Myanmar: ferskil tusken ferzjes
L r2.7.1) (Robot: interwiki gewijzigd van sa:म्यन्मार naar sa:म्यान्मार |
L Bot - oars: ro:Birmania→ro:Birmania/Myanmar |
||
Rigel 186: | Rigel 186: | ||
[[pt:Myanmar]] |
[[pt:Myanmar]] |
||
[[qu:Myanmar]] |
[[qu:Myanmar]] |
||
[[ro:Birmania]] |
[[ro:Birmania/Myanmar]] |
||
[[ru:Мьянма]] |
[[ru:Мьянма]] |
||
[[rw:Mayanimari]] |
[[rw:Mayanimari]] |
De ferzje fan 28 des 2012 om 08.17
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
| |||||
Offisjele taal | Birmaansk | ||||
Haadstêd | Naypyidaw | ||||
Steatsfoarm | Junta | ||||
Gebiet % wetter |
678.500 km² 3,06% | ||||
Ynwenners (2004) | 54.000.000 | ||||
Munt | Kyat (MMK) | ||||
Tiidsône | UTC +6,5 | ||||
Nasjonale feestdei | 4 jannewaris | ||||
Lânkoade | MMR | ||||
Ynternet | .mm | ||||
Tillefoan | 95 |
Birma is in lan yn Súdeast-Aazje. It lân hjit sûnt 21 oktober 2010 offisjeel Republyk fan de Uny fan Myanmar, fan 1989 oant 2010 hjitte it Uny fan Myanmar. De haadstêd is sûnt 7 novimber 2005 it sintraal yn it lân lizzende Naypyidaw. De âlde haadstêd Rangoon (Yangon), de grutste stêd fan it lân, wurdt ûnder oaren troch België, de Europeeske Uny en de Feriene Steaten noch altyd as haadstêd beskôge. Nederland erkent de nije haadstêd wol.
Geografy
Lizzing
Birma wurdt begrinzge troch:
- Sina yn it noarden;
- Laos yn it easten;
- Tailân yn it súdeasten;
- de Andaman See en de Baai fan Bengalen yn it suden;
- Banglades en Yndia yn it westen.
Lânskip
Birma wurdt oan de grinzen omringd troch hege bergen. It mei oerwâlden begroeide Arakanberchtme is in útrinner fan de Himalaya. Eastlike fan dit berchtme leit in tinbefolke leechflakte, it Shan-plato, dy't it streamgebiet foarmet fan de Irawady. Dizze rivier befloeid it grutste rysikkerlân fan de wrâld.
It lân hat in tropysk klimaat en leit yn in moessonsône. Populêre toeristenbestimmingen binne de boedistyske monuminten yn Yangon en Pagan en de prachtige natoer fan it Shan-plato.
Foar de kust lizze ek in protte eilannen.
Skiednis
Yn de 8e ieu waard it gebiet fan Birma kolonisearre fanút Sjina en yn de 13e ieu troch de Mongoalen ferovere. De striid om Birma troch ferskate riken einige yn 1752 doe't it hiele lân ûnder ien Birmeesk bewâld brocht waard.
Yn de rin fan de 19e ieu waard Birma yn in trijetal oarloggen (1824-1826; 1852 en 1895) alhiel by Britsk-Yndia ynliifd en stie it ûnder Britsk bewâld. Yn 1937 krige it selsbestjoer ûnder in Britsk gûverneur en yn 1948 folge in folslein ûnôfhinklik parlimintêre demokrasy bûten it Britske Mienebest.
Under premier U Nu oriëntearre Birma harren hieltyd mear op it kommunistyske Sjina, mar tidens de kulturele revoluzje ferkoelden lykwols de betrekkingen. U Nu waard yn 1962 troch it leger ôfsetten en folge in militêr rezjym dat sûnt dy tiid alle besikingen om te demokratisearen tsjin holden hat.
Demografy
Befolking
De befolking fan Birma bestiet út in protte etnyske groepen, û.o. de Bamar (69%), Shan (9%), Karen (6%), Rakine (5%), Mon (2%) en de Kachin (1%).
Religy
It grutste part fan de befolking is boedistysk (Theravada) (89%). It Kristendom (4%) en de Islam (4%) binne de oare wichtige godstsjinsten. Ien prosint fan de befolking is oanhinger fan in natoerreligy, dêr't it leauwen yn geasten (de 'nats'), in wichtige rol yn spilet. Lykwols is dat leauwen ek ûnder de Boedistyske befolking wiid ferspraat.
Taal
It Birmeesk is de offisjele taal. Ingelsk wurdt der ek wol sprutsen en de ferskate etnyske groepen hawwe ek har eigen talen.