Postkoade: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: lez:Почтунин индекс
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: vec:Codice postale (deleted)
Rigel 87: Rigel 87:
[[uk:Поштовий індекс]]
[[uk:Поштовий індекс]]
[[ur:رمزِ ڈاک]]
[[ur:رمزِ ڈاک]]
[[vec:Codice postale]]
[[vi:Mã bưu chính]]
[[vi:Mã bưu chính]]
[[vls:Postnummer]]
[[vls:Postnummer]]

De ferzje fan 26 okt 2012 om 20.56

Ofbyld:Postcode book nl 1978.jpg
Postkoadeboek Nederlân, 1978 - ferspraat by yntroduksje postkoades. Op it ôfbyld is in postsortearmasine te sjen.

In postkoade is in rige fan sifers en of letters dy´t stean foar in gebiet of in (diel fan) in strjitte. De koade is bedoeld foar it maklik sortearjen fan post of adressebestannen. Yn Nederlân is de kombinaasje fan de postkoade mei it hûsnûmer in unyk gegeven.

Hoewol de postkoade yn it foarste plak ynfierd is foar it (automatysk) sortearjen fan post, wurdt de koade ek in soad brûkt by it selektearjen, oarderjen en ûntdûbeljen fan adressebestannen. Troch de bestannen út te wreidzjen mei oare data (bygelyks oer de soart wenten dy yn in postkoadegebiet foarkomme) kin sa'n bestân ek brûkt wurde foar marketing-doelen.

De postkoade is yn Nederlân yn 1977 ynfierd en bestiet dêr út fjouwer sifers en twa letters. De PTT hat destiids in ferskaat oan aksjes hâlden om de postkoades rûnom akseptearre te krijen. Sa waarden fergees postkoadeboeken útdield en fergees brievekaarten beskikber steld om de postkoade oan kunde kenber te meitsjen en der waarden spesjale postkoade-postsegels útjûn.

Tal adressen

Yn it begjin koe sels it lytste doarpke in eigen postkoade krije. No is de ûndergrins steld op 100 echte adressen. Dêrom hat Nij Altena koartlyn noch wol in eigen postkoade krigen, mar in doarp as De Skâns (Ned. Oostmahorn) net. By Feanwâldsterwâl is it wachtsjen op de grinskorreksje tusken de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel foardat it doarp in eigen postkoade kriget.

Keppeling om utens