Revolúsjejier 1848: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: lb:Fréijoer vun de Vëlker
Vagobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: el:Άνοιξη των λαών
Rigel 44: Rigel 44:
[[da:Revolutionerne i 1848]]
[[da:Revolutionerne i 1848]]
[[de:Revolution von 1848/49]]
[[de:Revolution von 1848/49]]
[[el:Άνοιξη των λαών]]
[[en:Revolutions of 1848]]
[[en:Revolutions of 1848]]
[[eo:Revolucio de 1848]]
[[eo:Revolucio de 1848]]

De ferzje fan 19 sep 2012 om 13.35

Fjochterij yn Berlyn op 19 maart 1848
Galician slaughter by Jan Lewicki (1795-1871), (was a massacre of Polish nobles by Polish peasants in Galicia between early 1846 and late 1848.)

Revolúsjejier 1848 is de namme fan in rige opstannen dy't harren yn 1848/1849 yn grutte parten fan Europa foardienen. Doel fan de opstannen wie de ynstelling fan in liberaal polityk systeem, it mooglik meitsjen fan in liberale grûnwet of it ferdriuwen fan frjemde oerhearskers.

Hoewol't de beweging man 1848 mar koart duorre en in protte fan de ôftwongen maatregels letter weromdraaid waarden, hienen de opstannen dochs grutte ynfloed op de neifolgjende perioade.

Utsûnderingen

Grut Brittanje, Nederlân, Ruslân (mei it Poalen fan it Poalsk Kongres) en it Ottomaansk Keizerryk wien de iennichste gruttere Jeropeeske steaten dêr't net fan in nasjonale revolúsje sprutsen wurde koe. De Skandinayske lannen rekke it feitlik net. It Prinsdom Servje, dat offisjeel net rekke waard fan revolúsje, joech wol aktyf help oan de Servyske revolúsje yn it Habsburchske Keizerryk. [1]

Yn Grut Brittanje koe it grutste part fan de middenklassen tefreden holden wurde mei de Reform Act fan 1832, mar wol nei reboelje en geweld fan de Chartiste beweging mei as hichtepunt de petysje oan it Parlemint yn 1848. Hoewol't de Ierske befolking sawat desimearre wie troch de Grutte Hongersneed, ûntstie der in opstân fan jonge Ieren tsjin it Britske bewâld yn 1848, mar dat koe rimpen delbêde wurde.

Switserlân waard ek sparre yn 1848, hoewol't it krekt in boargeroarloch efter de rêch hie. Mei de ynfiering fan de Federale Grûnwet yn 1848 waard dêr de basis lein fan it Switserlân fan no.

Oarsprong

De revolúsjes fan 1848 hawwe in ferskaat fan oarsaken en binne net it gefolch fan ien gearhingjende beweging of sosjaal ferskynsel. Yn de earste helte fan de 19e ieu wienen der in mannichte feroarings yn de Jeropeeske maatskippij west. Sawol radikale as liberale politisy wienen dwaande mei it opnij stal jaan fan de nasjonale oerheden. Technologyske feroaringen (stoommasine, yndustrialisaaje) laten ta nije ûntwikkelingen yn it libben fan de gewoane man. De parse fergrutte it wit hawwen fan politike saken, nije wearden en ideeën sa as it liberalisme, nasjonalisme en sosjalisme ûntstienen yn dy tiid. Dan hie men te krijen mei in rige ekonomyske tsjinfallers en tsjinjierren yn de lânbou, benammen dy yn 1846, dy't sels late ta hongersneed ûnder lytse boeren en earme arbeiders yn de stêden.

Ek in wichtich part fan de adel wie ûntefreden oer de keninklik absolutisme of wat dêr tichteby kaam. Yn 1846 wie er reboelje ûnder de Poalske adel yn Eastenryksk Galysje, dy't allinne keard wurde koe doe't boeren tsjin de adel fanwegen kamen.[2] Yn Poalen kaam dêr noch de Opstân fan Grut Poalen yn 1846 tsjin Prusen foar mear demokrasy by.

Dêrnei begûn de middenklasse fan boargers him te warren. Nettsjinsteande Karl Marx en syn neifolgers harren aspiraasjes, beskreaun yn it Kommunistysk Manifest (Dútslân, 1848), wie der mar bytsje solidariteit ûnder de arbeiders en wienen hja amper organisearre.

Sawol de legere middenklasse as de arbeidersklasse woe herfoarmingen. Dit langstme kaam ta útdrukking yn de revolúsjes fan 1848. De middenklasse joech de oanset, mar de gewoane man waard meast it slachtoffer. De opstannen setten útein yn de stêden.

Thorbecke

Nederlân

Nederlân wie yn 1848 relatyf polityk net genôch ûntwikkele om in revolúsje mooglik te meitsjen, hoewol't kening Willem II neat witte woe fan hokker grûnwetswiziging ek, dy't syn soevereine macht besocht te beheinen. Hy wie lykwols deabenaud dat er sels slachtoffer wurde soe fan in revolúsje, lykas ferskate foarsten yn Jeropa al oerkaam wie, dat hy ferklearre foar syn ministers oer dat er yn ien nacht fan konservatyf liberaal wurden wie. Op 3 novimber waard in nije grûnwet ynfierd, in ûntwerp Under de lieding fan Johan Rudolph Thorbecke. Dizze nije grûnwet, dy't útsein wat lytse oanfollinge noch altyd de Nederlânske grûnwet is, makke in ein oan de persoanlike regearmacht fan de kening en fierde de keninklike ûnskeinberens yn. Tenei wienen de ministers ferantwurdlik foar harren belied en net de kening.

Belgje

Yn Belgje wienen benammen Brussel en Gint ûnder ynfloed fan de Frânske Febrrewarisrevolúsje it toaniel fan reboelje. It regear raegearre lykwols kalm en sette in stikmannich frjemdlinger dy't net winske wienen - ûnder oaren Karl Marx, waans Kommunistysk Manifest yn febrewaris 1848 publisearre wie - it lân út. De liberalen wûnen by de parlemintsferkiezingen fan juny, mar fierders bleau it rêstich yn Belgje, wat de posysje fan it regear en it oansjen fan it lân ferstevige.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.ohiou.edu/~Chastain/rz/serbvio.htm
  2. Robert Bideleux and Ian Jeffries, A History of Eastern Europe: Crisis and Change, Routledge, 1998. ISBN 0-415-1611-8. p. 295 – 296.