Utert (stêd): ferskil tusken ferzjes
L Bot - derby: sco:Utrecht |
L r2.7.1) (Bot - derby: pap:Utrecht |
||
Rigel 197: | Rigel 197: | ||
[[nn:Utrecht]] |
[[nn:Utrecht]] |
||
[[no:Utrecht (by)]] |
[[no:Utrecht (by)]] |
||
[[pap:Utrecht]] |
|||
[[pl:Utrecht]] |
[[pl:Utrecht]] |
||
[[pnb:یوترخت]] |
[[pnb:یوترخت]] |
De ferzje fan 9 nov 2012 om 15.56
Utert (Nederlânsk: Utrecht, yn it lokale dialekt: Utreg of Utereg) is de haadstêd fan de provinsje Utert en de fjirde stêd fan Nederlân (283.104 ynwenners per 1 mei 2006, bron: CBS). Utert is ien fan de stêden fan de Rânestêd.
De stêd leit sintraal yn Nederlân op in knooppunt fan dyk, spoar en wetter, dêrtroch fine der in soad beurzen en konferinsjes plak. Yn de stêd húsmanje ûnder oaren de grutste universiteit fan Nederlân, it haadkantoar fan de Nederlânske Spoarwegen en de Jierbeurs. Utert is ek de sit fan in âld-Katolike en fan in roomsk-Katolike aartsbiskop.
It is ien fan de âldste stêden fan Nederlân mei in belangryk histoarysk sintrum, mar ek mei moderne bouwurken sa as Hoog-Catharijne dêr't mieningen hiel wat negativer oer binne. Troch de Domtoer, symboal fan de stêd en mei 112,32 meter de heechste tsjerketoer fan Nederlân, wurdt de stêd ek wol de Domstêd neamd.
Skiednis
De skiednis fan Utert set útein mei de bou fan in legerkamp (castellum) oan de Ryn troch de Romeinen. Letter hawwe de Franken op it stee in stins boud dy't troch de Friezen healwei yn de 7e ieu ferovere waard. De Fryske keningen meitsje fan Utert harren residinsje. Nei de oermastering fan it Fryske keninkryk yn 720 waard de stêd wer fan de Franken. It stee kaam doe yn besit fan de Angelsaksyske biskop Willibrord en waard in wichtich tsjerklik sintrum mei grutte wrâldske macht.
Om-ende-by 1120 krige Utert stedsrjochten. Fan 1611 ôf waard de stêd troch kontra-remonstranten bestjoerd. Yn 1795 lutsen de Frânsken binnen. Mei de stifting fan de Jaarsbeurs (1917) en yndustryfestigingen hat Utert in dynamyske ûntwikkeling trochmakke.
Demografy
|
|
|
|
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|