Erwin Rommel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JYBot (oerlis | bydragen)
Rigel 6: Rigel 6:
== Syn jonge jierren en it begjin fan syn karriêre ==
== Syn jonge jierren en it begjin fan syn karriêre ==
Rommel is berne yn [[Heidenheim]], Dútslân, likernôch 45 kilometers fan [[Ulm]]. Hy is dope op [[17 novimber]] [[1891]]. Hy wie de twadde soan fan in [[protestantsk]]e haadmaster fan in middelbere skoalle yn [[Aalen]]. Syn heit, professor Erwin Rommel en mem Helene von Luz hienen noch trije bern. Twa soannen, Karl en Gerhard en in dochter, Helene. Rommel hat letter oer syn jeugd sein dat dy tige gelokkich wie.
Rommel is berne yn [[Heidenheim]], Dútslân, likernôch 45 kilometers fan [[Ulm]]. Hy is dope op [[17 novimber]] [[1891]]. Hy wie de twadde soan fan in [[protestantsk]]e haadmaster fan in middelbere skoalle yn [[Aalen]]. Syn heit, professor Erwin Rommel en mem Helene von Luz hienen noch trije bern. Twa soannen, Karl en Gerhard en in dochter, Helene. Rommel hat letter oer syn jeugd sein dat dy tige gelokkich wie.
Op fjirtjinjierrige leeftyd hat Rommel mei in freon in sweeffleantúch makke. It fleantúch wie by steat om in koart eintsje te fleanen. De jonge Erwin Rommel tocht der oer nei om loftfeartbouwer te wurden. Mar heit woe graach dat er him oanmelde as offisier yn de oplieding yn it 124ste Wurttemberrezjimint. Hy waard nei in skoalle foar offisieren yn [[Danzig]] stjoerd. Hy slagge yn novimber 1911 en waard luitenant yn jannewaris [[1912]].
Op fjirtjinjierrige leeftyd hat Rommel mei in freon in sweeffleantúch makke. It fleantúch wie by steat om in koart eintsje te fleanen. De jonge Erwin Rommel tocht der oer nei om loftfeartbouwer te wurden. Mar heit woe graach dat er him oanmelde as offisier yn de oplieding yn it 124ste Wurttembergrezjimint. Hy waard nei in skoalle foar offisieren yn [[Danzig]] stjoerd. Hy slagge yn novimber 1911 en waard luitenant yn jannewaris [[1912]].
Op de offisiereskoallen moete Rommel syn takomstige frou, de doe 17-jierrige Lucia Maria Mollin. Se trouden yn [[1916]], en yn [[1928]] krigen se in soan, [[Manfred Rommel]]. Dizze Manfred soe letter boargemaster fan [[Stuttgart]] wurde. Der wurdt sein dat Rommel yn dy tiid in ferhâlding hie mei Walburga Stemmer. Der wurdt sels sein dat er fan har in dochter hie mei de namme Gertrud.
Op de offisiereskoallen moete Rommel syn takomstige frou, de doe 17-jierrige Lucia Maria Mollin. Se trouden yn [[1916]], en yn [[1928]] krigen se in soan, [[Manfred Rommel]]. Dizze Manfred soe letter boargemaster fan [[Stuttgart]] wurde. Der wurdt sein dat Rommel yn dy tiid in ferhâlding hie mei Walburga Stemmer. Der wurdt sels sein dat er fan har in dochter hie mei de namme Gertrud.


== [[Earste Wrâldkriich]] ==
== [[Earste Wrâldkriich]] ==

De ferzje fan 19 des 2012 om 13.17

Rommel yn it midden

Erwin Johannes Eugen Rommel (15 novimber 189114 oktober 1944) wie ien fan de ferneamdste Dútske fjild generaals yn de Twadde Wrâldkriich. Hy wie kommandant fan it Dútske Afrika korps, hy hie de bynamme Woastynfoks, omdat hy tûke militêre kampanjes betocht hat foar it Dútske leger yn Noard Afrika. Hy wie letter in kommandant yn Normandje op D-Day. Der wurdt wol sein dat Erwin Rommel de meast kundige kommandant wie by woastyn gefochten yn de Twadde Wrâldkriich.

Rommels militêre súksessen hawwe net allinnich respekt krigen fan syn eigen soldaten en Adolf Hitler mar ek fan syn fijannen. Nei it ferlies fan de Dútsers yn Afrika, wylst hy de ferdigening fan Vichy Frankryk op him naam, waard alles oars foar Erwin Rommel. Der waard tocht dat hy skuldich wie oan in mislearre 20 july oanslach om Hitler te fermoardzjen.

Syn jonge jierren en it begjin fan syn karriêre

Rommel is berne yn Heidenheim, Dútslân, likernôch 45 kilometers fan Ulm. Hy is dope op 17 novimber 1891. Hy wie de twadde soan fan in protestantske haadmaster fan in middelbere skoalle yn Aalen. Syn heit, professor Erwin Rommel en mem Helene von Luz hienen noch trije bern. Twa soannen, Karl en Gerhard en in dochter, Helene. Rommel hat letter oer syn jeugd sein dat dy tige gelokkich wie. Op fjirtjinjierrige leeftyd hat Rommel mei in freon in sweeffleantúch makke. It fleantúch wie by steat om in koart eintsje te fleanen. De jonge Erwin Rommel tocht der oer nei om loftfeartbouwer te wurden. Mar heit woe graach dat er him oanmelde as offisier yn de oplieding yn it 124ste Wurttembergrezjimint. Hy waard nei in skoalle foar offisieren yn Danzig stjoerd. Hy slagge yn novimber 1911 en waard luitenant yn jannewaris 1912. Op de offisiereskoallen moete Rommel syn takomstige frou, de doe 17-jierrige Lucia Maria Mollin. Se trouden yn 1916, en yn 1928 krigen se in soan, Manfred Rommel. Dizze Manfred soe letter boargemaster fan Stuttgart wurde. Der wurdt sein dat Rommel yn dy tiid in ferhâlding hie mei Walburga Stemmer. Der wurdt sels sein dat er fan har in dochter hie mei de namme Gertrud.

