Des Moines (Iowa): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JYBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: br:Des Moines (Iowa)
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: bs:Des Moines (Iowa)
Rigel 66: Rigel 66:
[[bi:Des Moines, Iowa]]
[[bi:Des Moines, Iowa]]
[[br:Des Moines (Iowa)]]
[[br:Des Moines (Iowa)]]
[[bs:Des Moines (Iowa)]]
[[ca:Des Moines]]
[[ca:Des Moines]]
[[cy:Des Moines, Iowa]]
[[cy:Des Moines, Iowa]]

De ferzje fan 9 nov 2012 om 02.53

Des Moines
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Iowa
Countys Polk, Warren, Dallas
Sifers
Ynwennertal 203.433 (2010)
Oerflak 200,1 km²
Befolkingsticht. 1.012 / km²
Stêdekloft 562.906
Hichte 291 m
Oar
Stifting 1843
Tiidsône CST (UTC-6)
Simmertiid CDT (UTC-5)
Koördinaten
Offisjele webside
http://www.dmgov.org
Lizzing Iowa
Lizzing fan Des Moines yn Iowa

Des Moines is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Iowa. De stêd waard stichte yn 1846 oan de gearrin fan de rivieren de Racoon en de Des Moines (de Frânsken neamden it Rivière Des Moines, 'Muontserivier', dêr't de stêd nei ferneamd waard). Des Moines leit yn it hert fan de saneamde Corn Belt (in grut lânbouwgebiet dêr't fanâlds in protte Stynske weet (corn) en oare nôtsoarten ferboud wurde) en is ek haadstêd fan Polk County.

Des Moines hat in protte haadkantoaren fan fersekeringsmaatskippijen en is fierders ek fan belang yn finansjele tsjinstferliening.

Demografy

Fan de befolking is 12,4 % âlder as 65 jier en hat 31,9 % ienpersoanshúshâldings. De wurkleazen berintt 2,6 % (sifers folkstelling 2000).

Likernôch 6,6 % fan de befolking fan Des Moines bestiet út hispanics en latino's, 8,1 % is fan Afrikaanske oarsprong en 3,5 % van Aziatyske oarsprong.

It tal ynwenners groeide fan 193.333 yn 1990 nei 198.682 yn 2000 en goed 203.000 yn 2010.

Yndustry

Yn Des Moines sit de grutste en âldste Bridgestone/Firestone trekkerbannefabryk dy't werom giet oant 1926. In gaadlik plak yn it agraryske mids-westen.

Des Moine yn de literatuer

In ferneamd persoan út Des Moines is de auteur Bill Bryson. Hy skreau ûnder oaren in boek oer syn bernejierren yn it Des Moines fan de jierren fyftich (Life and times of the thunderbolt kid, 2006). De iepeningssin fan it boek is: "I was born in Des Moines. someone had to."

Berne yn Des Moines

Stedebân