de Salt Lake City tempel fan de Mormonen. De adressen binne de koördinaten yn dat stelsel.

De stêd leit yn in grutte delling, de Salt Lake Valley. Ut de stêd wei binne se skygebieten yn de bergen binnen in heal oere te berikken. Trochdat de sniegebieten flakby Salt Lake City lizze, hat dy stêd de reputaasje dat dêr de bêste snie op de ierde is. Eastlik en súdlik fan Salt Lake City binne ferskate boskgebieten lykas Wasatch-Cache National Forest, Asley National Forest, Uinta National Forest, Manti-la Sal National Forest, Fishlake National Forest en Dixie National Forest.

Countryhûs fan Salt Lake City

De grutte sâltmar noardlik fan de stêd hat in tuskenbeiden effekt op it winterwaar yn de stêd. De temperatuer komt mar inkeldris ûnder de -20 °C. Ek de simmer hat troch de sâltmar in tuskenbeiden karakter, ek troch it feit dat de stêd op in hichte fan 1300 meter boppe seespegel leit. Alle jierren binne der wol in pear dagen mei temperatueren boppe de 37 °C. Dy dagen binne lykwols net ûndraachlik, omdat de fochtichheidsgraad yn dy droege omjouwing bysûnder leech is. Fan novimber oant maart kinne der sniebuien falle, mar dy buien leverje yn de delling mar inkeldris mear as 30 sm snie op. Plakken yn de buert krije faak it mearfâldige dêrfan. Fan july oant septimber hearsket der in reinseizoen dat sa no en dan felle tongerbuien bringt.

Yn 2002 waarden yn Salt Lake City de Olympyske Winterspullen hâlden. Salt Lake City is ek de thúshaven fan de Utah Jazz út de NBA (National Basketball Association).