Earste Wrâldkriich

Yn de Earste Wrâldkriich hat Rommel fochten yn Frankryk, en yn Roemeenje en Itaalje. Dit die hy ûnder de namme it Alperkorps. Wylst hy tsjinne yn dat korps krige hy de namme dat hy snel taktyske beslissingen meitsje koe en dat hy gebrûk makke fan fijanlike alteraasje. Hy rekke trije kear ferwûne en krige it izeren krús; earste en twadde klasse. Rommel hat ek de Prusyske medalje krigen, de Pour le Merite nei it fjochtsjen yn de bergen fan Sloveenje. Hy krige dizze medalje omdat syn rezjimint 150 Italjaanske offisieren, 9000 man en 81 stik artillery pakt hienen. Rommel's bataljon brûkte gas yn dizze slach my de namme slach by Longarone. Rommel hat in lyts skoftke mei Friedrich Paulus yn itselde rezjimint sitten.

Jierren tusken de twa oarloggen

Nei de oarloch bleau Rommel kommandant en wie ynstrukteur yn Dresden fan 1929 oant 1933. En letter fan 1935 oant 1938 wurke hy yn Potsdam. Rommel joech yn 1937 syn deiboeken út, deiboeken dy’t hy skreaun hie yn de earste wrâldkriich. Dit boek waard as wichtich beskôge by militêren. Op dizze manier kaam hy yn de kunde mei Adolf Hitler. Yn 1937 makke Rommel in toer troch ferskillende Hitlerjugend kampen. Hy joech der lêzings oan Dútske soldaten en ynspektearre de troepen. Tagelyk joech hy druk op de hear Baldur von Schirach de lieder fan de Hitler Jugend, om te akseptearen dat it leger mear ynfloed krije soe op treningen dy’t de Hitler Jugend die. Schrach ynterpretearre dit as dat de Hitler Jugend in soarte fan jeugdleger waard. Hy wegere dan ek en Rommel dy’t hy net mear lije mocht, mocht net mear by de Hitler Jugend lâns komme. Der is dôchs in oerienkomst sletten mar folle minder útwreide as dat Rommel woe.

Yn 1938 is Rommel beneamd ta Kolonel en hy waard kommandant fan de oarloch akademy yn Wiener Neustadt. Hy hat hjir net lang wurke. Rommel krige de lieding oer Adolf Hilter’s persoanlike beskermings bataljon (“FuhrerBegeleitbataillon”). Yn dizze perioade moete hy Joseph Goebbels, te minister fan propaganda. Goebels soe in fanatike bewûnderer wurde fan Rommel. Hy soarge derfoar dat doe Rommel súkses hie dat de hiele media der fan wist.

Twadde Wrâldkriich

Poalen 1939

Rommel wie noch stees lieder fan it Fuhrerbegleitbataljon, wylst de ynvaazje fan Poalen al begûn. Nei dat de Poalen ferslein wienen, gie Rommel werom nei Berlyn om de oerwinnings parade foar Hitler te organisearjen. Yn de tiid fan de Poalske kampanje waard Rommel frege oer it lot fan in man. De frou kaam persoanlik nei Rommel ta. Hy hie net in soad dien foar de man, hy hat allinnich ynformaasje oanfrege by de Gestapo en dy hie neat te melden oer de man. Dus Rommel ek net.

Frankryk 1940

Pânser lieder

Rommel frege Hitler om kommandant te wurden fan in pânser divyzje, Op 6 febrewaris, mar trije moannen foar de ynvaazje, krige Rommel de lieding oer de 7e. Pânser divyzje. Dizze divyzje moast meidwaan oan “Fall Gelb”, de ynvaazje fan Frankryk en de Benelúks. Oare offisieren wienen it net iens mei de beslissing fan Hitler om Rommel kommandant te meitsjen. Sy hienen him al wegere omdat er gjin erfaring hie mei tanks. Sy fûnen dat er better de lieding krije koe oer in bataljon dat yn de bergen fjochtsje moast. Mar Rommel tocht hjir gâns oars oer. Hy hie sjoen hoe't yn Poalen de tankdivyzjes wurken en wie der tige entûsjast fan wurden. Hy begûn fuort de techniken te learen.

De ynvaazje fan Frankryk

Op 10 maaie 1940 gie de sânde pânserdivyzje ûnder generaal Herman Hoth de Belgyske grins oar nei de Meuse rivier flakby Dinant. By de Meuse moast de sânde pânserdivyzje even stil hâlde. De brêge wie kapot sketten en se leinen ûnder fjoer troch de Belgyske ferdigeners. De Dútskers skeaten reekgranaten, en Rommel joech oarders om in oantal huzen yn de brân te stekken sadat de oankommende oerstek fan de rivier net sjoen waard. Grenadiers stutsen de rivier oer mei rubberboaten, mei Rommel yn de twadde golf as lieder. De divyzje gie stees fierder it lân yn, se leinen fier foar op oare Dútske legerûnderdielen.

Rommels technyk om bretaalwei oan te fallen, sûnder rekken te hâlden mei syn sydkant en de efterkant betelle him út. Se oermasteren grutte stikken lân yn Belgje en Frankryk. De fijân wie yn skok. As Rommel ferset seach dan stjoerde hy simpel syn tanks nei foaren, alles wat sjitte koe liet er op de fijân los. Dizze skok wie foar de measte fijannen reden genôch om har oer te jaan. Dizze rappe metoade soarge derfoar dat in soad libbens sparre bleauwen. Mar bytiden gie it ek net hielendal goed. De Dútske tanks rieden snel nei in oantal Frânske frachtweinen ta om se ûnder fjoer te nimmen. Troch de snelheid wie it net dúdlik dat yn de frachtweinen allegear ferwûne minsken sieten.

