Catania (stêd): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JYBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - oars: el:Κατάνια
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: kk:Катания
Rigel 62: Rigel 62:
[[ja:カターニア]]
[[ja:カターニア]]
[[ka:კატანია]]
[[ka:კატანია]]
[[kk:Катания]]
[[ko:카타니아]]
[[ko:카타니아]]
[[ku:Catania]]
[[ku:Catania]]

De ferzje fan 13 aug 2012 om 17.41

Katedraal fan Catania
Catania

Catania is de op ien nei grutste stêd fan Sisylje, lizzend op de eastkust fan it eilân. It is de haadstêd fan de provinsje Catania. Yn 2005 hie de stêd mear as 307.000 ynwenners. De stêd leit oan de foet fan de Etna, de aktive fulkaan sa'n 30 kilometer benoarden de stêd. Sint-Agatha is de beskermhillige fan de stêd.

De stêd hat in kommersjele haven, in ynternasjonaal fleanfjild, Catania-Fontanarossa, en in treinstasjon. Yn 1999 is it earste diel fan de metro fan Catania tusken de stasjons Borgo en Porto yn gebrûk nomd. Fierders hat Catania de measte teaters fan it eilân. Der binne in protte profesjonel teatergroepen, mar ek amateur-teatergroepen, yn de stêd.

De komponist Vincenzo Bellini is yn 1801 yn Cataniaberne berne en de byldhouwer Emilio Greco yn 1913. De hjoeddeiske populêre sjongers Mario Venuti, Carmen Consoli, en Patrizia Laquidara komme ek út Catanis.

It histoaryske stedssintrum stiet sûnt 2002 mei acht oare barokke stêden yn de Val di Noto op de Wrâlderfguodlist fan UNESCO.

Berne

Keppeling om utens

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Catania