Fjetnam: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
TjBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: ksh:Vijätnamm
JYBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - oars: ksh:Vietnam
Rigel 161: Rigel 161:
[[ko:베트남]]
[[ko:베트남]]
[[krc:Вьетнам]]
[[krc:Вьетнам]]
[[ksh:Vijätnamm]]
[[ksh:Vietnam]]
[[ku:Viyetnam]]
[[ku:Viyetnam]]
[[kv:Вьетнам]]
[[kv:Вьетнам]]

De ferzje fan 11 aug 2012 om 07.44

Cộng Hòa Xã Hội Chủ Nghĩa Việt Nam
Flagge fan Fjetnam Wapen fan Fjetnam
Flagge Wapen
Lokaasje fan Fjetnam
Offisjele taal Fietnameesk
Haadstêd Hanoi
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
329.560 km²
1,3­%
Ynwenners (2005) 83.535.576
Munt Dồng (VND)
Tiidsône UTC +7
Nasjonale feestdei 2 septimber
Lânkoade VNM
Ynternet .vn
Tillefoan 84

Fietnam is in lân yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Hanoi en de president fan de republyk is sûnt 1997 Tran Duc Luong.

Geografy

Lizzing

Fietnam wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Ban Giok Wetterfallen yn it noarden fan Fietnam

Fietnam beskikt oer sânstrannen, berchwâlden en in protte kultuermoniminten. Oan de Golf fan Tongking leit de delta fan de Reade- en Swarte Rivier. Te suden hjirfan leit Annam, it sintrale diel fan Fietnam, dat foarme wurdt troch in langhalige kuststripe dy't op him smelst amperoan 40 km breed is. Noch fierder nei it suden leit de 70.000 km² grutte Mekong-delta. As gefolch fan in lange reintiid binne de kustgebieten bedekt mei tropyske reinwâlden en mangrovebosken.


Klimaat

Yn Fietnam komme trije klimatensônes foar. It suden fan Fietnam hat in tropysk klimaat, trochsneed is it dêr 32 °C. Fan juny ôf oant en mei septimber is it dêr it reinseizoen. Meastentiids falle der dan op de ein fan de middei swiere reinbuien. It oare part fan de dei is dêr droech. Yn it midden fan it lân rint it reinseizoen fan septimber oant novimber. Alle jierren wurdt Fietnam in kear of acht troffen troch in tyfoon. In tyfoon doare meastal twa oant fjouwer en binne it faakst yn juny oant oktober. Yn it noarden is it klimaat koeler. Yn de berchgebieten friest it sels het zelfs in de herfst. Yn de simmer moannen is it waarm en falle der swiere reinbuien.

Skiednis

Foar it begjin fan de jiertelling wie yn it noarden fan it tsjintwurdige Fietnam, yn de delta fan de Reade rivier, in keninkryk neamd "Nam Fiet", wat lân fan it suden ynhâldt. Dat keninkryk foel sawat tûzen jier (111 f. Kr.-939 n. Kr.) ûnder Sineeske hearskippij. Yn de 10e ieu waard troch Fietnameeske opstannelingen in ein makke oan dat bewâld en ûntstie in eigen steat. Twastriid tusken twa wichtige famyljes soarge derfoar dat yn de 15e ieu it lân midstwa opdield waard yn noard en súd. Pas yn 1802 mei help fan de Frânsken waard it lân werienige. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it lân ferdield yn in kommunistysk regeard Noard-Fietnam en in diktatoriaal regeard Súd-Fietnam. De Fietnamoarloch (1957-1975) einige mei in machtsoername troch de Fietkong yn Súd-Fietnam en de weriening ûnder kommunistysk bewâld. De ynminging fan Fietnam yn Kambodja yn 1979 late ta in wapene konflikt mei Sina.

Demografy

Befolking

De befolking fan Fietnam is konsintrearre yn de twa wichtige rivierdelta's, dêr't de etnyske Fietnamezen mei 85% fan grutste groep fan foarme. Yn totaal binne yn it lân om-ende-by 50 minderheidsgroepen, dy't foaral yn de heechlânnen libje, û.o. de Muong, Tai, Hmong, Dao, Sedong, Jarai, Bahnar, Rhade, Sjam en noch in grut tal lytsere groepen. Yn de stêden wenje grutte tallen Sinezen.

Taal

Yn Fietnam wurdt Fietnameesk sprutsen as offisjele taal. Dizze taal waard oant en mei de 17e ieu skreaun mei in op it Sineesk likend skrift. Troch de Frânske Jezuïet Alexandre de Rhodes waard yn de 17e ieu it Westerske alfabet yntrodusearre.

Religy

Yn Fietnam wurdt in grut ferskaat oan religys oanhongen, dêr't it boedisme de grutste godstsjinst fan foarmet. Oare leauwen binne it konfusianisme, tradysjonele lokale leauwen en it kristendom, fral de Roomsk-Katolike Tsjerke. ak:Vietnam