Slach by Arras

Matilda II tank fan it Britske leger.

Op 15 maaie oermastere de divyzje fan Rommel Cambrai. Mar hjir moast Rommel in skoftke delhâlden. Syn stafsjef wie by it net motorisearre part fan de divyzje yn Belgje en hie niks heart fan Rommel. Hy tocht dat Rommel en syn fechtgroep ferlern wie gien. Hy hie dus ek gjin benzine regele foar de tanks.

Op 20 maaie waard Arras oermastere. Hjir woe Rommel it Britske ekspedysjeleger ôfsnije sadat se net nei de kust gean koenen. Hans von Luck, de lieder fan it ferkenningsbataljon fan de divyzje krige de taak om it rivierke de La Bassee oer te stekken. Stipe troch Stuka dûkbommewerpers slagge it om oer te stekken. De Britten foelen ek oan. Dizze oanfal wurdt de Slach by Arras neamd. De Britten hienen de Mathilda tank, de Dútske 3.7 sm antitank wapens wienen niks waard tsjin de swiere tanks. In batterij fan 88 mm moast komme om de bedriging fuort te nimmen.

Nei Arras, Hitler ûnhjit de pânsers om stean te bliuwen wêr't se stienen. Wylst de Britten harren troepen evakuearden. De pânserdivyzje krige sa wol de needsaaklike rêst. Op 26 maaie gie de divyzje fierder. It oermastere Lille op 27 maaie. By it oanfallen fan Lille krige Rommel noch in pânserdivyzje ûnder him. Deselde dei hearde Rommel it nijs dat hy it Izeren Krús krige as de earste divyzje generaal, by dizze kampanje. Dizze medalje soarge by guon oare generaals foar oergeunst. Sy fûnen dat Rommel fierstente goed mei Hitler koe en dat hy dêrom as earste beleanne waard mei it Izeren Krús.

Op 28 maaie, wylst hy de lêste oanfal liede op Lille, kaam de sânde pânserdivyzje ûnder swier fjoer te lizzen fan Frânske artillery. Mar fol moed liede Rommel syn leger troch it fjoer en dêrmei stampte hy it earste Frânske leger yn de grûn. Nei de oermastering fan Lille mocht it leger fan Rommel útrêste.

Nei de Ingelske kanaal kust

Rommel gie fierder mei syn opmars op 5 juny. Hie gie nei de rivier de Seine om de brêgen nei Rouen feilich te stellen. Syn opmars gie hiel hurd mei wol 100 kilometer yn twa dagen. Doe’t se by Rouen kamen fûnen se de brêgen fernield. Op 10 juny kaam Rommel by de kust flakby Dieppe. Hy seinde nei it Dútske haadkertier “bin by de kust”.

Op 15 juny gie it leger op nei Cherbourg. Op 17 juny wie de divyzje 35 kilometer opsjitten en op 18 juny wie de stêd dan ek oermastere. De divyzje ried fierder nei Bordeaux, mar stoppe doe’t de wapenstilstân tekene wie. Yn july gie de divyzje nei Parys om dêr ta te rieden foar Operaasje seeliuw. Dit tarieden gie hieltyd minder hurd omdat al gau dúdlik wie dat de Luftwaffe net de loften boppe Ingelân net skjin krije soe.

De spoekedivyzje

De sânde pânserdivyzje krige letter de bynamme de Spoekedivyzje. Dit krigen se omdat se yn grutte snelheid hienen en se ferrasten alle kearen wer freon en fijân wêr't se no wer wienen. Se hienen in rekord setten om yn ien dei mear as 150 kilometer te riden.

Rommel krige applaus mar ek krityk foar syn taktiken dy't er brûkt hie by de Frânske kampanje. In soad minsken wienen ûnder de yndruk fan de snelheid en it sukses wat Rommel hie. Guon minsken wienen rêstiger oer Rommel syn dieden. Sy fûnen dat Rommel fierstente folle risiko’s naam hie. Hermann Hoth wy publyklik tige loovjend oer Rommel mar yn in fertroulik rapport hie er sein dat Rommel nea wer de lieding hawwe mocht, selfs net oer in lyk, hy moast earst mar mear ûnderfining krije en in better leare beoardiele.

Noard Afrika

Rommel’s beleanning foar syn súkses wie dat er promovearre wie ta kommandant fan de 21e en 15e pânserdivyzje, dizze divyzjes moasten nei Libje ta yn 1941. Se moasten dêr de Italjaanske troepen helpe. Tegearre mei de Italjanen foarmen sy sa it Dútske Afrika korps. It wie yn Afrika wêr't Rommel ferneamd wurde soe as lieder fan syn troepen.

De earste Dútske oanfal.

Op 6 febrewaris 1941 krige Rommel oarder om nei Lybje te gean om dêr de Italjanen te helpen. Sy waarden bot werom slein troch de Britten yn Operaasje Kompas. Yn it earstoan waard der net al te bot oanfallen troch de Dútsers. Se foelen de stêden Agedabia en Benghazy oan yn maaie. En dêr moasten se de line hâlde tusken dizze twa stêden. Dit wie net nei it sin fan Rommel. Hy fûn dat hiel Cyrenaica oermastere wurde moast, oars koe nea de frontliny hâlden wurde. De Italjanen hienen it dreech om de posysjes te behâlden. De Britten hienen mear as 130.000 finzenen makke en mear as 400 tanks ynnaam. De Italjanen hienen noch mar 7000 man ûnder de wapens.

