Amsterdam: ferskil tusken ferzjes
L Bot - derby: kab:Amesterdam |
SantoshBot (oerlis | bydragen) L r2.7.3) (Bot - derby: pa:ਅਮਸਤਰਦਮ |
||
Rigel 180: | Rigel 180: | ||
[[oc:Amsterdam]] |
[[oc:Amsterdam]] |
||
[[os:Амстердам]] |
[[os:Амстердам]] |
||
[[pa:ਅਮਸਤਰਦਮ]] |
|||
[[pam:Amsterdam]] |
[[pam:Amsterdam]] |
||
[[pap:Amsterdam]] |
[[pap:Amsterdam]] |
De ferzje fan 3 jan 2013 om 11.22
Dizze side giet oer de stêd Amsterdam, haadstêd fan Nederlân. Sjoch Amsterdam (betsjuttings) foar oare betsjuttings fan "Amsterdam".
Amsterdam | |
---|---|
Lokaasje yn Nederlân en Jeropa | |
|
Tiidsône : UTC 0/Simmer UTC 0 |
Flagge | Wapen |
Basis ynformaasje | |
Gebiet | 105,4 km² Stêd |
Tal ynwenners | 742884Stêd |
Tal ynwenners km² | 4459 km² Stêd |
Regear | |
Lân | Nederlan |
Konstituint lân | Nederlân |
Regio | Rânestêd |
Administratife yndieling | 14 distrikten (stêdsdielen) |
Boargemaster | Eberhard van der Laan (PvdA) sûnt 2010 |
Politike partijen | Politike partijen Nederlan |
Webside | www.amsterdam.nl |
Amsterdam is de haadstêd fan Nederlân.
Amsterdam is yn Nederlân de stêd mei it grutste oantal ynwenners (738.763 op 1 jannewaris 2004). Yn tsjinstelling ta in soad oare lannen is de residinsje net yn de haadstêd festige. Faak wurdt der dêrom fan in kulturele haadstêd sprutsen, al is Amsterdam ek de twadde seehaven fan Nederlân, en hawwe in protte wichtige bedriuwen yn Amsterdam harren haadfestigings. Fierders hat Amsterdam in tige florissante toerismesektor.
Skiednis
Om-ende-by 1270 waarden yn de Amstel Sluzen oanlein. De minsken dy't har op dat stee festigen krige yn 1275 fan de Hollânske greve Floris V it rjocht fan tolfrijheid troch it greefskip. Doe't de delsetting om 1300 stedsrjochten krige sette de opkomst fan Amsterdam as stêd útein.
Yn de 15e ieu wennen der al 30.000 minsken yn Amsterdam en ûntwikkele it har ta grutste 'keapstêd' fan Hollân. Der ûntstie in aristokratysk oligargyske bestjoersfoech mei fjouwer boargemasters dy't oppermachtich wienen. Nei de byldestoarm besette Spanjert Alva yn 1567 de stêd. Yn 1578 fûn de saneamde Alteraasje fan Amsterdam plak, it stedhûs waard troch kalvinisten beset en der waard in nije froedskip keazen dy't benammen út kalvinisten bestie. De Katolike geastlikheid gong doe wei út de stêd. Nei de fal fan Antwerpen (1585), de wichtichste havenstêd yn de Súdlike Nederlannen en konkurrint, kamen in protte Antwerpenarren nei Amsterdam en festigen har yn de stêd. Gau dêrop arrivearren ek earste flechte Joaden, dy't foar in ûnbidige opbloei fan de Amsterdamske hannel soargen hawwe.
Yn 1602 waard de Feriene Eastynjeske Kompanjy oprjochte, dêr't Amsterdam foar minstens de helte yn dielnaam, en yn de 17e ieu (de Gouden Ieu) waard de stêd troch de opkomst fan de geldhannel it wrâldhannelsintrum. Hollânske hannelslju gongen mei skippen de hiele wrâld oer en stiftsje hannelsposten en delsettings. De stêd kaam ta grutte kulturele bloei, û.o op it mêd fan wittenskip en keunst. Yn de 18e ieu waard de rol fan Amsterdam as steapelmarkt stadichoan minder wichtich, mar as finansjeel sintrum waakse de stêd noch hieltyd, oant de Fjirde Ingelske Oarloch (1780-1784) doe it fan Ingelân ferlear en troch de ôfsluting fan de see ûnder de Frânske tiid, dat de deastek joech. De iepening fan it Noardseekanaal (1876) en it Merwedekanaal (1892) hawwe yn de 19e ieu wer foar nije ekonomyske oplibbing soarge, mar de stêd waard swier troffen troch de krisis fan de tritiger jierren.
Yn de earste jierren fan Twadde Wrâldkriich (1941-1942) waard de Joadske befolking nei Dútske konsintraasje- en ferneatigingskampen brocht. Op de ein fan de oarloch hie Amsterdam te lijen troch de Hongerwinter (1944-19450. Healwei de jierren sechtich wie der in earnstige gesachskrisis (mei hichtepunten yn 1966: houlik prinses Beatrix, opskoar nei oanlieding fan in sosjaal konflikt ûnder de boufakarbeiders). De stêd waard yn de jierren sechtich it sintrum fan groepen en bewegingen dy't nei maatskiplike fernijingen stribjen ('Provo', 'Kabouters', studinten en keunstners).
Stêdsoansicht
Wat fuortendalik opfalt oan'e Amsterdamske binnenstêd, ek yn in lân mei sa folle wetter as Nederlân, binne de grêften. Neist de Amstel, dêr't de stêd syn namme fan hat, en it IJ, de twa wetterweien fan natuerlike oarsprong fan'e stêd, binne dat yn it foarste plak de Hearegrêft, de Keizersgrêft en de Prinsegrêft, dy't as trije ringen om de âlde binnenstêd lizze. Lytsere grêften ferbine de ringgrêften mei elkoar, en mei de grêften út de âlde binnenstêd. En oan al dy grêften stean dan de grêftehûzen.
Wichtige plakken en gebouwen
Miskien it bekendste plak fan Nederlân is de Dam, mei it Keninklik Paleis, de Nije Tsjerke, it Museum Madame Tussaud en it Nasjonaal Monumint op de Dam, foar de fallenen út de Twadde Wrâldkriich. Oare wichtige gebouwen binne, wat de tjerken oanbelanget, de Westertsjerke (mei de bekinde Westertoer), de Moses- en Aärontsjerke en de Sint-Nikolaastsjerke. Wat oare gebouwen oanbelanget binne in soad âlde en nije(re) gebouwen it neamen wurdich, lykas de Beurs fan Berlage en it Sintraal Stasjon. Yn Amsterdam-Súdeast, ek as Bijlmermar bekend, binne de lêste tsien jieren in pear opfallende gebouwen delsetten, wêrûnder de Amsterdam Arena, 't stadion fan fuotbalklub Ajax.