Proto-Germaansk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JackieBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: zea:Oergermaons
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: la:Lingua Protogermanica
Rigel 36: Rigel 36:
[[it:Lingua proto-germanica]]
[[it:Lingua proto-germanica]]
[[ja:ゲルマン祖語]]
[[ja:ゲルマン祖語]]
[[la:Lingua Protogermanica]]
[[nds-nl:Oergermaans]]
[[nds-nl:Oergermaans]]
[[nl:Oergermaans]]
[[nl:Oergermaans]]

De ferzje fan 4 nov 2012 om 09.33

It Oergermaansk is de taal dêr't alle Germaanske talen op weromgeane. Der binne gjin skriftlike boarnen oerlevere fan de oarspronklike Germaanske taal, mar by definysje is it Oergermaansk de lêste taal dy't alle Germaanske talen as mienskiplike oarsprong hawwe, en alle talen dy't ûntstean binne út it Oergermaansk jilde as Germaanske talen. Neffens de hjoeddeiske ynsichten fan ’e taalkunde kin dy Germaanske grûntaal noch opdield wurde yn twa stadia: nei it Oergermaansk, dat yn in iere perioade sprutsen waard, wurdt dan it Miengermaansk definiearre, dêr’t it Oergermaansk him letter ta ûntjoech.

Oergermaanske perioade

Mei’t der út dy tiid gjin skriftlike boarnen oerlevere binne, is it ek tige dreech en sis presys wannear’t it Oergermaansk him út it Yndo-Jeropeesk ûnwikkele hat. Dúdlik is yn alle gefallen wol dat dat fier foar it begjin fan ’e Westerske jiertelling west hawwe moat. Almeast wurdt oannaam dat dit earne yn it twadde milennium f.Kr. west hat. Sûnder boarnen kin der eins ek net fan in "taal" praat wurde; wat "Oergermaansk" neamd wurdt is in rekonstruksje fan hoe't de taalkundigen leauwe dat de taal west hat.

Der binne twa wichtige feroarings dy't yn ferbân brocht wurde mei de feroaring fan it Yndo-Jeropeesk nei it Oergermaansk. It Oergermaansk ûntwikkele in sterke en in swakke foarm by yn prinsipe elts eigenskipswurd, wylst it Yndo-Jeropeesk dy net hie. En by in part fan ’e tiidwurden waard mei in t- of d-efterheaksel in swakke bûging foarme om notiid en doetiid faninoar te ûnderskieden, dêr't Yndo-Jeropeeske mei lûdferoaring in sterke bûging hie. Bygelyks mean-meande yn tsjinstelling ta rin-rûn.

Miengermaanske perioade

De taal oan de ein fan it Oergermaanske tiidrek wurdt wol as in taal apart beskôge, it Miengermaansk. It is net wis krekt wannear’t dan de oergong fan it Oergermaansk nei it Miengermaansk plakfûn hat, mar der wurdt oannaam dat it yn ’e lêste ieuwen f.Kr. wie. Ek it Miengermaansk is net oerlevere - útsein as losse wurden of nammen. Dêrom wurdt it, krekt as it Oergermaansk, troch taalkundigen rekonstruëarre op basis fan ûndersyk fan ’e ûnderskate Germaanske talen.

Der binne twa grutte ferskillen tusken it Oergermaansk en it Miengermaansk. It earste, en karakteristike ferskil is de klam. It Oergermaansk hie noch de fan it Yndo-Jeropeesk meikrigen frije klam, dy’t net in fêst plak yn in wurd hie mar wiksele neffens beskate regels. Dizze frije klam kin yn oare taalfamyljes noch weromfûn wurde; bygelyks yn it Gryksk is it trápeza (trep) mar trapézion (trepke). Yn it Miengermaansk wie dy frije klam feroare yn in fêste klam op it earste wurdlid.

De twadde feroaring, dy't spile yn likernôch de tiid fan it Miengermaansk wie de Germaanske lûdferskowing, dêr't in grut tal bylûden fan it Germaansk by fan útspraak feroaren. Ferlykje yn dit ferbân bygeyks it Latynske pater (“heit”), tu (“do”), decem (“tsien”) en clepo (“ik stel”), dat de sitewaasje sa’t dy yn it Yndo-Jeropeesk wie, wjerspegelet, mei it Goatyske fadar, þu, taíhun en hlifa (mei deselde betsjutting).

Yn ferhâlding ta de Oergermaanske perioade duorre de snuorje fan it Miengermaansk mar koart, nammentlik oant likernôch de earste ieu nei Kristus.

Oerlevering

De âldst bekende Germaanske ynskripsje is dy op ’e Helm fan Negau, mooglik út ’e twadde ieu f.Kr. Yn in noardlik Etruskysk skrift is dêrop skreaun: “hargasti teiwa”,. Oer de betsjutting dêrfan bestiet lykwols nochal wat ûnienichheid. Fierders binne oant ’e earste ieu nei Kristus allinne mar nammen en losse wurden oerlevere, útslutend troch Romeinske skriuwers, lykas Tacitus en Julius Caesar.

Ut lettere tiid binne Germaanske ynskripsjes yn it runeskrift, in alfabetysk skrift dat ûntstien liket te wêzen yn ’e earste helte fan ’e earste ieu nei Kristus en fan ’e komst fan it kristendom ôf ferfongen waard troch it Latynske alfabet.

Opsplitsing fan de taalkloften

Troch de fragmintaryske oerlevering is de fêststelling fan ’e opsplitsing fan ’e trije Germaanske taalkloften foar in grut part in hypotetyske saak. Oannaam wurdt dat it begjin fan de Germaanske taalkloften gearfoel mei't de Eastgermanen weiteagen út harren stamlannen yn súdlik en eastlik Skandinaavje. Nei it fuorttsjen fan ’e Eastgermanen hat der nei alle gedachten noch in hoart in Noard- en Westgermaanske ienheidstaal bestien. Op basis fan de fynst fan de Gallehus-hoarnen út de iere fiifde ieu, wurdt oannaam dat dizze lette foarm fan it Miengermaansk mooglik oant yn ’e fyfde ieu bestie. Op ien fan de hoarnen stiet namentlik: “ek hlewagastiR holtijaR horna tawido” (Ik, HlewagastiR, soan fan Holt, haw de hoarn makke; de letter ‘R’ stiet foar de efter yn ’e kiel útsprutsen r). Oant no ta is dêr net fan te sizzen of of dit spesifyk Noardgermaansk of Westgermaansk is, al wiist de foarm fan ’e h-rune op it Noardgermaansk. De tekst lit ek sjen dat it Eastgermaansk yn dy tiid al ôfskaat wie: yn it Goatysk fan dy tiid hie it “ik hliugasts hulteis haúrn tawida” west.