Op 24 maart 1941 liede Rommel in lytse oanfal mei de 21e pânserdivyzje mei stipe fan twa Italjaanske divyzjes. De Britten wienen swakker wurden. In oantal troepen wie fuorthelle om te fjochtsjen yn Grikelân. Sy lutsen harren werom nei Mersa el Brega en begûnen dêr mei de bou fan in fortifikaasjes. Rommel besleat om troch te gean mei syn oanfal, om de Britten net te folle tiid te jaan om in ferdigening te bouwen. Nei in dei fjochtsjen, wûnen de Britten en de opmars koe fierder gean. De Britske generaal Archibald Wave seach it barren en tocht dat de Dútsers fierstente sterk wienen. Dêrom liet hy Benghazy ûntromje omdat er tocht dat se de stêd dochs ferleize soenen.

Rommel seach dat de Britten net in soad nocht hienen yn gefjocht om alles. Dêrom besocht er om hiel Cyrenaica te oermasterjen en dat mei allinnich lichte troepen. Hy oardere in Italjaanske divyzje om de Britten dy’t har werom lutsen te folgjen, en wylst dat barde gie genernaal majoar Johannes Streich nei Benghazy. Johannes Streich woe earst net op de oarder yn gean fanwege it feit dat in soad masines kapot wienen. Mar Rommel sette troch. De Italjaanske kommandant hat meardere kearen besocht om Rommel ophâlde te litten mei syn opmars. De rest fan de troepen koe it allegear net sa gau byhâlde. Mar it slagge net om kontakt te krijen mei Rommel.

Neidat Benghazy oermastere wie nei it Britske weromlûken wie hiel Cyrenaica pakt troch de Dútsers. Rommel krige oarder fan it Dútske haadkertier om net fierder te gean. Mar hy lústere der net nei. Hy seach it as in kans om alle troepen fan de Britten te ferneatigjen en om Egypte te oermasterjen. Rommel besliste om troch te gean en de druk op de Britten heech te hâlden. Hy begûn in oanfal op de wichtige havenstêd Tobruk. By dizze oanfal makke hy de kommandant fan de Britske troepen O’Conner kriichsfinzen en ek de generaal fan de troepen yn Egypte Philoip Neame. De Italjaanske troepen foelen oan fanút de kust, Rommel besliste dat hy om de stêd gie en fan it suden út oanfalle soe. Op dizze manier hope hy de haven te pakken en dêrmei de Britske troepen dy’t der noch sieten. It om de stêd gean gie net sa hurd as Rommel hope hie. Dit kaam fanwege logistikje swierrichheden. Mar net ien koe de stêd mear yn of út. Oare Dútske troepen rieden nei it easten en oermasteren hiel Lybje op 15 april.

It belis fan Tobruk

It belis fan Tobruk duorre 240 dagen. Yn de stêd waard ferdigene troch de njoggende Australyske divyzje ûnder generaal Leslie Morsheas en krige fersterkingen fan Britske troepen. Yn totaal wienen der mear as 25.000 ferdigeners. It baarnde Rommel yn en hy foel oan mei in lyts oantal troepen. Dizze oanfallen waarden ôfslein troch de Austraaljers. De Italjanen krigen it net foar mekoar om in plattegrûn te krijen fan alle fortifikaasjes fan de stêd. Rommel bleau posityf tinken oer de oerwinning. Yn in brief oan syn frou op 16 april skreaun hy dat de fijân de stêd al oan it ferlitten wie. Hy wie dan ek fol fertrouwen dat de ferdigeners de stêd net langer ferdedigje koenen as oant april. Yn it echt waard de stêd net evakuearre mar kamen der skippen binnen mei foarrieden en materiaal. Syn relaasje mei syn ûndergeskikten wie net goed. Foaral Streich joech iepenlik krityk op Rommels beslissingen. De legersjef Walther von Brauchitsch skreaun nei Rommel dat hy minder drige en skelle moast, mar dat er mear it debat opsykje moast. Syn ûndergeskikten hienen geweldich fochten, miskyn dat troch praten de resultaten ek better wienen. Mar Rommel wie koppich.

Rommel frege fersterkingen foar in nije oanfal mar it heechste kommando koe gjin troepen leverje. Ynstee waard Friedrich Paulus stjoerd om gear te wurkjen mei Rommel. Der waard sein dat Rommel gjin fersterkingen krige omdat Operaasje Barbarossa taret wurde moast mar ek dat it net hielendal goed siet tusken Frans Halder en Rommel. Rommel wie tsjin de oarders fan it haadkertier yngien troch de line Maradah oer te gean. En no hie Rommel fersterking nedich en dat wylst er earst noch sei dat dit in unike kâns wie om te winnen.

Paulus kaam oan op 27 april. Hy liet him oerhelje om in oanfal te dwaan op Tobruk. Mar it waard in grutte mislearring. Hy liet de oanfal stopje en Rommel mocht gjin oanfallen mear útfiere op Tobruk. Sels as de troepen wer op oarder wienen mocht er noch net oanfalle.

Rommel wie poer troch dit alles. Hy joech de skuld oan de Italjanen: sy moasten de kaarten meitsje foar de ferdigening fan Tobruk. Hy ferwiet se ek dat de Italjanen net genôch fjochtlust toanden. Rommel moast wachtsje op mear detailearre plannen, ûndertusken gie hy fierder mei de trening fan syn troepen. Striech waard oerpleatst. Doe't hy Rommel foar de lêste kear seach sei Rommel tsjin him dat hy fierstente tefolle yn noed siet oer syn troepen. Streich andere dêrop dat dit in grut komplimint wie. Der ûntstie hast wer spul tusken de manlju. Nei de diskusje oft Tobruk oanfallen wurde moast of net gie Rommel oan de slach mei ferdigenings posysjes. De Italjaanske troepen moasten Bardia hâlde. De rydbere troepen moasten Britske oanfallen fanút Egypte opkeare. In grutte oanfal waard taret foar 21 novimber mar dizze oanfal kaam nea.

De ferdigening krige foarrieden fanút see. De Dútsers hienen wol logistike swierrichheden. De Britten steurden de oanfierlinen en de kommunikaasje. Generaal Morshead fan de Britten krige net de goeie ynformaasje oer it oantal troepen fan de Dútsers, dêrom waarden der gjin echte aksjes opsetten.

