Pastoar: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: sn:Mufundisi
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: sh:Pastor
Rigel 40: Rigel 40:
[[pt:Pastor (religião)]]
[[pt:Pastor (religião)]]
[[ru:Пастор]]
[[ru:Пастор]]
[[sh:Pastor]]
[[simple:Pastor]]
[[simple:Pastor]]
[[sn:Mufundisi]]
[[sn:Mufundisi]]

De ferzje fan 5 des 2012 om 21.42

In pastoar oan it wurk

In pastoar is de harder fan in roomske of anglikaanske parochy. Hy docht earetsjinsten nammens de biskop, betsjinnet de sakreminten en ferkundiget it leauwe. Yn de Midsieuwen hong syn beneaming yn feite ôf fan de tsjerkehear of patroan; troch ynkorporaasje koe it amt formeel op kapittel of kleaster oergean. De pastoar libbe fan grûnbesit, de pastorijpleats, selsbewurke of ferpachte en wie oansteld foar it libben. Faak hie hy help fan ien of mear fikarissen. It peil wie wakker ûngelyk. Allegearre binne se yn 1580 ûntslein troch de Steaten.

De sekulieren hâlden nei de reformaasje fêst oan de titel Pastoar, al wienen der gjin parochys mear. De apostolysk fikaris beneamde en ûntsloech. Lekenynfloed is ward. De regulieren (misjonaris of sosius) waarden oanwiisd troch harren oarderoersten ûnder goedkarring fan de apostolysk fikaris en faaks oantsjutten as 'fajer'. Nei 1853 hiet elkenien dy't yn de parochy wurke Pastoar of kapelaan; De biskop beneamt sûnttiid regulieren op foardracht fan de oarderoersten.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: