Anna fan Kleef: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Bewurkings fan "JYBot" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "MerlIwBot".
L r2.7.2) (Bot - oars: ca:Anna de Clèveris
Rigel 19: Rigel 19:
[[br:Anna von Jülich-Kleve-Berg]]
[[br:Anna von Jülich-Kleve-Berg]]
[[bs:Ana Klevska]]
[[bs:Ana Klevska]]
[[ca:Anna de Clèves]]
[[ca:Anna de Clèveris]]
[[cy:Anne o Cleves]]
[[cy:Anne o Cleves]]
[[cs:Anna Klevská]]
[[cs:Anna Klevská]]

De ferzje fan 9 sep 2012 om 21.45

Portret troch Hans Holbein de Jonge
Anna fan Kleef

Anna fan Kleef (Düsseldorf, 22 septimber 1515Hester Castle, 16 july 1557) wie keninginne fan Ingelân yn 1540. SE wie de fjirde frou fan Hindrik VIII.

Hindrik boaske Anna, dochter fan hartoch Johan III fan Kleef (de lieder fan de Dútse protestanten) út politike oerwegingen op 6 jannewaris 1540. Hy socht in (fjirde) frou en hie foar dat doel syn adviseur Thomas Cromwell de Europeeske hôven lâns stjoerd. Hans Holbein makke in fraai portret fan Anna. Doe't Hindrik har yn it echt seach foldie se net oan syn ferwachtings (it portret dat hy te sjen krige is itselde dat hjir ôfbylde is). Nei't sein waard biet hy Cromwell ta dat dy him in 'Flaamsk hynder' op syn dak stjoerd hie. Hindrik, dy't syn lêste frou Jane Seymour koart nei de berte fan harren soan Eduard begrave moatten hie, koe lykwols net mear ûnder dit houlik út. It betsjutte de politike ûndergong fan Cromwell.

De Frânse ambassadeur beskreau har as 'midsmjittich moai'. Se hie brede heupen mar noch út har portret noch út ferklearrings fan tiidgenoaten falt op te meitsjen dat se ûnsjoch wie.

Sa boaske de Ingelske kening mei spyt yn it hert. It houlik hâlde net lang stân. Hindrik liet him al yn juny fan datselde jier fan har skiede. Anna krige in riant jierjild en beskikking oer meardere huzen: Hever Castle (de eardere wenning fan Anna Boleyn), Blenchingly Castle en Richmond Castle. Boppedat krige hja de titel 'suster fan de kening' en waard se in graach sjoene gast oan it hof. Har opfolchster wie Catharina Howard.