Generaal Waffel makke twa net súksesfolle besikingen om Tobruk te ûntsetten. Operaasje Brevity op 15 maaie en operaasje Battleaxe op 15 juny. Beide operaasje wienen samar ferslein, dit omdat de operaasje hurd barre moast en sûnder lange tarieding. Dit kaam omdat Winston Churchill ûngeduldich wie, hy woe in snelle beslissing forsearje.

Yn augustus waard Rommel beneamd ta lieder fan de nije pânserdivyzje Group Africa. Syn foarrige kommando, it Afrikakorps kaam no ûnder de nije kommandant Ludwig Crüwell, en Fritz Bayerlein as haadsjef.

de alliearde oanfal - Operaasje Crusader

Nei it mislearjen fan operaasje Batteleaxe, waard Waffel wiksele foar generaal Claude Auchinleck. De alliearde troepen waarden reorganisearre en fersterke mei twa korpsen. Auchinlech hie 770 tanks en 1000 fleantugen. Dizze brûkte hy yn operaasje Crusader, dizze operaasje moast er foar soargje dat Tobruk ûntset waard. Rommel hie twa pânser divyzjes mei likernôch 260 tanks in lichte ynfantery divyzje en trije Italjaanske korpsen en in Italjaanske tankdivyzje mei 154 tanks om de alliearden tsjin te hâlden.

Rommel moast beslisse of hy troch gie mei de oanfal op Tobruk of dat hy de Britten tsjinhâlden gie. Hy besliste om op te hâlden mei it belis fan Tobruk.

De Britske tanks waarden foar in grut diel ferslein troch ferset fan de antitank posysjes en Dútske en Italjaanske tanks. Dôchs gienen de Britten troch mei oanfallen. Se hienen in oantal Italjaanske posysjes oermastere. De Britten stjoerden in oantal tankbrigades nei it front. Rommel seach dat hy folle minder tanks hie. Dôchs foel hy oan. Op 23 novimber mei al syn tanks op ien plak. De Italjanen foelen de sydkanten oan. Dit gefjocht wie it grutste gefjocht oant no ta yn de woastyn fan Noard-Afrika. De Britske tanks waarden omsingele en twa tredde waard ferneatige. De tanks dy’t noch oer wienen moasten harren der sels út fjochtsje. Sy gienen nei it suden, nei Gabr Saleh.

Rommel's tsjinoanfal

Op 24 novimber foel Rommel oan. De Britske oanfal wie stoppe en dêrom foel hy oan djip yn Egypte. Op dizze manier hope hy om fan de gaos gebrûk te meitsjen dy’t hearske op de basis fan de Britten. Ek hope hy op de foarriedlinen fan de alliearden te beskeadigjen. Rommel wist dat hy net winne koe, mar hy tocht dat de Britten útnaaie soenen as se de Dútsers sjen soenen oan de efterkant fan it front.

Gernaal Cunningham reagearre as Rommel hope hie, hy luts it achtste leger nei Egypte werom. Mar Auchinleck arrivearre fanút Cairo krekt op e tiid om de oarder werom te draaien. De Dútske oanfal begûn mar mei 100 tanks dy’t it dienen. De tsjinoanfal foel net goed by it hege Dútske kommando, sy fûnen it te gefaarlik om oan te fallen. Der wienen noch altyd alliearde troepen by de kust fan Tobruk. Rommel’s plan mislearre omdat it Britske achtste leger dôchs net weromlutsen waard. Wie dat wol bard dan hie alles hiel oars útpakt.

Wylst Rommel yn Egypte om ried bedrigen de alliearde troepen eastlik fan Tobruk de swakke liny’s fan de Dútsers. Se koenen Rommel in pear dagen lang net berikke. Oberstleutnant Westphal oardere de Dútske 21e pânserdivyzje werom om Tobruk te ferdigenjen. Op 27 novimber foelen de Britske troepen oan. De Dútsers wienen oan de ferliezende hân. Rommel moast syn troepen yn Egypte beskermje om se net ôf te sluten. Mar ek moast in diel fan de liny werom. Dêrtroch kamen de Italjanen yn Bardia allinnich te stean. De alliearden hâlden de druk mar wienen krekt sa wurch en desorganisearre as Rommel syn troepen. Rommel moast se werom lûke nei it punt wer't hy begûn wie yn maart. De Italjanen moasten harren oerjaan yn Bardia op 2 jannewaris 1942.

Op 5 jannewaris 1942 krige it Afrikakorps 55 nije tanks en nije foarrieden. En Rommel begûn daliks mei it plannen fan in nije tsjinoanfal. Op 20 jannewaris begûn de oanfal, de alliearden ferlernen mear as 110 tanks en oar swier materiaal. It Afrika Korps pakte Benghzi werom en de alliearden moasten har werom lûke nei Tobruk.

Wylst operaasje Crusader oan 'e gong wie is it in oantal kearen bard dat Rommel en syn personiel harren efter de alliearde liny’s befûnen. Op ien sa'n momint, kaam hy op besite yn in Nij Seelânsk leger sikehûs dat ûnder Britske kontrôle stie. Rommel frege oft se ek wat nedich hienen en hy beloofde dat hy sa gau mooglik medyske foarrie stjoere soe, dêrnei ried hy gewoan fuort.

De twadde Dútske oanfal

In kamûflearre PzK mpw III reau.

Nei it súkses fan Generaal Albert Kesselring yn it meitsjen fan lokale loft supremasy en Malta te oermasterjen, kaam der in stream fan foarrieden binnen. Mei dizze nije foarrie en fersterkingen begûn Rommel mei it plannen fan in grutte oanfal. Rommel tocht dat hy it de Britske posysjes rûn Gazala fan de sydkant oanpakke moast. Ek de alliearden planden in oanfal.

