Heidelberch: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: uz:Heidelberg
L r2.7.3) (Bot - oars: eo:Heidelberg
Rigel 59: Rigel 59:
[[el:Χαϊδελβέργη]]
[[el:Χαϊδελβέργη]]
[[en:Heidelberg]]
[[en:Heidelberg]]
[[eo:Hejdelbergo]]
[[eo:Heidelberg]]
[[es:Heidelberg]]
[[es:Heidelberg]]
[[et:Heidelberg]]
[[et:Heidelberg]]

De ferzje fan 7 okt 2012 om 14.30

Heidelberch
Lân Dútslân
Dielsteat: Baden-Wúrtemberch
Krite: Kreisfreie Stadt
Ynwennertal 145.642 (2008)
Oerflak: 108,83 km²
Koördinaten: 49° 25' NB, 08° 43' EL
Webside: www.heidelberg.de

Heidelberch is in stêd yn de Dútske dielsteat Baden-Wúrtemberch. Der wenje 145.642 minsken (2008). De stêd is bekend om syn histoaryske sintrum en universiteit. De winkelstrjitte yn it sintrum tusken Bismarckplatz en it Heidelberger Schloss is 1,6 kilometer lang.

Skiednis

De stêd waard yn 1196 foar it earst yn offisjele dokuminten neamd. Yn 1386 waard yn Heidelberch de Ruprecht-Karls-Universität stifte, de âldste universiteit fan Dútslân.

Yn de earste helte fan de 16e begjint de Reformaasje yn it súdwesten fan Dútslân. Yn 1563 ferskynd yn Heidelberch de Heidelberchske Katechismus en yn 1572 de earste Dútske oersetting fan "Institutio Christianae Religionis", it wichtichste wurk fan Jehannes Kalvyn.

Yn de Twadde Wrâldkriich is de stêd net bot skeind troch bombardeminten.

Nijsgjirrich

"De Alde Friezen" is in liet skreaun troch Eeltsje Halbertsma en foar it earst publiseare yn de twadde printinge fan "De Lapekoer fen Gabe Skroor", yn 1829. By de meldije, dy't efteryn it boek opnaam is, stiet gjin komponist, mar it is de meldije fan "Vom hoh'n Olymp" fan Heinrich Christian Schnoor, dat Halbertsma faaks leard hat yn de tiid dat er studint wie yn Heidelberch.

Berne yn Heidelberch

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Heidelberch fan Wikimedia Commons.