Ludwik Zamenhof: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JYBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: pnb:لودویک زامنہوف
L r2.7.1) (Bot - derby: ckb:لودڤیگ زامێنھۆف
Rigel 20: Rigel 20:
[[ca:Lluís Llàtzer Zamenhof]]
[[ca:Lluís Llàtzer Zamenhof]]
[[cy:L. L. Zamenhof]]
[[cy:L. L. Zamenhof]]
[[ckb:لودڤیگ زامێنھۆف]]
[[cs:Ludvík Lazar Zamenhof]]
[[cs:Ludvík Lazar Zamenhof]]
[[cu:Людвигъ Ꙁамєнхофъ]]
[[cu:Людвигъ Ꙁамєнхофъ]]

De ferzje fan 28 des 2012 om 21.53

L.L. Zamenhof

Ludwik Zamenhof Lejzer ( Białystok, 15 desimber 1859 - Warsjau,14 april 1917 ) wie in Poalske arts en makker fan it Esperanto, de meest foarkommende keunsttaal . Zamenhof wie gjin taalkundige, mar hie in grutte kennis fan de taal. Syn memmetaal wie it Russysk (tsjin gefaar) en it Jiddysk (de mem) en hy spruts ek floeiend Poalsk en Dútsk en koe Frâns, Gryksk, Latyn, Italjaansk, Ingelsk, Hebrieusk, Arameesk en wartaal lêze, en hie wat kennis van it Spaansk en Litousk . Zamenhof waard berne op 3 desimber 1859 neffens de Juliaanse kalinder yn de stêd Białystok (it is de Poalske namme foar de stêd - it is no Poalen), dy't dêrnei yn it Russyske ryk lei. De befolking fan Białystok bestie út trije etnyske groepen: Poalen, Wit-Russen en Jiddysk sprekkende joaden . Zamenhof wie fertrietlik troch de rûzje tusken dizze groepen. Hy miende dat de grutste oarsaak fan haat en foaroardielen lei en it ûnbegryp fan beide kanten kaam troch it ûntbrekken fan in mienskiplike taal dy't brûkt wurde kin as in neutrale foarm fan kommunikaasje tusken minsken fan ferskillende etnyske en taalkundige eftergrûnen.

Dêrnei ferfarde de famylje nei Warschau, dêr't Zamenhof nei de middelbere skoalle gie. Wyls wurke hy oan in ynternasjonale taal. Yn 1878 wie syn projekt lingwe uniwersala klear, mar Zamenhof wie te jong om it te publisearjen en joech it oan syn heit dat dy it op slaan soe oant Zamenhof klear wie mei syn stúdzje. Mar syn heit fûn it tiidfergiemen en ferbaarnde it plan.. Zamenhof begûn oan in stúdzje Genêskunde, earst yn Moskou en letter yn Warschau. Hy krige yn 1881 yn'e gaten dat syn earste taalprojekt ferbaarnd wie, en begûn in nijen-ien te meitsjen. Yn 1885 wie hy klear mei syn universitêre stúdzje en begûn te wurkjen as eacharts yn Warschau. Nei besykjen fûnsen te werven foar in twadde taalprojekt, publisearre hy yn 1887 mei finansjele stipe fan syn takomstige skoanheit. It boek ferskynde ûnder de skûlnamme Doktoro Esperanto (dokter Hoopfol) dêr't de taal syn namme troch krige. Want Zamenhof seach it net allinnich as taal, mar ek in middel om syn ideeën fan it freedsume mienskip tusken ferskillende folken mei te fersprieden.