Swarthalsdûker: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: ar:غطاس أسود الرقبة
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Robot: interwiki gewijzigd van fa:کشیم گردن سیاه naar fa:کشیم گردن‌سیاه
Rigel 39: Rigel 39:
[[et:Mustkael-pütt]]
[[et:Mustkael-pütt]]
[[eu:Txilinporta lepabeltz]]
[[eu:Txilinporta lepabeltz]]
[[fa:کشیم گردن سیاه]]
[[fa:کشیم گردن‌سیاه]]
[[fi:Mustakaulauikku]]
[[fi:Mustakaulauikku]]
[[fo:Hálssvørt gjør]]
[[fo:Hálssvørt gjør]]

De ferzje fan 8 des 2012 om 13.17

Berjocht:Soart De Swarthalsdûker (Podiceps nigricollis) is in dûker út deselde famylje as de hjerringslynder.

Foarkommen

In folwoeksen Swarthalsdûker is mei sa'n 30 oant 35 sm krekt lytser as in Markol. Hy waaget tusken de 250 en 600 gram. Lykas de Tûfdûker hat de Swarthalsdûker giele earplûmen, mar is te underskieden troch syn swarte hals, wylst de Tûfdûker in readbrune hals hat.
Yn syn winterkleed hat de fûgel donkere fearren, op de ûnderkant wat ljochter.

Fersprieding

De Swarthalsdûker komt foar yn Noard-Amearika, Jeropa en Aazje, dit binne allegear trekfûgels. Yn Amearika oerwinterje de fûgels meast oan de kust fan de Stille Oseaan, yn Jeropa oerwinterje in protte fûgels oan de Middellânske See. De Swarthalsdûker komt ek yn Súd-Afrika foar, hjir is der gjin trekfûgel. Dizze soart hat yn tsjinstelling tot de oare fûgels gjin winterkleed.

Swarthalsdûker yn winterkleed

Fuortplanting

Lykas de hjerringslynder makket de Swarthalsdûker in driuwend nêst, hy docht dit lykwols faaks yn lytse koloanjes, oant sa'n hundert nesten ta. It wyfke leit meast fjouwer aaien, dy't nei sa'n trije wiken brieden útkomme. De jongen bliuwe nochris trije wiken by de âlden foardat se harsels rêde kinne. De swarthalsdûkers bringe faaks twa nêsten mei jongen grut yn in jier.

Sjoch ek