Argusflinter: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.2) (Bot - oars: fr:Mégère (papillon)
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
Rigel 38: Rigel 38:
[[en:Lasiommata megera]]
[[en:Lasiommata megera]]
[[fi:Ruostepapurikko]]
[[fi:Ruostepapurikko]]
[[fr:Mégère (papillon)]]
[[fr:Lasiommata megera]]
[[gv:Donnag y voalley]]
[[gv:Donnag y voalley]]
[[lt:Gelsvamargis satyras]]
[[lt:Gelsvamargis satyras]]

De ferzje fan 16 okt 2012 om 21.22

Berjocht:Soarte De Argusflinter (Lasiommata megera) is in soarte yn it skaai fan de Muorrefoskes (Lasiommata)

Foarkommen

De Argusflinter komt yn Nederlân ferspraat foar. De flinter libbet op fariearde greiden mei iepen plakken by de sleatskant, diken en boskrânen lâns. De fersprieding is yn de rin fan de tweintichste ieu net folle feroare. De soart is yn de jierren njoggentich efterútgongen.

Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.

Flinter

De wjuklingte is 19 oant 25 mm. De Argusflinter is oan de boppekant fan de wjukken oranje. De eachplakken op de boppekant fan de efterwjuk binne swart op in oranje flak. Mantsjes hawwe in grutte swarte geurstreek op de boppekant fan de foarwjuk. It mantsje ferdigenet in territoarium. De Argusflinter is skrille flinter.

Fleantiid

De flinter kin sjoen wurde fan ein april oant begjin novimber. Hy is foaral te sjen fan 1 oant 15 juny en fan 5 oant 25 augustus. De Argusflinter fleant yn trije oerrinnende generaasjes.

Rûp

De rûp kin 25 mm lang wurde. It liif is blaueftich grien mei wite linen op de rêch en sydkant. De rûp oerwinteret as healwaaks rûp ferskûle yn in gerspôle. De groeiperioade fan de rûp leit tusken maart en oktober.

De rûp fret ferskillende soarten gers lykas Knopgers, Miedegers, Dúst, Fiter.

Sjoch ek

De Argusflinter