Museum Hindeloopen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
listred
- deade link
Rigel 19: Rigel 19:
<!-- rieplachte op 5 maaie 2008 -->
<!-- rieplachte op 5 maaie 2008 -->
*[http://www.museumhindeloopen.nl/ Webstee Hidde Nijland Museum Hylpen]
*[http://www.museumhindeloopen.nl/ Webstee Hidde Nijland Museum Hylpen]
*[http://www.museumhindeloopen.nl/showpage.asp?item=1302 Website Hidde Nijland Museum Hindeloopen - ''It ûntstean fan it museum'']
----
----
{{koördinaten|52_56_35.44_N_5_23_55.2_E_zoom:17_region:NL|53° 56' 36" NB &nbsp; 5° 23' 55" EL}}
{{koördinaten|52_56_35.44_N_5_23_55.2_E_zoom:17_region:NL|53° 56' 36" NB &nbsp; 5° 23' 55" EL}}

De ferzje fan 25 nov 2012 om 14.37

It Hidde Nijland Museum (folút: Hidde Nijland Museum Hylpen) is in kultuerhistorysk museum yn it stedsje Hylpen.

Skiednis

It âldste diel fan it Hidde Nijland Museum, it eardere stedhûs fan Hylpen (2007)

It Hidde Nijland Museum, dat iepene waard op 16 july 1919, is ien fan de âldste musea fan Fryslân. It ta stân kommen fan it museum wie in inisjatyf fan it pear Hidde en Adriana Nijland-Volker (de âlden fan de keunstskilder Dirk Nijland). Nijland (1856-1931) wie in keunst- en antyksamler, dy't yn 1917 syn grutte kolleksje Hylper farwerpen oan de desstiidske gemeente Hylpen skonk, mei it betingst dat se yn it eardere stedhûs eksposearre wurde soenen. . De gemeente akseptearre dit oanbod en Nijlands samling waard tentoansteld op de boppeferdjipping fan it gebou.

Yn de earste fjouwer desennia fan syn bestean wie it gjin opfallend museum. De samling waard amper útwreide en pas yn 1958 waard foar it earst in konservator oansteld. In jier letter begûn it museum, mei nei oanlieding fan syn fjitrichjierrich bestean, in nij en mear aktyf belied te fieren, dêrta finansjeel by steat steld troch de provinsje Fryslân en it Ryk. Sûnt de jierren sechtich groeide de kolleksje geregeldwei troch skinkingen fan partikulieren en troch oankeapen. It pân bliek te lyts en waard yn 1964 fergrutte mei in oanbou, wêryn't de entreehal en de wente fan de konservator yn ûnderbrocht waarden. Seis jier letter waard it museum sluten foar in yngreven restauraasje en in werynrjochting fan it gebou. De weriepening wie yn 1971. It romtegebrek wie lykwols bliuwend, sadat yn 1982 ek it hûs fan de konservator by it museum lutsen waard. Yn 1990 waard it pân foar in part restaurearre en waard de tún der omhinne nij ynrjochte.

Sûnt in wiziging yn it Nederlânsk museumbelied yn 1991, wêrtroch't de provinsje en it ryk beide harren subsydzje ynlutsen, wurdt it museum finansjeel stipe troch de yn 1984 foarme gemeente Nijefurd.

De kolleksje

De kolleksje fan it Hidde Nijland Museum omfet ûnder mear Hylper skilderkeunst, Hylper klaaiïnge en ynterieurs. Ek binne foarwerpen te sjen dy't ferbân hâlde mei de skipfearthistoarje en de fiskerij. Dêrneist wurdt omtinken jûn oan de skiednis fan de stêd.

It museum hat teffens in edukative funksje, dy't benammen rjochte is op bern út it basisûnderwiis.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: