Beetstersweach: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L stikje red., mar net dien..
Rigel 9: Rigel 9:
| webstee = http://62.221.253.2/~tymo/Beetsterzwaag%20Digitaal/home.htm
| webstee = http://62.221.253.2/~tymo/Beetsterzwaag%20Digitaal/home.htm
}}
}}
'''Beetstersweach''' is it haadplak fan de gemeente [[Opsterlân]]. It doarp leit súd fan [[Drachten]]. Beetstersweach hat likernôch 3.531 ynwenners (2012). Der binne in iepenbiere skoalle (De Trime) en in kristlike basisskoalle (De Paedwizer). Skoalle Lyndensteyn is in mytyl- en tyltylskoalle foar spesjaal en fuortset ûnderwiis.
'''Beetstersweach''' is it haadplak fan de gemeente [[Opsterlân]]. It doarp leit súd fan [[Drachten]]. Beetstersweach hat likernôch 3.531 ynwenners (2012). Der binne in iepenbiere skoalle (De Trime) en in kristlike basisskoalle (De Paedwizer). Skoalle Lyndensteyn is in mytyl- en tyltylskoalle foar spesjaal- en fuortset ûnderwiis.

== Skiednis ==
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Lauswolt.jpg|thumb|''Lângoed [[Lauswolt]] yn Beetstersweach'']]
[[Ofbyld:Lauswolt.jpg|thumb|''Lângoed [[Lauswolt]] yn Beetstersweach'']]
Beetstersweach wie eartiids in foarnaam doarp troch de [[adel]] dy't it oansjen fan it doarp bepaalde. No noch hat it doarp dit karakter, mids de bosken en heidefjilden en mei in [[buorren (doarp)|buorren]] mei in soad histoaryske huzen en moai oanleine tunen. De buorren binne minstens trije-en-in-heale ieu âld en de histoaryske pannen binne stille tsjûgen fan de rike adel yn de 18e en 19e ieu. De foarfaar fan dy famyljes is [[Teije Eabels]] dy’t yn de earste helte fan de [[16e ieu]] yn [[Duerswâld]] wenne. Guon út syn neiteam waarden troch it grutgrûnbesit [[grytman]].
Beetstersweach wie eartiids in foarnaam doarp fanwege har [[adel]]ike bewenners. Ek no noch hat it doarp in foarneam karakter; mids bosken en heidefjilden en mei in soad histoaryske huzen en moai oanleine tunen yn de buorren. De buorren binne teminsten trije-en-in-heale ieu âld en de histoaryske pannen tsjûgje fan de rike adel yn de 18e en 19e ieu. In foarfaar fan dy aadlike famyljes is [[Teije Eabels]] dy’t yn de earste helte fan de [[16e ieu]] yn [[Duerswâld]] wenne. Guon út syn neiteam waarden troch it grutgrûnbesit [[grytman]].

Beetstersweach is in streekdoarp, ûntstien op in sânrêch dy ‘t fan Âld Beets oer Beetstersweach rjochting Drachten rint. It is fan’t westen, fan Beets út útgroeid ta in delsetting dêr ‘t adel en patrisiaat harren bûtens bouwe lieten. Yn 1622 neamde Pier Winsemius it : ''een clein dorp in zijn begrijp, tamelyck vruchtbaer, maer verciert met een schone wei behuysde ende bestrate gebuyrte''. Yn alle gefallen stienen dêr yn de twadde helte fan de [[17e ieu]] al fjouwer bûtens.
Beetstersweach is in [[lintdoarp]], ûntstien op in sânrêch dy ‘t fan [[Ald Beets]] oer Beetstersweach yn de rjochting Drachten rint. It is fan’t westen út, fan Beets ôf, útgroeid ta in delsetting dêr ‘t adel en patrisiaat harren bûtens bouwe lieten. Yn 1622 neamde Pier Winsemius it : ''een clein dorp in zijn begrijp, tamelyck vruchtbaer, maer verciert met een schone wei behuysde ende bestrate gebuyrte''. Yn alle gefallen stienen dêr yn de twadde helte fan de [[17e ieu]] al fjouwer bûtens.

=== 18e ieu ===
=== 18e ieu ===
Oan de ein fan de 18e ieu is De Sweach it fernaamste doarp en dêr stekt de 'Tegenwoordige Staat van Friesland' de loftrompet oer: “Beetsterzwaag, een aangenaam en vermaaklyk Dorp, is van rondom met allerlei geboomte beplant en heeft een zeer schoone en bestraate buurt, waarin vercheiden treflyke huizen gevonden worden, onder welke nogthans uitmunt het schoone gebouw, dat is gesticht door wylen den Heere Martinus Fokkens, weleer Grietman van Opsterland, staande op het Westeinde ten Noorden van de buurt. Niet verre van daar zag men ook, in voorige dagen, een schoon huis, voorzien met een ruim Hornleger, beplant met voortreflyke Eiken boomen, doch die voor weinige jaaren zijn uitgeroeid, terwyl ook ‘t huis zelf thans van zyn voorig aanzien versteeken is, het draagt den naam van oud Fokkens en tegen over ‘t zelve staat ook nog een aanzienlyk en aangenaam gebouw, dat weleer bewoond werd door den Heere Saco van Teiens, in leeven Gedeputeerde Staat ten Landsdage. Wylen de Raadsheer Ayso van Boelens heeft hier ook veele jaaren gewoond op een schoone plaats”.
Ein 18e ieu is De Sweach it fernaamste doarp fan de gritenij en dêr stekt de 'Tegenwoordige Staat van Friesland' de loftrompet oer: “Beetsterzwaag, een aangenaam en vermaaklyk Dorp, is van rondom met allerlei geboomte beplant en heeft een zeer schoone en bestraate buurt, waarin vercheiden treflyke huizen gevonden worden, onder welke nogthans uitmunt het schoone gebouw, dat is gesticht door wylen den Heere Martinus Fokkens, weleer Grietman van Opsterland, staande op het Westeinde ten Noorden van de buurt. Niet verre van daar zag men ook, in voorige dagen, een schoon huis, voorzien met een ruim Hornleger, beplant met voortreflyke Eiken boomen, doch die voor weinige jaaren zijn uitgeroeid, terwyl ook ‘t huis zelf thans van zyn voorig aanzien versteeken is, het draagt den naam van oud Fokkens en tegen over ‘t zelve staat ook nog een aanzienlyk en aangenaam gebouw, dat weleer bewoond werd door den Heere Saco van Teiens, in leeven Gedeputeerde Staat ten Landsdage. Wylen de Raadsheer Ayso van Boelens heeft hier ook veele jaaren gewoond op een schoone plaats”.

Yn 1788 stie de tsjerke al oan de noardkant fan de hjoeddeiske Haadstrjitte. Ek folle westliker, yn Ald Beets, stie in tsjerke. De elite keas benammen foar dizze kontreien om de rêst en de bosken. Leanen en fersprate boskjes fûn men doedestiids al yn Beetstersweach, mar fan it begjin fan de 18e ieu ôf, begûnen de grutgrûnbesitters bosken oan de plantsjen op de heide en mear rendearjende lânderijen. It doarp ûntwikkele him ta in eptich doarp foar de elite. By de âlde Hearenwei lâns wie yn de kearn sletten bebouwing ûntstien en oan de west- en eastkant stienen de bûtens yn farieard oanleine lânguodden.

Rigel 37: Rigel 37:
== Gebouwen ==
== Gebouwen ==
Beetstersweach kenmerket him benammen troch de moaie bosken.
Beetstersweach kenmerket him benammen troch de moaie bosken.
Ien fan de bekendste gebouwen is [[Lyndensteyn]]. Dit simmerferbliuw út [[1821]] fan de famylje Van Lynden is lettter troch de famylje ûnderbrocht yn de Corneliastifting. Dizze stifting, neamd nei de jong ferstoarne Cornelia fan Lynden, moast in gratis sikehûs foar Fryske bern yn stân hâlde. No wurdt it âlde hearehûs brûkt as revalidaasjesintrum.
Ien fan de meast opfallende gebouwen is [[Lyndensteyn]]. Dit simmerferbliuw út [[1821]] fan de famylje Van Lynden is letter troch de famylje ûnderbrocht yn de Corneliastifting. De stifting, neamd nei de jong ferstoarne Cornelia fan Lynden, moast in gratis sikehûs foar Fryske bern yn stân hâlde. No is it âlde hearehûs in revalidaasjesintrum.
Oare histoaryske gebouwen yn de haadstrjitte binne:
Oare histoaryske gebouwen yn de haadstrjitte binne:
* [[Bordena]] (1858)
* [[Bordena]] (1858)
Rigel 45: Rigel 45:
* [[Harinxmastate]]
* [[Harinxmastate]]
[[Ofbyld:Lycklamahuis.jpg|thumb|''Lycklamahûs yn Beetstersweach'']]
[[Ofbyld:Lycklamahuis.jpg|thumb|''Lycklamahûs yn Beetstersweach'']]
In pear hûndert meter út de beboude kom leit, tsjin de bosk oan, it lângoed Lauswolt dat no in hotel is, wêr't yn jannewaris 2007 de 'geheime' besprekkingen hâlden waarden foar de kabinetsformaasje. Yn Lauswolt sit it ferneamde restaurant 'De Heeren Van Harinxma'.
It lângoed Lauswolt, dat no in hotel is, wie jannewaris 2007 it plak dêr't de 'geheime' besprekkingen hâlden waarden foar de kabinetsformaasje. Yn Lauswolt sit it ferneamde restaurant 'De Heeren Van Harinxma'.

== Mienskip ==
== Mienskip ==

De ferzje fan 13 okt 2012 om 18.05

Beetstersweach
Flagge fan Beetstersweach Wapen fan Beetstersweach
Flagge Wapen
Lokaasje fan Beetstersweach
Gemeente Opsterlân
Ynwennertal (2012) 3531
Webstee http://62.221.253.2/~tymo/Beetsterzwaag%20Digitaal/home.htm

Beetstersweach is it haadplak fan de gemeente Opsterlân. It doarp leit súd fan Drachten. Beetstersweach hat likernôch 3.531 ynwenners (2012). Der binne in iepenbiere skoalle (De Trime) en in kristlike basisskoalle (De Paedwizer). Skoalle Lyndensteyn is in mytyl- en tyltylskoalle foar spesjaal- en fuortset ûnderwiis.

Skiednis

Lângoed Lauswolt yn Beetstersweach

Beetstersweach wie eartiids in foarnaam doarp fanwege har adelike bewenners. Ek no noch hat it doarp in foarneam karakter; mids bosken en heidefjilden en mei in soad histoaryske huzen en moai oanleine tunen yn de buorren. De buorren binne teminsten trije-en-in-heale ieu âld en de histoaryske pannen tsjûgje fan de rike adel yn de 18e en 19e ieu. In foarfaar fan dy aadlike famyljes is Teije Eabels dy’t yn de earste helte fan de 16e ieu yn Duerswâld wenne. Guon út syn neiteam waarden troch it grutgrûnbesit grytman.

Beetstersweach is in lintdoarp, ûntstien op in sânrêch dy ‘t fan Ald Beets oer Beetstersweach yn de rjochting Drachten rint. It is fan’t westen út, fan Beets ôf, útgroeid ta in delsetting dêr ‘t adel en patrisiaat harren bûtens bouwe lieten. Yn 1622 neamde Pier Winsemius it : een clein dorp in zijn begrijp, tamelyck vruchtbaer, maer verciert met een schone wei behuysde ende bestrate gebuyrte. Yn alle gefallen stienen dêr yn de twadde helte fan de 17e ieu al fjouwer bûtens.

18e ieu

Ein 18e ieu is De Sweach it fernaamste doarp fan de gritenij en dêr stekt de 'Tegenwoordige Staat van Friesland' de loftrompet oer: “Beetsterzwaag, een aangenaam en vermaaklyk Dorp, is van rondom met allerlei geboomte beplant en heeft een zeer schoone en bestraate buurt, waarin vercheiden treflyke huizen gevonden worden, onder welke nogthans uitmunt het schoone gebouw, dat is gesticht door wylen den Heere Martinus Fokkens, weleer Grietman van Opsterland, staande op het Westeinde ten Noorden van de buurt. Niet verre van daar zag men ook, in voorige dagen, een schoon huis, voorzien met een ruim Hornleger, beplant met voortreflyke Eiken boomen, doch die voor weinige jaaren zijn uitgeroeid, terwyl ook ‘t huis zelf thans van zyn voorig aanzien versteeken is, het draagt den naam van oud Fokkens en tegen over ‘t zelve staat ook nog een aanzienlyk en aangenaam gebouw, dat weleer bewoond werd door den Heere Saco van Teiens, in leeven Gedeputeerde Staat ten Landsdage. Wylen de Raadsheer Ayso van Boelens heeft hier ook veele jaaren gewoond op een schoone plaats”.

