Sistersjinzers: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: lb,vec,zh,pl,he,fr,es,hu,li,gl,et,de,ja,sc,simple,ga,nl,sv,pt,eo,ru,en,ro,no,ca,uk,la,be-x-old,cy,sl,cs,fa,hr,gv,da (strongly connected to fy:Bernardinen)
L kat. oars
Rigel 24: Rigel 24:
{{Commonscat|Cistercians}}
{{Commonscat|Cistercians}}


[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Kleasteroarder]]


{{Link FA|fr}}
{{Link FA|fr}}

De ferzje fan 12 okt 2012 om 18.57

Wapen fan de kleasteroarder
Abdij fan Cîteaux

De kleasteroarder fan sistersjenzers is oprjochte yn it Frânske Cîteaux yn 1098 troch Robert fan Molesme.

De oanlieding wie oangeande ferflakking yn de neifolging fan de Regel fan Benediktus yn de Frânse benediktineskleasters, benammen yn de Abdij fan Cluny. Nei de Latynske namme foar Citeaux - Cistercium - waarden dizze kleasterlingen sistersjenzers neamd.

Ien fan de dochterkleasters fan Cîteaux wie Clairvaux, dêr't yn 1115 in jonge Boergondyske ealman, Bernardus fan Fontaines, dy't trije jier dêrfoar mei in groep jonge famyljeleden yntreden wie, ta abt keazen waard. As Bernard fan Clairvaux waard hy in foaroansteand geastlike. De sistersjenzers wurde dan ek wol bernardinen neamd, en de sistersjenzerinnen bernardinen.

By de dea fan Bernard fan Clairvaux yn 1153 telde de oarder al mear as 300 kleasters, meastentiids yn ûnherberchsume streken, dêr't men libbe ûnder grutte ûntbearings. Dy geweldige ekspânsje sluet ek in begjin fan ferfal yn him en nei 1300 kaam in drege tiid. De froulju namen lykwols de fakkel oer en de 13e ieu wwaard de Gouden Ieu fan de monialen (= froulike oarderleden).

De sistersjenzerinnenabdij fan Herkenrode wie de earste en mei de tiid de grutste foar froulike sistersjenzers. Wylst yn harren kleasters it ynderlik libben en de mystyk bloeiden, kamen de manljusabdijen ta rykdom, benammen besteande út grûneigendom troch lânûntginning. Muontsen fan de Abdij Us Leaffrou Ten Duinen yn Koksijde en de Abdij fan Boudelo yn Klein-Sinaai hawwe bygelyks grutte dielen fan it Lân fan Hulst yn Sieusk-Flaanderen ynpoldere. Yn Rotselaar stie de abdij Vrouwenpark, dêr't ûnder oare de Béatrysleginde him ôfspilet.

Oan de ein fan de 12e ieu waarden de earste sistersjenzerkleasters yn Nederlân stifte. Om 1160 waard it kleaster Klaarkamp by Rinsumageast stifte, om1188 hinne kaam der in dochterkleaster by Boalsert, it letere Kleaster Blomkamp. Letter folge Aduard (1192). Sjoch ek Kleasterkaart Grinslân.

De prealsucht naam, doe't de ekonomy yn West-Europa opbloeide, hieltiten gruttere dffoarmen oan (sjoch ek Habyt fan sistersjenzerinnen). Omdat Jezus, neffens Matteüs 10:9, oer frijwillige earmoede fan syn apostels sprutsen hie, ûntstie tsjin dizze tastân protest dat liede ta de stifting fan herfoarmingsbewegingen binnen de oarder. Dizze rjochten har ûnder oare tsjin it ferskynsel, dat ynstee fan keazen abten saneamde 'commendataire abten' oan it haad fan it kleaster kamen. Sokke abten wienen persoanen dy't de abdij kocht hienen en dy't men eins nea seach yn it kleaster. Dat late ta geastlik ferfal, bygelyks omdat troch de ôfwêzigens fan in abt de regeltucht in soad te winskjen oerliet.

Trappisten

Ofskieden fan de sistersjenzers binne de trappisten - se libje neffens de strangere regel, de saneamde strikte observânsje, en foarmje in selsstannige oarder. Ek yn de sistersjenzer oarder kaam it sa stadichoan wer ta in stranger libben en in útwurke spiritualiteit. De beneaming trappisten is ôflieden fan it Frânske kleaster La Trappe dêr't abt Armand Jean le Bouthillier de Rancé yn 1664 strange regels ynstelde dy't op oare plakken neifolging krigen. Yn 1892 is foar de lêste kear besocht om sistersjenzers en trappisten wer yn ien Oarder te ferienjen, mar om'e nocht. In de Lege Lannen hawwe de trappisten de sistersjenzers benefterlitten. Neist fiif trappistenkleasters (Berkel-Enschot, Sundert, Diepenveen, Echt en Tegelen) is der yn Nederlân mar ien sistersjenzerabdij, abdij Mariënkroon yn Nieuwkuijk. Frij bekend is ek de Belgyske trappisten-abdij fan Westmalle.

Keppeling om utens

Berjocht:Link FA