De Britten hienen 900 tanks yn de buert en 200 dêrfan wienen de nije Grant tanks. De Dútsers hienen 320 tanks en de Italjanen 240 tanks. Mar alle tanks wienen fan in mindere kwaliteit. Rommel moast it dan ek hawwe fan de 88 mm antytank wapens. Mar dêr hie Rommel ek te min fan. Ek syn ynfantery wie kwa oantal fier yn de minderheid. Dôchs wienen de Dútsers yn tsjinstelling ta it foarrige jier wol de baas yn de loft.

Op 26 maaie foel it leger fan Rommel oan. De slach krige de namme de Slach by Gazala. Syn Italjaanske ynfantery foel de Gazala fortifikaasjes oan mei wat tanks. Op dizze manier like it krekt oft wie dit de haadoanfal. Mar al it oare gemoterisearre spul gie nei it suden om in sydkant oan te fallen. De oare moarn foel Rommel oan en bruts troch de flank hinne en foel it noarden oan. Mar yn de rin fan dei ûntstie der in tankgefjocht. Beide siden ha doe in soad materiaal en manskippen ferlern. Om Gazala te besingeljen mislearre en de Dútsers ferlernen hast ien tredde fan alle swiere tanks. Op 28 maaie foel Rommel wer oan, Rommel’s mannen moasten har konsintrearre op tanks dy’t allinnich stienen. Swiere Britske tsjinoanfallen soargen derfoar dat Rommel har ferdedigje moast. Hy koe net syn plan folgje. Op twa juny besingele de 90ste Dútske divyzje en in Italjaanske divyzje de fortifikaasjes fan Bir Hakeim. Doe't de Britten dit punt kwyt wienen moasten se har werom lûke.

Op 15 juny de berikten de Dútser de kust. De alliearde troepen dy’t noch yn Gazala wienen koenen net mear ûntsnappe. De opjefte wie kompleet. Rommel gie efter it flechtsjende leger fan de alliearden oan. It doel wie om Tobruk yn te nimmen wylst de fijân yn gaos ferkearde. Tobruk wie noch it lêste stikje wat tusken it Afrika Korps en Egypte yn stie. De ferdigening wie min organisearre en in soad soldaten wiene noch oan it bekommen fan it fjochtsjen by Gazala. Op 21 juny, nei in oanfal, moast de stêd har oerjaan. Mei de stêd waarden mear as 33.000 tûzen ferdigeners kriichsfinzen makke. Hitler makke Rommel ta Fjildmaarskalk foar de oerwinning dy 't er helle hie.

It riden nei Egypte

Fest besletten om syn foarriedlinen te behâlden, moast Rommel fierder gean mei de oanfal. En dat ûndanks de swiere ferliezen by Gazala en Tobruk. Hy woe druk op de tsjettel hâlde sadat de Britten net in nije ferdigening opstelle koenen. Hy woe nei Egypte. Mar dizze beslissing soe krityk krije. Nei Egypte ta gean soarge foar lange foarrielinen. Hitler wie it iens mei Rommel en fûn dat er trochsette moast. En dat wylst de Italjanen it der net mei iens wienen.

Op 22 juny gie Rommel fierder eastwerts. Hy kaam yn it earst mar in bytsje ferset tsjin. Hy hie sa út en troch te meitsjen mei tekoart oan benzine. Mersa Matruh waard omsingele. In grut diel fan it achtste leger fan de Britten siet yn it fort. Dy nacht bruts in diel fan dat leger út. It fort foel op 29 juny. Yn it fort siet in enoarme foarried en materiaal en der waarden mear as 6000 kriichsfinzenen makke.

Rommel gie troch mei syn mars nei it easten. Mar syn foarrieproblemen wienen slimmer en syn mannen wienen kapot fan it wiken efterelkoar fjochtsjen. Op 1 july begûn de earste slach by El Alamein, mar nei in moanne fjochtsjen groeven de beide partijen har yn. Dit wie in Rommel syn eagen in grutte mislearring, hy hope om troch de riden nei de iepen woastyn om dêr te fjochtsjen.

De twadde slach by El Alamein

De simmer pauze

Nei de pauze by El Alamein, hope Rommel om snel wer oanfalle te kinnen. Foardat it Britske achtste leger in soad nij materiaal krige. De alliearden lieten in soad boaten sinke dy’t foarrieden bringe moasten oan de Dútsers. Ek de Desert Air Force fan de Britten makke jacht op alles wat mar in foarried drage koe. De measte foarrie dy’t wol oankaam yn havens moast in hiel ein nei it front brocht wurde. Dit soarge derfoar dat it Afrika Korps net opnij reorganisearre wurde koe. It stuts Rommel dat de Italjaanske troepen mear foarrieden krigen as de Dútsers. It like derop dat it Italjaanske haadkertier de ambysjes fan Rommel net goedkarde en derom hast neat oan de Dútsers joech.

De Britten rieden harren ta foar in nije oanfal. Generaal Auchinleck waard ferfongen troch generaal Harold Alexander. En it achtste leger krige in nije lieder, Bernard Montgomery. De Britten krigen in stream fan foarrieden. Yn augustus krigen se in lang konfooj binen mei mear dan 100.000 ton oan foarrieden. Rommel hearde hjirfan en besliste dat in oanfal net langer wachtsje koe. Hy ried mei sawat syn hiele leger nei it suden fan El Alameind. Montgomery hie it gefaar sjoen en hie in ferdigening opsetten.

It gefjocht fan Alam El Halfa

De gefjocht by Alam el Halfa begûn op 30 augustus. Rommel’s troepen rieden troch de flanken yn it suden. Nei it passearen fan de El Alamein liny yn it suden, ried Rommel nei it noarden. Dit hie Montgomery ferwachte. De alliearden fjurren mei alles wat se hienen op de Dútsers. Ek wienen de alliearden goed yngroeven. Op 2 septimber besliste Rommel dat it fjochtsjen gjin sin mear hie en luts syn troepen werom.

