Gävle: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: li:Gävle
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - fuort: fi:Gävlen kunta
Rigel 55: Rigel 55:
[[et:Gävle]]
[[et:Gävle]]
[[fa:یوله]]
[[fa:یوله]]
[[fi:Gävlen kunta]]
[[fr:Gävle]]
[[fr:Gävle]]
[[frr:Gävle]]
[[frr:Gävle]]

De ferzje fan 10 sep 2012 om 11.25

Gävle
It stedhûs
It stedhûs
Polityk
Lân Sweden
Provinsje Gävleborgs län
Sifers
Ynwennertal 95.055 (2011)
Oerflak 41,79 km²
Befolkingsticht. 1.644 / km²
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid (UTC+2)
Offisjele webside
www.gavle.se
Rivier Gavlän yn it Gävlepark

Gävle (ek wol as Gevle skreaun) is in Sweedske stêd yn it lânskip Gästrikland en de provinsje Gävleborgs län. It is de haadstêd fan dy provinsje en ek fan de gemeente Gävle. Gävle leit 200 km benoarden Stockholm. Sûnt 1966 wurdt alle jierren wurdt yn de Krysttiid, yn it stedssintrum, in grutte bok fan strie oprjochte: de Gävlebok. De bok wurdt benei elts jier út baldiedigens yn'e brân stutsen.

De Gävlebok yn 2009

Yn 1446 krige de stêd stedsrjochten fan kening Kristoffel III fan Denemark, dat it is ien fan de âldste stêden fan Norrland. Yn it ferline wie de haven fan belang foar de houteksport, no is it in opslachplak foar ierdoalje.

Geografy

Gävle leit oan de Eastsee, oan de mûning fan de Gävle, de Testeborivier en by de mûning fan de rivier Dalälven. It klimaat is te fergelykjen mei dat fan de rest fan Midden-Sweden, mei trochstrings teperaturen fan -5 °C yn jannewaris en 17 °C yn july. De delslach is sa'n 600 mm it jier.

Ferneamde lju út Gävle