Yn 1788 stie de tsjerke al oan de noardkant fan de hjoeddeiske Haadstrjitte. Ek folle westliker, yn Ald Beets, stie in tsjerke. De elite keas benammen foar dizze kontreien om de rêst en de bosken. Leanen en fersprate boskjes fûn men doedestiids al yn Beetstersweach, mar fan it begjin fan de 18e ieu ôf, begûnen de grutgrûnbesitters bosken oan de plantsjen op de heide en mear rendearjende lânderijen. It doarp ûntwikkele him ta in eptich doarp foar de elite. By de âlde Hearenwei lâns wie yn de kearn sletten bebouwing ûntstien en oan de west- en eastkant stienen de bûtens yn farieard oanleine lânguodden.

19e ieu

Lyndensteyn yn Beetstersweach

Doe ‘t yn 1804 in nije tsjerke boud wurde koe, kaam dy wer op itselde plak, efter de bebouwing fan de Haadstrjitte. De tsjerke is in kloeke, ienfâldige sealtsjerke, mei in trijekantich koar en in toer mei in achtkantige spits en in liedklok út 1739. Yn de 20e ieu is der in konsistoarje bij oanboud.

Oan de westkant fan de Haadstrjitte stiet it út 1839 datearjende neoklassisistyske, eardere gritenijhûs dat yn 1909 ferhege is foar it kantongerjocht. Noch westliker stiet Fockensstate, in neitins oan de âldste fêstiging fan de elite. De âlde Fockensstate waard yn 1878 ôfbrutsen om dêrfoar yn it plak in foarein fan in pleats, nei in ûntwerp fan Luitje de Goed, del te setten. Dêr yn ‘e buert is yn 1822 Lyndenstein boud, dat letter in bernesikehûs waard en dêrta yn 1917 ferboud waard. It bûten hie in oertún fan Lucas Roodbaard.

Oan de eastlike flank fan de Haadstrjitte stiet it yn 1824 stichte Lycklamahûs mei in koetshús, dat ferskate kearen feroare is en no diel útmakket fan it gemeentehûs. Ek by dit aadlike hûs hearre tunen; yn de oertún steane kassen út de 19e ieu. Troch de frij sletten lintbebouwing fan de Hoofdstraat ha de útwreidings fan nei de oarloch – earst yn it suden en letter grutskaliger yn it noarden – ferbinings krigen dy ‘t in steech-karakter ha. Sa liket is dat de fariearde bebouwing amper ûnderbrutsen is.

20e ieu

Harinxmastate

Bûten de kom fan it doarp lizze, de eastkant út, Harinxmastate, dat noch altyd yn famyljebesit is en Huzinge Olterterp, it haadkantoar fan It Fryske Gea. Se lizze, krektlyk as Lauswold yn wrydske parken. Lauswold hat in fername, deftige hoarekafunksje krigen Yn de earste wike fan 2007 kaam it doarp ynienen prominint yn it nijs trochdat der formaasje besprekkingen foar it nije kabinet hâlden binne tusken CDA, PvdA en de ChristenUnie. Jan Peter Balkenende, Wouter Bos en André Rouvoet oerleinen dêr efter tichte doarren op lângoed Lauswolt ûnder lieding fan ynformateur Herman Wijffels.

Gebouwen

Beetstersweach kenmerket him benammen troch de moaie bosken. Ien fan de meast opfallende gebouwen is Lyndensteyn. Dit simmerferbliuw út 1821 fan de famylje Van Lynden is letter troch de famylje ûnderbrocht yn de Corneliastifting. De stifting, neamd nei de jong ferstoarne Cornelia fan Lynden, moast in gratis sikehûs foar Fryske bern yn stân hâlde. No is it âlde hearehûs in revalidaasjesintrum. Oare histoaryske gebouwen yn de haadstrjitte binne:

Lycklamahûs yn Beetstersweach

It lângoed Lauswolt, dat no in hotel is, wie jannewaris 2007 it plak dêr't de 'geheime' besprekkingen hâlden waarden foar de kabinetsformaasje. Yn Lauswolt sit it ferneamde restaurant 'De Heeren Van Harinxma'.

Mienskip

Berne in Beetstersweach

Wenjend yn Beetstersweach

Harinxmastate yn Beetstersweach

Ferieningen

Befolking

Strjitten

Alle strjitten yn Beetstersweach.

Sjoch ek

Bouwurken

Byldzjende keunst

Keppeling om utens