Doe t Montgomery seach dat de Dútser's harren werom lutsen oardere hy syn troepen om se efternei te gean. Mar de Dútsers wienen hjir op beret en sloegen werom. Montgomery hâlde derom del en liet de Dútsers gean. Op 5 septimber waard dúdlik dat Rommel op itselde plak wie, wêr't hy oait begûn wie. Rommel hie mear as 2.940 mannen ferlern, 50 tanks en it slimste: mear as 400 frachtweinen. Dizze frachtweinen wienen wichtich foar it befoarrieden fan de troepen. De alliearden hienen folle minder ferlern. De alliearde loftmacht wie oermachtich en skeat op alles wat los en fêst siet. De Dútske loftmacht wie der eins net mear. En op loftfersterkingen hoegde Rommel net te rekkenjen.

De twadde slach El Alamein
El Alamein 1942

Yn septimber begûnen de alliearden mei in oantal oanfallen tsjin wichtige logistike havens en foarriedpunten. Hjirtroch kamen der stees minder foarrieden oan by it Dútske leger. En dêrmei kaam ek noch in kear dat Rommel siik waard. Hy gie nei Itaalje en Dútslân ta. Tidens de twadde slach by El Alamein wie hy dan ek net oanwêzich. De twadde slach begûn op 23 oktober 1942. Rommel gie fuortendaliks nei Afrika ta, sagau at hy hearde fan de twadde slach. Mar it koste him mear as twa dagen om yn Afrika te kommen. De ferdigening wie in stilsteande ferdigening. Der wie gewoan te min benzine om alle moters draaiende te hâlden. De ferigening wie ferdigenjen mei minefjilden en mei artillery en masinegewearen. Dizze ferdigening moast der foar soargje dat de alliearden opkeard waarden. De reserves moasten fan efteren út komme en de fijân ferneatigje.

Yn it begjin fan it gefjocht wei Rommel net oanwêzich. Syn pleatsferfanger George Stumme krige in hertoanfal oan it begjin fan de alliearde oanfal. Dit soarge derfoar dat in oantal wichtige beslissingen net nommen waarden oant Generaal Ritter von thoma de lieding naam. Doe't Rommel werom wie naam hy de lieding wer op him.


Neidat Rommel werom wie yn El Alamein, kaam hy te witten dat de benzine foarrieden hast op wienen. In echte ferdediging wie hast ûnmooglik. En as Rommel werom sloech dan moast hy dat bekeapje mei grutte ferliezen. Mar de alliearden hienen ek te krijen mei grutte ferliezen. Montgomery seach dat syn troepen in soad tanks ferlernen. Hy stoppe mei de grutste oanfallen oant 1 novimber. Rommel foel tagelyk oan mei alle tanks dy’t hy oer hie. Hy woe de fijân besingelje. Rommel hie noch mar 35 tanks dy’t it dienen, hy hie mar in bytsje benzine en de alliearden wienen de baas yn de loft. Dôchs koe Rommel de alliearden yn elts gefal tsjinhâlde.

Rommel moat him werom lûke.

Op 3 novimber koe Montgomery net begjinne mei in nije oanfal. Hy moast wachtsje op nije troepen. Dit wie wat Rommel nedich hie, hy begûn mei in weromlûking fan syn troepen. Mar dy middei krige Rommel in berjocht fan Hitler. Hy mocht net werom lûke. It wie óf winne of deagean. Dit beslút soe de ein betsjutte fan it Afrika korps en dat wist Rommel. Mar hy koe in direkte oarder fan de “Fuhrer” net neist him dellizze.

Op 4 novimber begûn Montgomery mei in nije oanfal. Hy hie nije troepen en tanks krigen. Mear as 500 tanks tsjin 20 fan dy fan Rommel. Yn de middei waard in Italjaansk korps besingele en nei in pear oeren waard it hiele korps ferneatige. Dit soarge foar in gat yn de liny fan Rommel. Nei dit barren koe Rommel net oars om in algehiele weromlûking ferkundige foar al syn troepen. Op 5 novimber krige Rommel ek de goedkarring fan Hitler foar it weromlûken. Einliks wie dit fierstente let. De measte troepen koenen nea op tiid werom luke.

Nei it ferliezen fan de slach by El Alamein koe in diel fan de troepen fan Rommel har werom lûke. Mar it lei stees ûnder fjoer fan de fleantugen fan de Britten.

De ein yn Afrika

In Tiger I tank, oermastere troch Amerikanen yn Tuneezje yn 1943

Yn Tuneezje focht Rommel noch in kear tsjin de Amerikanen. Hy wûn in slach wat de namme krige de slach by Kasserine. Doe moast hy him wer rjochtsje tsjin de Britske troepen. Rommel seach de ein oankommen. Ein jannewarris krige it pânserkorps in nije generaal. In Italjaan, Giovanni Messe, yn it earst wie hy tegearre mei rommel generaal. Mar doe’t it dúdlik wie dat alles ferlern wie, moast Rommel nei Dútslân komme. Mar net ien mocht dat witte. De moraal fan de Dútske troepen moast heech bliuwe en de fijân hie op dizze manier noch respekt foar de Dútske en Italjaanske troepen.

Neidat Rommel fuort wie gie it hurd. It fiifde Dútske leger wie al gau ferneatige, Tunis foel en it earste Italjaanske leger waard besingele. Op 12 maaie joech generaal Messe him oer oan de alliearden.


