Sahara: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: uz:Sahroi Kabir
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
Rigel 53: Rigel 53:
[[ca:Sàhara]]
[[ca:Sàhara]]
[[cy:Sahara]]
[[cy:Sahara]]
[[ckb:بیابانی مەزن]]
[[crh:Büyük Sahra]]
[[crh:Büyük Sahra]]
[[cs:Sahara]]
[[cs:Sahara]]

De ferzje fan 21 nov 2012 om 20.33

De Sahara leit yn Noard-Afrika

De Sahara is de grutste woastyn op ierde. It beslacht in grut part fan Noard-Afrika en strekt him út fan it westen oan de Atlantyske kust oant de Reade See yn Egypte. Aan de noardside wurdt it begrinzge troch de Middellânske See en it Atlasberchtme. De súdlike grins wurdt foarme troch de Sahel, in gebiet dat in bytsje begroeid is.

De namme Sahara komt fan it Arabyske wurd sahra, dat woastyn betsjut.

Geografy

It oerflak fan de Sahara is om-ende-by 9 miljoen km² grut en beslacht alhiel of foar in part:

Yn it suden fan de Sahara leit in stripe lân, de Sahel neamd, dat in oergongsgebiet foarmet.

Klimaat, lânskip en geology

De Sahara is tige skrok en der falt trochstrings minder as 100 milimeter rein yn't jier. Mar in lyts part, amper 20% fan de woastyn, bestiet út karakteristike sândunen. It grutste part bstiet út rotseftige gebieten. Op guon plakken yn de woastyn komt drinkwetter nei it oerflak, dizze plakken wurde oazes neamd.

Yn it midden fan de woastyn leit de Tsjaadmar, de grutste swietwettermar fan de Sahara.

Klimaat skiednis

De Sahara is hjoeddedei in grutte woastyn, mar dat hat net altyd sa west. Yn it Pleistoseen en it Holoseen bestie it gebiet noch foar it grutste part út Savanne, en koenen der in protte plantesoarten waakse. Yn dizze tiidrekken wie it foar de minske goed toevjen en libbe doe as samler en jager. Nei alle gedachten hawwe oaljefanten, bavianen, kateftigen ensfh. der noch libbe oant en mei it neolitikum, en oant en mei in miljoen jier tebek waaksten der noch planten dy't wy tsjintwurdich allinnich yn wite, fochtige gebieten oantreffe of sels yn de tropen.

Yn de Sahara wurde resten werom fûn fan ferskate minsklike rassen, bygelyks de Homo habilis en de Homo australiphithecus, fermoedlik libben sy goed fiif miljoen jier lyn.

Mei it kommen en gean fan de iistiden feroare it klimaat, benammen de delslach en dêrmei betiden ek de begroeiïng. Stadichoan krige de Sahara it uterlik dat tsjintwurdich oantroffen wurdt yn de Frânske Provence, en noch letter waard it gebiet sa as wy it tsjintwurdige kinne, in skrokke, sânige flakte mei amperoan begroeiïng.