Emmeloard: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: zea:Emmeloord
Rigel 119: Rigel 119:
[[sv:Emmeloord]]
[[sv:Emmeloord]]
[[uk:Еммелорд]]
[[uk:Еммелорд]]
[[zea:Emmeloord]]

De ferzje fan 5 des 2012 om 18.40

Emmeloard
[[Ofbyld:|300px|Himrik fan Emmeloard]]
gemeente Noardeastpolder
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen
Ynwenners (2009) 25.222
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 43' NB, 5° 45' EL
Netnûmer 0527
Postkoade 8301-8305
Webstee www.emmeloord.nl


Emmeloard is it haadplak fan de gemeente Noardeastpolder. It leit sintraal yn de polder en hat 25.222 ynwenners (1 july 2009).

By it ynrjochtsten fan de polder waard útgien fan ien sintraal plak, Emmeloard, en stjerfoarmige ferbiningswegen nei tsien lytsere doarpen, de saneamde ‘Griendoarpen’: Bant, Kreil, Ens, Espel, Kraggenboarch, Luttelgeast, Marknesse, Nagele, Rutten en Tollebeek. De sintrale posysje fan Emmeloard komt werom yn de Poldertoer. Dizze wettertoer stiet yn it geografyske midden fan de polder.

Namme

Emmeloard is ferneamd nei it doarpke Emmeloard dat op it eardere eilân Skoklân yn de Sudersee lei. It doarpke hiette Emelwerth. Eem, it earste par fan Emel, is fan it Germaanske ami, in algemiene oantsjttuing foar in natuerlike wetterrin. Werth betsjut terp. Fan 1650 ôf wurdt de namme feroare nei Emeloirt. Oirt (troch de i efter de o moat it út sprutsen wurde as oart) betsjut punt, lykas yn Dinteloard en IJoart (letter IJdoarn). De oergong fan werth nei oart hat nei alle gedachten de krijen mei it ôfbrokkelje fan Skoklân. Dêrtroch wie Emelwerth hieltyd minder in terp, mar kaam it hieltyd mear op de punt fan it eilân te lizze.

Skiednis

Emmeloard fanút de loft.

Yn 1936 waard begûn mei it droech lizze fan de Noardeastpolder. Seis jier letter, 1942, wie de polder hielendal droech makke. Der waard goed 50.000 hektare lân ûntgon út de Iselmar (de eardere Sudersee). Op 15 desimber 1943 waard it earste hûs fan Emmeloard bewenne.

Tegearre mei de tsien griendoarpen foarmet Emmeloard sûnt 1962 de gemeente Noardeastpolder. Sûnt 1 jannewaris 1986 is de Noardeastpolder ûnderdiel fan de provinsje Flevolân, derfoar ta Oerisel.

Op 22 augustus 1996 kaam Emmeloard yn it nijs omdat by it ûnderhâld oan in ferwaarmingstsjettel in gaseksploazje ûntstie yn de Flevoskoalle. Der rekken 20 minsken ferwûne en der foel ien deade. Letter dy’t bliken dat in min oandraaide moer te oarsaak wie.

Stedsrjochten

Op 10 septimber 1992 krige Emmeloard symboalysk stêdsrjochten tawizen troch kommissaris fan de Keninginne J.A. van Kemenade fan Noard-Hollân. De bestjoerder hannele yn opdracht fan de Steaten fan Hollân, wêrta de eardere eilannen Skoklân en Urk diel fan útmakken. Dit waard mooglik nei dat út dokuminten bliken wie dat de Hearlikheid Emelwaerde privileezjes hie. By dizze ludike aksje fan de provinsjes Flevolân, Oerisel en Noard-Hollân op Skoklân waard Godin Fortuna as skutterspatroan oanstelt. In búste fan har waard jierrene lyn yn de boaiem súdlik fan Emmeloard fûn. Har byltenis stiet no by it gemeentehûs en de stêd mei har no 'Civitas Fortunae Emmeloordis' neame. It Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan de gemeente Noardeastpolder meie harren sûnt dat stuit Skout en Skepenen fan de Stêd Emmeloard neame.

Befolking

De Poldertoer.

De ûntwikkeling fan it ynwennerstal fan Emmeloard sûnt 1990:[1]

  • 1990: 20.776
  • 1995: 22.236
  • 2000: 24.115
  • 2001: 24.515
  • 2002: 24.858
  • 2003: 25.021
  • 2004: 25.007
  • 2005: 24.842
  • 2006: 24.843
  • 2007: 24.689
  • 2008: 24.798
  • 2009: 25.009

Wiken

Der binne ferskate wiken yn Emmeloard:

Noard
  • De Erven
  • Waterland
  • Emmelhage
Sintrum/East
  • Botenbuurt
  • Ingenieursbuurt
  • Plantenbuurt
  • Vogelbuurt
West
  • Espelervaart
  • Revelsant
  • Sterrenbuurt
Súd
  • De Zuydert

Ek binne der op it stuit noch ferskate nijbouprojekten. Der wurdt no noch drok boud oan de wenwyk Emmelhage. In oar projekt is Ekopark, in kombinaasje fan wenjen en arbeidzje by yndustryterrein De Munt.

Underwiis

De winkelstrjitte Lange Nering.

Der binne trettjin basisskoallen yn Emmeloard, fiif iepenbiere, fjouwer protestantske, twa katolike, ien reformeare en ien reformatoaryske skoalle. Ek binne der trije skoallen dy’t les jouwe yn it spesjale ûnderwiis. Op it nivo fan it fuortset ûnderwiis binne dêr it Zuyderzee College, Emelwerda College, Groenhorst College en it Bonifatius MAVO

De ROC Fryske Poart en it Groenhorst College jouwe les op yn it middelber beropsûnderwiis.

Ferneamde Emmeloarders

Stedenbân

Oant 2000 wie der ek in stedenbân mei Mizumaki yn Japan, dêr stiet ek in neimaak fan de Poldertoer.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Statistysk oersjoch 2006-2007, Provinsje Flevolân

]