Frankryk 1943 - 1944

Nei it ferlies yn Noard Afrika wist nimmen wat se mei Rommel oan moasten. Hy wie dan ek in tiid wurkleas. Mar op 23 july gie hy nei Grikelân as lieder fan Army group E. Hy moast de Grykske kust ferdedigje tsjin in alliearde ynfaazje. Dizze soe der allinnich nea komme. Op 17 augustus moast hy nei Itaalje ta. Dêr waard Mussolini ôfsetten. Rommel waard lieder fan Army group B. Op 21 novimber moast Rommel nei Normandje yn Frankryk. Hy moast dêr soargje foar de ferdigening. De alliearde ynvaazje waard no ferwachte yn Frankryk. Rommel renovearre alle fortifikaasjes lâns de kust. Gerd von Rundstedt tocht net dat dit nedich wie. Hy tocht dat de ynvaazje by Pas-de-Calais barre soe. Rommel tocht dat Normandje in goed plak wêze soe. Yn Normandje kamen grutte minefjilden, ek liet Rommel tankobstakels lizze en obstakels yn fjilden sadat fleantugen net lande koenen.

Nei it fjochtsjen yn Noard-Afrika, konkludearre Rommel dat oanfallen hast net mooglik wie. Dit omdat de alliearden de baas yn de loft wienen. Hy fûn dan ek dat tanks yn lytse groepen yn swiere fortifikaasjes stean moasten. En net al te fier fan it front ôf stean moasten. Rommel fûn ek dat de ynvaazje keard wurde moast op de strânen. Mar Von Rundstedt fûn dit net. Hy tocht dat de alliearden folle sterker wienen troch alle boaten dy’t se ynsette koenen. Hy fûn dat ek dat er in grutte groep mei tanks klearstean moast by Parys. De alliearden soenen dan Frankryk yn komme mar as de tanks dan oanfalle soene dan waarden se ferneatige en wie de ynvaazje oer. Hitler moast der oan te pas komme om te beslissen. Hy fûn dat de tanks mar yn it midden stean moasten. Rommel wie it hjir net mei iens. Hy oardere syn eigen troepen om sa ticht mooglik by it front stean te gean.

Yn april starten de alliearden Operaasje Fortitude, in plan om de Dútsers te mislieden wêr't de echte oanfal komme soe. Hitler leaude yn in ynvaazje yn Normandje. Hy krige alle ynformaasje oer wêr't de fijân syn leger opboude en syn minen lei. Mar dizze ynformaasje kaam net by de generaals yn it fjild. Troch de ferskillende misliedingsoperaasje dy’t de alliearden útfierden begûnen de gernaals en ek Rommel te leauwen yn in ynvaazje yn Pas-de-Calais. Der waarden mar om raak obstakels dellein yn de rivier de Somme, dit soarge foar fertraging oan it wurk yn Normandje. Op D-Day op 6 juny 1944 wienen alle Dútske offisieren der fan oertsjoege dat de ynfaazje yn Calais komme soe. De echte ynfaazje waard dan earst ek ôfdien as mislieding. De earste oeren fan D-Day wienen betiizjend. Rommel wie net oanwêzich en dat gou foar in soad offisieren. In oantal tanks wienen tichtby de strannen wêr't it allegear barde. Sy hienen foar in oare útkomst soargje kinnen. Mar omdat Rommel net oanwêzich wie doarde net ien de tanks gean te litten. Rommel wie by it fjochtsjen by Caen. Dêr soarge Hans von Luch derfoar dat de Britten net yn ien dei útbrekke koenen. It Dútske leger naam net earder in beslissing oer in tsjinoanfal as 6 juny. Doe wie it al te let.

It komplot tsjin Hitler

Op 17 july 1944 waard de auto wêr't Rommel ynsiet besjitten troch in RCAF Spitfire mei as piloat Charley Fox. Rommel moast nei it sikehûs foar ferwûningen oan de holle.

Undertusken waard nei in mislearre oanslach op it libben fan Hitler in ûndersyk ynsteld. Wa wiene ferantwurdlik foar de oanslach. Rommel kaam al hiel gau yn byld as ien fan de lieders. Hy stie op dokuminten as mooglike lieder nei de dea fan Hitler. Mar echt bewiis dat hy der wat mei te meitsjen hie is nea fûn. Alle beskuldigingen wienen fan minsken wêr't Rommel yn it ferline spul mei hân hie.

Yn hoefierre Rommel no echt mei de oanslach te meitsjen hie is noch altyd net dúdlik. Nei de oarloch is syn frou frege oer it komplot. Syn frou seit dat hy tsjin wie. Rommel woe net dat generaasje nei de oarloch tocht dat troch it ferrieden fan de lieder dêrtroch de oarloch ferlern is.

In tinkstien foar Erwin Rommel

Rommel wie noch altyd populêr by it Dútske folk. Hy waard benadere troch Wilhelm Burgdorf en Ernest Maisel op 14 oktober 1944. Burgdorf joech him de kar dy’t Wilhelm Keitel foarsteld hie. Of Rommel moast him ferantwurdzje foar de rjochtbank wêr’t hy seker skuldich befûn wurde soe. En syn famylje soe ek ferfolge wurde. Of hy soe him self it libben ûntnimme. Soe hy it lêste dwaan dan krige syn famylje pensjoen en soe hy in steatsbegraffenis krije. Nei in pear minuten keas hy foar it lêste. Se rieden út it doarp. Maisel en Doose moasten efkes fuort rinne fan Burgdorf. Doe't se in pear minuten letter werom kamen seagen se Erwin Rommel gûlen, hy hie syn pet ôfdien. Tsien minuten letter is syn frou opbelle my de meidieling dat Erwin dea wie. Earst waard sein dat Rommel in hertoanfal hân hie boppe op de ferwûning dy’t hy krigen hie by de fleantúchoanfal. Om dit ferhaal te fersterkjen, oardere Hitler in dei fan nasjonale rou foar Rommel. Rommel krige in steatsbegraffenis mei alle militêre ear. Hitler hie sels in grutte rol by it te hôf bringen.

Nei de oarloch is der deiboek fan Rommel útkaam. Hy is de ienichste man út it Tredde Reich dat in eigen museum hat. Syn grêf kin men fine yn Herrlingen, yn eintsje bûten Ulm.